07.02.2013 Views

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

TREWYN YN'E SUITE (TWO INTO ONE)

Komeedzje yn twa bedriuwen fan Ray Cooney, Fryske

oerset ting Alle Geart Hof, 4 froulje, 6 manlju + figuratie

Dit stik dat troch John Lanting op syn ôfskietoernee spile waard, is troch

de fertaler op sa'n wize feroare, dat de amateurferinings it ek spylje

kinne. Wy komme yn'e kunde mei in tol minsken dy't ek yn in stik

foarkomme fan Ray Cooney fan letter datum, in foarsetting fan Trewyn

yn'e suite dus. De titel fan dat stik is: By fjoer en by lôge, oarspronklike

titel: "Out of order". Ek by Vink yn katalogus. Diktus Westerterp hat mei

syn frou Rixt in keamer hierd yn it Kürhaus yn Skeveningen. Syn

kabinetssjef Hobbe Twerda hat tagelyk in keamer boekt foar de

sekretaresse fan de premier. It leafdesnustje fan Diktus leit lyk foaroer

de keamer fan de sekretaresse, faaks wol handich mar al de oarsaak

fan in soad swierrichheden. As Rixt dan ynienen del komt is de boat oan

fansels. Hobbe Twerda moat dan út need de ferfieder spylje fan Rixt, ien

en al betizing. Op 't lêst witte de gasten en it personiel hielendal net

mear wêr't se oan ta binne. In klucht mei in foartsetting as it wêze moat.

De stikken kinne hiel goed op himsels spile wurde.

SJOCHRIS OAN....IN FOLWOEKSEN SOAN! (IT RUNS IN THE

FAMILY)

Klucht fan Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart

Hof, 4 froulje, 7 mânlju

Toaniel: In grutte dokterskeamer yn in sikehûs. Dokter Ditmus Buruma

sil aansen in taspraak hâlde op in konferinsje foar neurologen. Dit sil

him nei alle gedachten in Keninklike ûnderskieding opleverje. Wylst er

dwaande is syn taspraak te betinken, komt Lobke Oastra , in âlde flam

fan him der yn. Se ferteld him dat út harren ferhâlding jierren lyn in soan

berne is dy’t Adry hjit. Adry stiet ûnder yn’e hal te wachtsjen om einlings

en te’n lêsten syn heit te moetsjen. Yn wanhope om dit katastrofale nijs

foar syn frou Reina benefter te hâlden, betinkt er net ien, mar twa net

besteande oare heltes foar Lobke. Hy ropt de help yn fan syn kollega

dokter Herke Soepboer. Ien en oar wurdt noch komplisearder as in

brigadier fan polysje folslein yn de war brocht wurdt troch in assortimint

fan al en net besteande ferpleechsters, in swalkjende senile pasjint, in

folle ynjeksjespuit mei kalmearjende middeltsjes en ferklaaifoarstellings

fan it sikehûspersoniel.

HAT MYN INGELBEWARDER EK RJOCHT OP IN UTKEARING?

Komysk eigentiidsk blijspul yn fjouwer bedriuwen fan

Peter Leenders, Fryske oersetting Siep Jorna,

5 froulju, 3 manlju

Gabe, de ingelbewarder van Sita, sjocht it net mear sitten. Al santich jier

beskermet hy har tsjin al it oankommende ûnheil. Ek hat er der foar

soarge, dat har sieltsje altyd suver bleaun is. Mar no't se âlder wurdt falt

der mei har neat mear te belibjen, de spanning is fuort. Gabe wol dan ek

graach dat Sita it ierdske libben ferruilet foar de ivige sillichheid. As Sita

har ingelbewarder dúdlik makket dat se gjin plannen hat er om dea te

gean en yn elts gefal hûndert jier wurde wol, komt er yn opstân en

begjint har te boycotten. Sita krijt hjirtroch grutte swierrichheden en

wurdt slachtoffer fan ferskate ûngemakjes. As de ingelbewarders fan har

freondinnen ek noch Gabe syn kant ophâlde, driget it hielendal mis te

gean. Maar Sita lit it der net by sitte en soarget foar in prachtich moai

stikje fjoerwurk.

JUS D'ORANGE MEI IN TIK! (GRAPEFRUIT JUICE MET EEN TIC)

F 3 Skriller fan Loek Elich, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra,

5 froulje, 3 manlju

As Ellen Woudenberg fernint dat har ienige famyljelid, har wolstelde en

heechbejierre aldtante oan in tredde jeugd begûn is, beslût se om as de

wjerljocht poalshichte te nimmen. Op it plak sels konstatearret se dat

har âldtante harsels al in healjier fersoagje lit troch in ynwenjende

ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmennich rike

dames om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat barde mei

medisinen en nei dat de manlju de slachtoffers earst fan harren kaptaal

berôve hiene... It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht

hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege dy syn heimsinnige

telefoantsjes om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al

besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter

moat halje trawalje komme, omdat alles der op wiist davt de ferpleger

syn fatale plan útfierd hat. Mar wie hy wol de dieder, of wie 't de

húshâldster, dytt alles wist en fan tichteby meimakke? Of wie 't de

achternicht sels?

DIZZE FROU IS JO MAN (DEZE VROUW IS UW MAN)

297

Klucht yn trije bedriuwen fan Jan Tol, Fryske oersetting

Alle Geart Hof, 5 froulju, 3 mânlju

Wyp Tilstra lûkt fan sosjale saken, se hat stikum in freon oer de flier, net

opjûn fansels. As har dochter Rinskje thús komt binne de rapen gear, se

fynt har plakje beset. Dêrtroch kin se har mem har freon net sykheljen

hearre, se besiket him fuort te narjen. Der komt noch by dat Teatske

Soldaat de buorfrou ien en oar allang troch it gat loerd hat en as de

kontroleur fan sosjale saken del komt, hat Teatske wat te fertellen. Wyp

en har freon komme danich ûnder fjoer te lizzen , de iene kluchtige

sitewaasje nei de oare folgje elkoar op.

MAR WA WIE NO DE HEIT? (MAAR WIE IS DAN DE VADER?)

Blijspul yn fjouwer bedriuwen fan Astrid de Haan en Jan

Tol, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 4 mânlje

Hein Draagsma is dúdlik de baas yn hûs. Syn frou hat gjin libben by

him. Se liket in nutenien en alles wat Hein har jit, docht se ferkeard. As

Anne Blankenstein mei har soan Frâns nêst har komme te wenjen,

feroaret der al wat. Hein en Anne kenne elkoar noch fan eardertiids en

sy seit dat har soan Frâns fan Hein is. Hein besiket op in slûchslimme

wize it foar frou en dochter ferburgen te hâlden. Dat wurdt in hiel minne

boel as it bliken docht dat Frâns en Lyske de dochter fan Hein fereale

wurde op elkoar. Noch slimmer wurdt it as Dora har mem op besite

komt. Sy is der ien dy't oeral har noas ynstekt, boppedat kin se har

skoansoan net snuven hearre. Dêr is reden ta. Hein hat har yn in

lekkende caravan earne op'e heide dumpe en dat hat fansels kwea

bloed set. De ramp wurdt kompleet as Dora har eardere freon de Bock

moetet. En as der dan ek noch in houliksterapeute oanwaaien komt,

binne de rapen hielendal gear. Mar Dora har noch in ferrassing efter de

hân.

IT WAAR; HJIT EN BRODZICH! (MOVE OVER MRS. MARKHAM)

Klucht yn twa bedriuwen fan Ray Cooney, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 4 mânlju

It toaniel stelt foar in moaie flat ,ferdielt foar twatrêde yn in wenkeamer

en foar ientrêde yn in sliepkeamer. De bedoeling is wol dúdlik...frivoale

en kluchtige sitewaasjes dy’t hast út’e hên rinne en dy”t meitsje dat de

minsken yn de seal harren ta de teannen út fermeitsje kinne. Lobke is in

floatich en kreas frommis en de frou fan Folkert Jukkema in wat houtene

Klaas. Lobke hat al in hiel skoft Rinse de binnehûsarsjitekt om har hinne

fanwege in ferbouwing en dit is wol in bytsje de mûs op it spek, want

Rinse Ruych is in sûne frouljusgek.De kompanjon fan Folkert, Hedser

Fokkema is dat ek. Hedser wol foar syn eskapades in húske fan hâld

oan, yn dit gefal it hûs fan Folkert. Tagelyk stiet de freondinne fan

Lobke, Tine ,ek te springen en men kin it fan’t tinken wol ha dat

elkenien- elkenien danich foar de fuotten rint. Is der wol in oplossing ?

DAT SADWAANDE

It is in kluchtich blijspel, skriuwer A. Postma,

5 froulju, 4 mannen

De famylje Streekstra kriget in brief fan Fetsje, dat sy útfanhûs komme

wol, mar dat brief komt tige let! Fetsje stiet al hast op è stoepe! Har man

Freek mwol (????) net mei. Mei net fan Fetsje, hy moat op it hûs passe.

Mar Freek giet ek útfanhûs!!! Wêr hinne. Dat falt wol te rieden. Om disse

sitewaasje hinne spyle hjir brike dingen ôf. Knillis sil de saken oplosse,

mar hy is net sa betûft. In stik, dêr 't jo in soad wille mei ha kinne.

KOKEDEI (DE DAG VAN HET KALF)

In komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Aris Bremer,

Fryske oersetting Alle Geart Hof, 5 froulju, 4 mânlju

In jongkeardel wurdt wekker yn in oandamme welput op it plein fan in

foar him ûnbekende stêd, dêr’t krekt op dy dei it jierlikse “ Kokedei “

holden wurdt.Hy kin him net tebinne bringe hoe’t er dêr kaam is,

boppedat wit er net mear wa’t er sels is. Mar elkenien dy’t er moetet

werkent him sa’t it liket, mar net altyd ûnder deselde identiteit. Nei in

soad hilaryske misbegripen stiet it foar de measte minsken wol fêst dat

Xander fan hiel hege komôf wêze moat. It liket der wol op dat it de

kroanprins sels is dy’t ynkognito de stêd besiket. De wichtige famylje

v.d. Spek nimt him dêrom folslein foar har sels yn beslach. Syn nije

posysje bringt him in prachtige dei. Men lit him spultsjes winne, alle

frouljusherten bemasterje en in famyljeskandaal opikkerje. As er de stêd

dan ek in soad foarrjochten taseit, liket de dei net stikken te kinnen,

mar..., hoe heger hy dy dei klimt, hoe djipper de fal is dy jûns nei it

kostumearre dûnsjen. Mar earlik is earlik, eins falt er wol hiel sêft. U kunt

meer toneelstukken vinden van deze auteur op: www.arisbremertoneelteksten.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!