07.02.2013 Views

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

FEREALE... FERSEIN... MAR NOAIT TROUD (VERLIEFD...

VERLOOFD... MAAR NOOIT GETROUWD)

In blijspul yn trije bedriuwen fan Astrid de Haan en Jan

Tol, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 4 manlju

It is noait, sit je efter de froulju oan, dan sit mem je wer dwers! Moatst

net studearje jonge...? Mar at je dan studearje dat de stikken der

ôfsfleane, miene se dat it tiid wurdt om oan de frou te reitsjen! Mar it

probleem leit earne oars, Marten is der noch net oan ta om troud man te

wêzen, mar mem wol in skoandochter ha. Op in nuvere wize besiket se

Marten oan de dochter fan in freondinne fan har te koppeljen. Dat bern

is wier wol ree om mei him te trouwen, mar Marten sels wol net. Eins

begrypt Marten der neat fan. Hy hat hielendal gjin each foar froulju, syn

studzje is him alles. Mar mem set troch, mar as ien en oar út'e hân rint,

krijt Marten stipe fan de help yn'e húshâlding-, syn neef-, en in escortgirl.

Dit is mem min nei't sin fansels, mar lang om let moat se dochs belies

jaan want der stiet har in ferfelende ferrassing te wachtsjen.

DE FERFLOKTEN (FOOLS)

F 2 Komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 5 dames, 5 hearen.

Leo hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske

Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankont, sjocht er guon

minsken dy't de smoargens fan buten ôf yn harren hus feie en oaren dy't

miene dat der mear reamme ynte molke sit as de ko opte kop molken

wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei, satt it

liket, ivichduorjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije

skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net

by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa

dom wurdt as sysels. Werom giet Leo net fuort? Hy is fereale op 'e

byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit

hoe't se sitten gean moat. Fansels slagget it Leo om de flok te

ferbrekken en syn breid te winnen. In buging foar in mearke-eftige klucht

mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.

PRAATSJES (RUMORS)

F 15 In klucht fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 5 froulju, 5 mânlje

Fjouwer stelle bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan harren

freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou. It feest giet

net troch, want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in

lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat

beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol ‘t er

gjin idee hat fan wat er him no eins werklik ôfspile hat) en de iene

smoes lokket de oare leagen út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder

nei dat er mear gasten komme. Op ‘t lêst wit gjin ien mear wa ‘t by wa

no welk ferhaal op ‘e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen

dat de gasten op ‘t ein fan de jûn in bytsje trochdraaid en oan raapsein

binne.

DAT HA JO GOED SKETTEN... (WILDE GOOSE CHANSE)

Klucht yn trije bedriuwen fan Derek Benfield, Fryske

oersetting Siep Jorna, 5 froulju, 5 mannen

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint sa mar yn en út. En se

fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en werom. Mar de

bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de

iennichste normale persoan, in hiele prestaasje! Mar op wa soe dat "Dat

ha jo goed sketten..." slaan? Op Jenny? In Skotske útfanhûzer, dêr't de

krystfakânsje nea fan skynt te eindigjen. Of op Chester, de fotograaf,

dy't sels net wit wat er fotografearret? Of op de pianostimmers, dy't mar

net fan 'e wize te bringen binne? Of op Hilary, de plysjeman, dy't noch

nea immen arresteard hat? Of op juffer Patridge faaks, dy't mar net

genoch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije

tsjinstfaam. Dy siket it lok op in hiel ferkeard plak. Op Lord Elrood dan?

Dy libbet yn in fantasij-wrâld en jaget op spionnen. Sil hy dan dochs in

kear rekke sjitte? Of op Amor, dy't ek noch om it hoekje kipet. It publyk

hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje.

IN KOEKOEK OP SAFARY (EEN LEPELAAR OP SAFARI)

Blijspul yn trije bedriuwen fan Wilma Renes-Leartouwer,

Fryske oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 5 mânlju

Piter Mollema , in libbensgenieter earste klas, hat ûnder in swiet slokje

nochal wat útspraken dien tsjin Lys Brúnsma.As de jongfaam him dit de

oare deis yn’t ûnthâld bringe wol, jout Piter net thús. Lys is net alte kreas

, dat Piter wol har wol slite, mar Lys is fêsthâldend en jout dalik net

ferlern. Om fan har ôf te kommen brûkt Piter- hiel subtyl- de

oanwêzigens fan de ferweake buorjonge Wolter. De suster fan Piter ,

298

Lysbeth , is hjir min oer te sprekken en as Piter syn âlde leafde Brenda

delkomt, nimt se dit te baat om har broer in leske te learen. De

ynwenjende pake Knillis Mollema hat hiel oare problemen, hy is fan doel

in Rijnreiske te meitsjen, leafst mei in byldmoaie ferpleechster fan de

thússoarch. Om dat bekostigje te kennen moat er syn âlde Harley

ferkeapje.It suterke wêr’t er op rekkene hie, blykt in tange fan in frommis

te wêzen, hiel âlderwetsk en net te daaien, pake hat it dan ek dalik mei

har oan de stôk.Hells Angel Jabik Pyk en syn motorfaam Herma Bys

komme del om de motor fan pake te keapjen en ek dizze minsken

hawwe dalik al spul mei suster Ida. As bliken docht dat stoere Herma

eins in beskieden leaf famke is dy’t graach mei pake in Rijnreiske

meitsje wol, moatte Ida en Jabik ferdwine, mar hoe..? In slûchslim plan

fan Lysbeth slagget. Hoewol’t suster Ida krekt dwaan moat as soe se

Jabik ferliede, pakt dit sa goed út , dat sy en Jabik it iens wurde en op

fakânsje geane. In Koekoek op safary ! Lang om let krije se allegear

harren maatsjes, allinne Piter krijt Brenda net sûnder stjit as slach.mar

dochs komt alles wol wer op syn poatsjes terlâne.

In komysk stik , mei moaie typkes.

DE MISSIPPY ROAS (DE MISSISIPPI ROOS)

Blijspul yn trije bedriuwen fan D.J. Eggengoor, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 5 mânlju

Yn it smûke doarp Great Hichtum giet alles syn gewoane gong. En

Ingelbert Fellinga is hiel wol tefreden mei har libbentsje, at se har

freondinne Rika fan de Ploech har nije bungalow sjen lit, dy’t har man

bouwe litten hat nei’t se de buorkerij oan kant dien ha.Dat it fjoer yn

harren beider mânlju al aardich dôve is, wurdt troch beide froulju

akseptearre, se hawwe harren der by deljûn. De mânlju hawwe lykwols

soargen fan in hiel oar kaliber. Tritich jier lyn , doe’t se noch yl yn’e

hannen hiene, wie der yn harren doarp in grut befrijingsfeest. It

hichtepunt fan’t feest wie de rol fan in sjongster dy’t alles hie wat in man

him winskje koe.., de Mississippy Roas ! De mânlju tochten in kânske te

aventoerjen en sa kaam fan it ien it oar en fan it oar kaam in bern ! En

mei tritich jier bringt dat bern hiel Great Hichtum yn ûnstjoer, want de

sûnden út it ferline, binne de spoeken fan hjoed de dei!

DOCHS MAR LEAVER DE PLÛMPET YN! (DAN LIEVER DE PLOMP

IN)

Klucht yn trije bedriuwen fan Wilma Renes-Leertouwer,

Fryske oersetting: Alle Geart Hof, 5 froulju, 5 mannen

Kornelis komt nei gâns in tiid op besite by syn muoike Emma en omke

Aldrik. Hy wol se yn de kunde bringe mei syn oansteande Berendine, in

skiteldeftige dame fan goed komôf. As ferrassing hawwe omke Aldrik en

Muoike Emma syn trouwe bûksprekpoppe Wilbur yn it nij stutsen.

Berendine kin dit bûksprekken fan har oansteande net wurdearje. Om

har oan him te binen mitert Kornelis de poppe yn de fiver. It doel is wol

om de poppe letter wer op te heljen. Muoike wol perfoarst ha dat Wilbur

in foarstelling jout, hjirtroch komt Kornelis yn de problemen, hy kin dochs

min muoike de wierheid fertelle.. Dan sjocht er de túnman Rikelt rinnen

dy’t eksakt deselde klean oan hat as syn poppe en yn alles op Wilbur

liket. De túnman sil dan mar foar bûksprekpoppe spylje, mar ien en oar

giet net glêd fan de trie fansels, der binne nochal wat tûkelteammen en

it wurdt in hektyske boel. Kornelis syn ferkearing rekket der om út, mar

gelokkich foar him hie syn buorfamke Elske him eartiids al besocht de

eagen te iepenjen foar de gewoane dingen. Yn de grûn moat Kornelis

ek neat ha fan útwrydske auto’s en moaie klean mei it wyt foar,

dus....einlings en te’n lêsten falle se op elkoar. In moai stik om te spyljen

mei in prachtige dûbelrol Rikelt/ Repke.

BANKGEHEIM

Blijspul yn fjouwer bedriuwen fan Hemmink-Kamp,

Fryske oersetting Alle Geart Hof, 3 froulju, 5 mânlju en 2

famkes, 2 jongens fan in jier as 17. (Fanwege it grut tal

spilers soe’t hiel wol mooglik wêze guon rollen dûbel te

spyljen)

It stik spilet diz’ kear net yn in tradysjonele húskeamer, mar op in bank

yn in park. Wat er him allegear ôfspilet op dy bank sil ús fakentiden

bekend foarkomme., want der wurdt nearne sa klei’t en rattele as op in

bank. Alle persoanen libje yn harren eigen wrâld fan wille en fertriet,

want elk probleem is foar elk minske belangryk, mar fakentiden is alles

simpel op te lossen. De jongelju mei harren krityk op harren âlden , de

bewenners fan in fersoarginghûs, de timmerman mei syn houliksproblemen.

En nachts wurdt de bank beset troch swalkers en dy

hawwe likegoed problemen. Trystich ? Nee hear, mar ik sis neat, want it

is allegear in bankgeheim.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!