Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

toneeluitgeverijvink.nl
from toneeluitgeverijvink.nl More from this publisher
07.02.2013 Views

POTASCH & PERLEMOER YN TEKSTYL F 30 Klucht yn trije bedriuwen troch, Montague Glass. Nederlandse versie Hans Boskamp, oersetting yn it Frysk troch, Alle Geart Hof, 5 froulju en 11 mânlju. Op 19 juny 1915 makke it Nederlânske publyk yn it Skeveningse Seinpost teater kennis mei Potasch en Perlemoer. It stik waard in grut sukses en it krige in goede pers. De skiednis herhelle him yn de jierren fyftich mei Johan Kaart en Johan Boskamp yn de haadrollen. De akteurs spilen it stik oant en mei 1965. Potash en Perlemoer twa ieuwich spul meitsjende kompanjons mei in hert fan goud. Nettsjinsteande alle swierrichheden dy’t se meielkoar hiene, koene de twa Joadse hannelers net sûnder inoar. Al wie it allinne mar om te bekfjochtsjen.., in dei net fûterje wie in dei net libje. Potasch en Perlemoer is gjin klucht en ek net samar in blijspul. It Joads folkstoaniel mei in protte laitsjen en in inkele trien en... mei Jiddyske humor! IN FRJEMD STEL (THE ODD COUPLE) F 11 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 froulju, 2 mânlju It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr ‘t in groep freondinnen elke freedtejûn byelkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinnich rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noadicht Olive har út om salang by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, bin nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net, en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige, stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy ‘t yn it selde gebou wenje. Olive hat har sinnen op de beiden manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Ut einlings is by Olive de maat fol en se set Florence derút. Hoe kin it ek oars as dar Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as... de beide Spaanske broers. Dit is de froulju ‘s fersy fan de ferneamde, en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon, grôtfol izersterke dialogen REITZE RUBBER 1 (IT STIK) It stik fleurich depressyf yn drei bedriuwen, skriuwer Jan Schokker, 6 froulju, 3 mannen Hoe't it krekt kaam is, dat Reitze yn auto's hannelt witte wy net, mar it sil syn kar net west ha. Yn elts gefal hat hy syn nocht fan de autoprakke en no't syn frou der ek al út is, is 't hielendal neat mear. In bytsje sinne bringt it famke, dat no boppe in keamer hiert. Foar it famke is der oars net folle oan, want Reitze is wat min yn te skatten. Ek foar syn ienichste personielslid, Lubbe. Dy kriget ek gjin hichte fan dizze labyle hufter, al kin hy him al jierren. Reitze lit it net skine, mar hy is der mei oan en set in adfertinsje foar in frou. Hy kin net sûnder, mar wat krije jo dan oer de drompel. Yn dit gefal froulju dy't ek yn de knoop sitte. De minsken sille der wol om laitsje, mar al dizze karakters binne sa depressyf as in wiete polder. Sels de eks-frou, Gondje en de belestingman en ek de buorfrou. Allinne Tub, de keamerhierster hat noch wat blierens. Als hat se it praat fan har beppe. It heart allegear wat dramatysk, mar it is fleurichdepressyf. FAMYLJE? HOEDATSA!? (HOEZO FAMILIE?) F 22 In klucht fan Edwin Woons, yt it Frys bewarke troch Alle Geart Hof, 6 froulju en 3 manlju Frelle Emma sit oan de latten…Se hat der altyd rom fan libbe, mar op dit stuit rinne har de skulden folslein út de hân, sels de romme finansjele stipe dy’t se alle moannen kriget fan har muoike Lys út Nij-Seelân wei, kin har eins net mear rêde. Dêr komt noch by, dat muoike fan doel is del te kommen, útfanhûzje dus… Dit bringt de hiele boel yn ûnstjoer, want de frelle hat nochal oant opsnijen west yn har brieven nei muoike ta. Se hat in komplete húshâlding byelkoar fantasearre, wylst se gjin man hat…gyb soan hat… gjin húsfeint hat… mar muoike de âldfrinzige âld faam tinkt ien en oar te treffen! Hoe sil frelle Emma har hjir útrêde? Dat is der in koers útnaait kinne jim fan ’t tinken wol ha. ALD GRIEN MÂL GRIEN (A BIRD IN THE HAND) In komeedzje yn twa bedriuwen fan Derek Benfield, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 6, froulje, 4 mânlju Markus Donia syn frou Tine hie al foargoed ôfskie nommen fan har man 299 en wie ôfstutsen. As it doek iepen giet is Tine oan’t weromkommen, mar Markus wol har der eins net wer yn ha. Markus hie al mei syn freon de ferhurde frijfeint Harryt skille en se hiene al ôfspraakjes makke mei jeuchlike kollega’s fan it wurk ( froulike fansels ) om by Markus endy thús in feestje te bouwen. Mar ja, ynienen stiet Tine dêr wer en net allinne. Se hat in sekretaresse foar har skriuwwurk by har. De jeuchlike frommiskes binne net mear ôf te skiljen, want se binne al ûnderweis. As Tine ûntdekt wat de geande is, wol se hielendal net mear fuort en op in hiel froulike wize spilet se it spul mei en tolerearret it feestje, mar set de hearen hyltyd foar skut troch se pynlik oer’t mêd te kommen. Op dizze wize fersile de hearen hyltyd mear yn hilaryske sitewaasjes. Wa sil it winne ? Tine en har sekretaresse of Markus en Harryt ? DE GOUDEN INGEL (DE RUIGE RITSELAARS) Klucht yn fjouwer bedriuwen fan H Fober, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 6 froulju en 5 mânlju Wat moatte jo dwaan as jo mei jo pinsjon yn de beneaming komme wolle foar in priis as je hyltyd weroan kontrolearre wurde. Want net alles wat yn it pinsjon fan Auke en Kobe bart kin it deiljocht ferneare. Sa wurdt ien fan de keamers oan twa persoanen tagelyk ferhierd, dit is mooglik omdat de iene deis en de oare nachts wurket.No hâldt de kontroleur wol fan in buorreltsje dus op dy wize falt der wat te dwaan. Mar as de hierders fan de keamer tagelyk besite krije, liket it mar it bêste harren bestean te ûntkennen. Auke en kobe besykje de besite sa fluch mooglik kwyt te reitsjen. De buorfrou dy’t alles efter de gerdyntsjes yn de kuer hâldt , wol graach meihelpe ien en oar op te lossen. SUITE KALIFORNIA (CALIFORNIA SUITE) F 18 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 froulju, 5 mannen Suite Kalifornia bestiet út fjouwer koarte toanielstikjes dy >t har ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Bevely Hills Hotel. As earsten bin dêr Hannah en William Warren. Sy bin njoggen jier lyn útelkoar gongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne mar op besite om te praten oer de takomst fan Jenny, harren bern. Wat earst in wrang getoulûk om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit. Marvin Michaels skrikt him de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn >t bêd. Hy hat >m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol >t hy in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de Agebakken peren@. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht der foar, dat it him net iens slagget om har út bêd te krijen. Marvin wringt him yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap. Diana Nichols is in aktrise út Londen. Sy is hjir tegearre mei har man kommen om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr yn >t se har net op har gemak fielt, en ek hat se gjin man dy >t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich op har hotelkeamer werom komme, fiert Diana har woede en teloarstelling bot op har man. It liket er op dat harren houlik er oan giet. Frustraasjes dy >t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen. Twa stellen dy >t trije wike mei elkoar op fakânsje west ha befolkje as lêsten suite 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuer oan de foet oprint, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme der út, en op >t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan >e ein fan >t stik lizze alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter syn kommen te wachtsjen. SUITE LONDON (LONDON SUITE) F 9 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 dames, 6 heren Dit stik bestiet út fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se spylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London. De tafrielen kinne ek elk apart as ienakters spile wurde. It earste tafriel giet oer Brian en Billy. Billy hat jierren it jild fan Brian, dy't in suksesfol skriuwer is, ûnder syn behear hân, omdat Brian him der net foar ynteressearre. No't de bankrekken fan Brian yn ien kear leech wie, ropt hy Billy op it matsje. It twadde giet oer in mem en in dochter dy't tegearre winkele ha yn London. Mem is al jierren widdo en eins wol de dochter har wol koppelje oan in freon dy't ek yn it hotel útfanhuzet. Mem giet wol mei him út mar bycht letter oan de dochter op

dat se al in freon hat. SKOFT It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueeel en meer de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste tafriel giet oer Mark en Annie. Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. Oant se op de keamer oan komme en blykt dat de kaartsjes wei binne, se binne net te finen. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en Mark sjit it yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn de rêch. By eintsjebeslút fynt ien de kaartjes, mar se ha der neat oan om't Mark it bêd hâlde moat fanwege de rêch. HOULIKSFAKÂNSJE F 24 In komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Alle Geart Hof, 7 froulju, 3 manlju Hessel en Geart binne twa skoalmaten en omdat jo se altyd byinoar sjogge hawwe se de bynamme krige fan Siameeske twilling Se binne troud, mar hawwe gjin bern. Hessel is de noflike kant neist, earlik sein is er sa loai as stiel, dit jout in soad argewaasje en it houlik mei Anke komt sa stadichoan yn in krisis telâne. Ek Geart syn houlik mei Klaske kin gjin sprekken lije. Geart is eins altyd in puber bleaun, hy besjocht it libben fan de ljochte kant. Hy hat gjin sittend gat en eins is it mar in frouljusgek. Op útstel fan Hessel en Geart sille de froulju allinne op fakânsje nei Spanje ta, dit soe it houlik o sa goed dwaan kinne sizze de mânlju, mar de wiere reden is, de heren wolle de hannen frij ha foar harren aventoerkes, mar dat ien en oar net flot fan de trie rint docht letter wol bliken. Anke hat nammentlik har mem ree fûn om op Hessel te passen en ûnder it mom fan, dat dy jonge him sa min sels rêde kin komt se sa no en ta lâns om in helpende hân te bieden... Hessel en Geart kinne mar min oer dat gnuven en lang om let krije se it foarelkoar dat skoanmem har ôfjout. Hessel en Geart hawwe einlings en te’n lêsten de hannen frij, mar dan.....komme de froulju thús!! WEACHSTIK POSEIDON (WAAGSTUK POSEIDON) Toanielstik yn dertien tafrielen, fan Aris Bremer, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 7 froulju, 4 mânlju In bysûnder toanielstik. Dit is in stik yn in stik; klassyk en tagelyk modern toaniel. PROLOACH: Poseidon , God fan de see, praat oer syn macht en syn tjinsin yn de minsken. Hy beriedt him der op sûnder genede rjochtdei te hâlden ûnder de minsken, se hawwe syn see fersmoarge. FERSYK: In stêd oan de see makket minne tiden mei. Skippen fergean, men hat lêst fan tichtslykjen fan de haven. It lot wiist in ploech boargers oan om Poseidon mei presintsjes oer te heljen de stêd te sparjen, mar hy is poermâl as er de ôffurdiging ûntfangt. Hy smyt se foar de fuotten dat se syn seemearminnen deadzje. IT OFFER: In jeuchlik famke yn de ploech boargers lûkt syn oandacht. Har skientme makket him mylder. De boargers biede har oan as presintsje.Poseidon docht de tasizzing dat er de stêd sparje sil. DE STÊD: De stêd libbet wer as in hertsje. De haven leit wer fol mei skippen mei hannelsguod. De minsken feestfiere, mar oan it famke dat offere is wurdt net tocht. IT LANGSTME: Allinne har feintsje, har leafde , kin har mar net ferjitte. Hy besiket har op te heljen en giet nei see..... SUITE HOTEL (HOTEL SUITE) F 10 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 7 dames, 5 heren Dit stik bestiet út fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se spylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London. De tafrielen kinne ek elk apart as ienakters spile wurde. It earste tafriel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise, en Diana hat in nominaasje.... Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk. It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge om't er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in jong frommiske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder dan dat it frommiske fuort is, en dat jout in soad swierrichheden. SKOFT It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueeel en meer de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst 300 net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om bar om har der út te praten, mar it slagget har net. Dan roppe se Borden der by, dy ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen en dan komt Mimsey der samar út. IN GOEDE DOKTER (THE GOOD DOKTOR) F 7 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 9 dames, 5 heren (dubbelrollen mogelijk) It stik bestiet út twa bedriuwen mei elk 6 sênes. In skriuwer fertelt oer syn ideëen welke at er faaks noch wol ris op papier sette wol. Hij spilet sels yn ferskate sênes mei en jout kommintaar. It dekor is net sa dreech, it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne wat lytse dingen om de lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju's en 11 froulju's rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju. Om der achter te kommen wêr't de sênes oer hannelje kin men it mar it bêste gewoan lêze. It is wol wer ris hiel wat oars, foar in ploech dy't ek echt ris wat oars wol! Eenakter Fries KRAANFûGELS…? F 31 Ien akter skreaun troch Henk W. de Vries. Fryske oersetting fan Sj. Wiersma, 2 dames , 2 heren Yn in hotel, oan'e râne fan it bosk, stean twa tafels ree foar it moarns iten. Oan de iene tafel sit in frou te wachtsjen op har man dy't foar it moarns iten oan't joggen is. Oan de oare tafel sit in man te wachtsjen op syn frou, dy't nei de kapper is? De betsjinster oan de tafel fan de frou suggerearret dat har man by syn "couling down" grutte belangstelling fan de froulju hat. De ober oan de tafel fan de man suggerearret dat syn frou, wierskynlik mei grutte belangstelling stiet te sjen nei de mannen har "couling down", wat liket op it balts gedrach fan de Kraanfûgels. Nei lang wachtsjen stappe de beide gasten op. Se rinne elkoar tsjint liif. It blykt dat se elkoar kenne. Se beslute om der tegearre in ûnferjitlike dei fan te meitsjen. Mar dat wie net de bedoeling fan de ober en de betsjinster. Se bliuwe ferslein achter. It kwea straft himsels.

dat se al in freon hat. SKOFT It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't

earder man en frou wiene. Hy is biseksueeel en meer de homo kant it

neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget

Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der

achter dat it om Sidney sels giet. It lêste tafriel giet oer Mark en Annie.

Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. Oant

se op de keamer oan komme en blykt dat de kaartsjes wei binne, se

binne net te finen. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en

Mark sjit it yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te

helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn de rêch. By

eintsjebeslút fynt ien de kaartjes, mar se ha der neat oan om't Mark it

bêd hâlde moat fanwege de rêch.

HOULIKSFAKÂNSJE

F 24 In komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Alle Geart Hof,

7 froulju, 3 manlju

Hessel en Geart binne twa skoalmaten en omdat jo se altyd byinoar

sjogge hawwe se de bynamme krige fan Siameeske twilling Se binne

troud, mar hawwe gjin bern. Hessel is de noflike kant neist, earlik sein is

er sa loai as stiel, dit jout in soad argewaasje en it houlik mei Anke komt

sa stadichoan yn in krisis telâne. Ek Geart syn houlik mei Klaske kin gjin

sprekken lije. Geart is eins altyd in puber bleaun, hy besjocht it libben

fan de ljochte kant. Hy hat gjin sittend gat en eins is it mar in frouljusgek.

Op útstel fan Hessel en Geart sille de froulju allinne op fakânsje nei

Spanje ta, dit soe it houlik o sa goed dwaan kinne sizze de mânlju, mar

de wiere reden is, de heren wolle de hannen frij ha foar harren

aventoerkes, mar dat ien en oar net flot fan de trie rint docht letter wol

bliken. Anke hat nammentlik har mem ree fûn om op Hessel te passen

en ûnder it mom fan, dat dy jonge him sa min sels rêde kin komt se sa

no en ta lâns om in helpende hân te bieden... Hessel en Geart kinne

mar min oer dat gnuven en lang om let krije se it foarelkoar dat

skoanmem har ôfjout. Hessel en Geart hawwe einlings en te’n lêsten de

hannen frij, mar dan.....komme de froulju thús!!

WEACHSTIK POSEIDON (WAAGSTUK POSEIDON)

Toanielstik yn dertien tafrielen, fan Aris Bremer, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 7 froulju, 4 mânlju

In bysûnder toanielstik. Dit is in stik yn in stik; klassyk en tagelyk

modern toaniel.

PROLOACH: Poseidon , God fan de see, praat oer syn macht en syn

tjinsin yn de minsken. Hy beriedt him der op sûnder genede rjochtdei te

hâlden ûnder de minsken, se hawwe syn see fersmoarge.

FERSYK: In stêd oan de see makket minne tiden mei. Skippen fergean,

men hat lêst fan tichtslykjen fan de haven. It lot wiist in ploech boargers

oan om Poseidon mei presintsjes oer te heljen de stêd te sparjen, mar

hy is poermâl as er de ôffurdiging ûntfangt. Hy smyt se foar de fuotten

dat se syn seemearminnen deadzje.

IT OFFER: In jeuchlik famke yn de ploech boargers lûkt syn oandacht.

Har skientme makket him mylder. De boargers biede har oan as

presintsje.Poseidon docht de tasizzing dat er de stêd sparje sil.

DE STÊD: De stêd libbet wer as in hertsje. De haven leit wer fol mei

skippen mei hannelsguod. De minsken feestfiere, mar oan it famke dat

offere is wurdt net tocht.

IT LANGSTME: Allinne har feintsje, har leafde , kin har mar net ferjitte.

Hy besiket har op te heljen en giet nei see.....

SUITE HOTEL (HOTEL SUITE)

F 10 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 7 dames, 5 heren

Dit stik bestiet út fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se

spylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404

fan in hotel yn London. De tafrielen kinne ek elk apart as ienakters spile

wurde. It earste tafriel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de

priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise, en Diana hat in

nominaasje.... Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk.

It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij

fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge om't

er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in

jong frommiske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der

earder dan dat it frommiske fuort is, en dat jout in soad swierrichheden.

SKOFT It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou

wiene. Hy is biseksueeel en meer de homo kant it neist de lêste jierren.

Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn

slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney

sels giet. It lêste giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei

Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst

300

net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om bar om har

der út te praten, mar it slagget har net. Dan roppe se Borden der by, dy

ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen en dan komt Mimsey der

samar út.

IN GOEDE DOKTER (THE GOOD DOKTOR)

F 7 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 9 dames, 5 heren (dubbelrollen mogelijk)

It stik bestiet út twa bedriuwen mei elk 6 sênes. In skriuwer fertelt oer

syn ideëen welke at er faaks noch wol ris op papier sette wol. Hij spilet

sels yn ferskate sênes mei en jout kommintaar. It dekor is net sa dreech,

it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne wat lytse dingen om de

lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju's en 11 froulju's

rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju.

Om der achter te kommen wêr't de sênes oer hannelje kin men it mar it

bêste gewoan lêze. It is wol wer ris hiel wat oars, foar in ploech dy't ek

echt ris wat oars wol!

Eenakter Fries

KRAANFûGELS…?

F 31 Ien akter skreaun troch Henk W. de Vries. Fryske

oersetting fan Sj. Wiersma, 2 dames , 2 heren

Yn in hotel, oan'e râne fan it bosk, stean twa tafels ree foar it moarns iten.

Oan de iene tafel sit in frou te wachtsjen op har man dy't foar it moarns iten

oan't joggen is. Oan de oare tafel sit in man te wachtsjen op syn frou, dy't

nei de kapper is? De betsjinster oan de tafel fan de frou suggerearret dat

har man by syn "couling down" grutte belangstelling fan de froulju hat. De

ober oan de tafel fan de man suggerearret dat syn frou, wierskynlik mei

grutte belangstelling stiet te sjen nei de mannen har "couling down", wat

liket op it balts gedrach fan de Kraanfûgels. Nei lang wachtsjen stappe de

beide gasten op. Se rinne elkoar tsjint liif. It blykt dat se elkoar kenne. Se

beslute om der tegearre in ûnferjitlike dei fan te meitsjen. Mar dat wie net de

bedoeling fan de ober en de betsjinster. Se bliuwe ferslein achter. It kwea

straft himsels.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!