07.02.2013 Views

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

DAT DEALSKE MATSJE (HET DROMMELSE MATJE)

Klucht yn trije bedriuwen fan Herman Thole, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 4 froulju, 4 mânlju

Pas mar in bytsje op mei it keapjen fan in matsje op in rommelmerk. Jo

kinne je net foarstelle hokker ûnheil jo dêrmei yn’e hûs helje kinne. De

baas fan it spul komt op in sneun thús mei in nuver raar matsje. Neffens

de merkekeapman makke fan hier fan de Sibearyske beamkrûpslak,

mingt mei hier fan in Arabyske prinses dy’t hiel lang lyn út leafdesfertriet

deamakke is. Dit matsje hat magyske krêften en dit feroarsaket hiel wat

argewaasje.

LETTER IS BETTER

F 29 Blijspul yn trije bedriuwen fan Albert van der Wal,

4 dames, 4 heren

Jurjen is boer op in modern bedriuw. Hy is dwaande mei it bedriuw, alles

op de kompjuter, modern fan dizze tiid, allinne hy hat noch gjin frou fine

kinnin, dy 't mei him it libben diele wol. Mem dy 't ek op de pleats wennet

hat dêr sa har eigen tinken oer, i moat foaral in passende boerinne wêze

dy 't op de pleats komt. Foarl no 't se sels yn koarten nei de

oanleunwente ferhûzje sil. Jurjen hat in al aardich ferline op it mêd fan

froulje, faaks is hy te nayf, hy kin der net goed mei om gean, en tusken

him en mem is de sfear ek net altyd like bêst. Jurjen is it lêste skoft lid

wurden fan de allinne klub. Dat bringt hum Jeltsje. Hy is wei fan har, mar

mem is in probleem... hoe bringe wy dit har sûnder al te folle krityk fan

mem har kant. Jurjen tinkt letter kin ik alles wol fertelle, earst mar net,

letter is yn dit gefal better. Hy wol alles stikum wat regelje, en as 't klear

is nei bûten komme mei Jeltsje. Buorman Andrys sjocht alles earst mei

nocht oan, letter dochs mear mei soarch, want Jeltsje is en handelt oars

dan as Jurjen it sjocht, hy is ferbline. Abdrys moat hiel wat fersette en

betinke om Jurjen te helpen. Dat mei de hulp fan Brechtsje syn frou, en

ek de hulp fan de suster fan Jurjen, Gelske, en dy har freon Pier, sels

Tabe post moat hulp biede. It is drok, de skiep op it bedriuw hawwe sa

har eigen regels, mem ek, en sûnder mem wurdt der neat regele. It

bliuwt foar har yn de moderne tiid, mei kompjuters en al dy oare

technyk, nijmoarderiche rommel. As 't der op oan komt dan is foar har it

ferstân brûke noch it bêste. Jurjen tinkt alles kin wol letter, mar 't of letter

altyd better is...? In soad nocht en wille...

WAT SIL BEPPE? (DIE GROSSMUTTER WIRD VERKAUFT)

In komeedzje yn trije bedriuwen fan K. Ritter, Fryske

oersetting Alle Geart Hof 4 froulju, 4 mânlju

Fan de nuvere healwize grappen fan beppe krije se allegearre op de

buorkerij in min sin. As der ien samar tûzen gûne foar beppe biedt om

har by him thús wenje te litten, giet de keap troch.Beppe hat gjin

beswier tsjin de ferhúzing..., krektoarsom ! Mar of elkenien tefreden is

mei dizze keap, falt noch te besjen, mar wis is wol dat beppe in stevige

hantaast dwaan kin foar har beppesizzer en de dochter fan har nije

eigner.

LETTER IS BETTER

F 29 Blijspul yn trije bedriuwen fan Albert van der Wal,

4 dames, 4 heren

Jurjen is boer op in modern bedriuw. Hy is dwaande mei it bedriuw, alles

op de kompjuter, modern fan dizze tiid, allinne hy hat noch gjin frou fine

kinnin, dy 't mei him it libben diele wol. Mem dy 't ek op de pleats wennet

hat dêr sa har eigen tinken oer, i moat foaral in passende boerinne wêze

dy 't op de pleats komt. Foarl no 't se sels yn koarten nei de

oanleunwente ferhûzje sil. Jurjen hat in al aardich ferline op it mêd fan

froulje, faaks is hy te nayf, hy kin der net goed mei om gean, en tusken

him en mem is de sfear ek net altyd like bêst. Jurjen is it lêste skoft lid

wurden fan de allinne klub. Dat bringt hum Jeltsje. Hy is wei fan har, mar

mem is in probleem... hoe bringe wy dit har sûnder al te folle krityk fan

mem har kant. Jurjen tinkt letter kin ik alles wol fertelle, earst mar net,

letter is yn dit gefal better. Hy wol alles stikum wat regelje, en as 't klear

is nei bûten komme mei Jeltsje. Buorman Andrys sjocht alles earst mei

nocht oan, letter dochs mear mei soarch, want Jeltsje is en handelt oars

dan as Jurjen it sjocht, hy is ferbline. Abdrys moat hiel wat fersette en

betinke om Jurjen te helpen. Dat mei de hulp fan Brechtsje syn frou, en

ek de hulp fan de suster fan Jurjen, Gelske, en dy har freon Pier, sels

Tabe post moat hulp biede. It is drok, de skiep op it bedriuw hawwe sa

har eigen regels, mem ek, en sûnder mem wurdt der neat regele. It

bliuwt foar har yn de moderne tiid, mei kompjuters en al dy oare

technyk, nijmoarderiche rommel. As 't der op oan komt dan is foar har it

ferstân brûke noch it bêste. Jurjen tinkt alles kin wol letter, mar 't of letter

altyd better is...? In soad nocht en wille...

296

DÊR KOMT DE BREID (THER GOES THE BRIDE)

In komeedzje yn twa bedriuwen fan Ray Cooney en John

Chapman, Fryske oersetting Alle Geart Hof,

4 froulju, 4 mânlju

Dit stik fan de twa bekende Ingelse komeedzje skriuwers is troch de

oersetter oerbrocht nei Fryslân. De reklame spesjalist Gerrit-Jan

Heemstra stjit op de dei fan it houlik fan syn dochter syn holle tsjin de

doar. Hjir komt hiel wat efterwei foar de famylje. As er wer bykomt is der

nammentlik libben yn syn reklamepoppe kaam en se begjint as de

smoarfereale Tytsje Kalmeyer syn libben yn’e macht te krijen. De oare

oanwêzigen kinne Tytsje net sjen en net hearre en tinke dat Gerrit-Jan

se net allegear mear op it rige. Troch nochris syn holle te stjitten komt

Gerrit-Jan yn de tweintiger jierren telâne. De reaksje fan syn dochter

Nieske is te foarsjen, se wol ûnder lieding fan har heit nei’t tsjerke ta,

mar se wol perfoarst net tagelyk mei syn nije freondinne Tytsje

Kalmeyer steatich it tsjerke ynkomme. Nei in soad hilaryske situaasjes,

nimme de breid en de brêgeman sels it heft yn hannen en komt alles

wer op syn poatsjes telâne.

DE READE SWETSER (ROTE EULE)

F 26 Blijspel yn trije bedrieuwen fan Margit Suez, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 4 froulje, 4 manlju

Edser is mei syn maat Fokke te stappen west. Oansketten at se wiene,

kamen se yn “ De Reade Swetser “ telâne, in saak dêr’t famkes tsjin

beteljen meigeane mei de hearen... Se hawwe in soad wille en binne o

sa foldien oer de famkes. Fral Lummy hat op Edser en Fokke in goede

yndruk makke. Mar at se de oare moarns op de buorkerij ferskine is de

wille gau oer. Se besykje de hiele affêre mei Lummy foar Weike de mem

fan Edser ferburgen te hâlden, mar mei fernuvering sjogge se dat Edser

syn mem hiel goed opsjitte kin mei Lummy. Ek Ynte is fan it animear

famke folslein ûndersteboppen. Weike wurdt fan Edser syn

nuverichheden nochal senuweftich en giet foarearst mar ynwenjen by

har freon Hylke. Ek Wimke, Edser syn ferloofde hat genôch fan Edser

syn lossinnich libben. Edser wurdt troch har skoudere en de gaos yn’e

hûs is folslein! Dan krijt Edser in idee. Hy hiert Rimkje yn dy’t tsjin

beteljen syn ferloofde spylje moat. Foar Fokke wurdt ek in famke

opsocht mei deselde bedoelings. Wimke is net ûnder de yndruk en har

jaloerskens komt net út de ferve. Edser en Fokke hawwe net troch dat

se by de poat nommen wurde. Lummy is yn wurklikheid gjin lichtefûgel,

mar in maatskiplik wurkster. Se besiket animearfamkes as Rimkje op it

rjochte paad te krijen.

FINZEN OP FJIRTJIN HEECH (THE PRISONER OF SECOND

AVENUE)

F 23 Komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 4 froulju, 5 manlju

Mel sjocht it net mear sitten. Hy is syn baan kwyt en fjochtet as in

besetene tsjin de dingen dy’t der om him hinne gebeure. De

luchtfersmoarging hat alle planten op syn balkon fermoarde; de muorren

fan syn appartemint bin sa tin dat it leafdesleven fan de beide Dútse

stewardessen neist him in iepen boek is, en syn appartemint wurdt

leechstellen at syn frou even nei de winkel is. Syn psychiater giet dea

wylst er foar de man syn konsulten al 23000 dollar delteld hat. Wat

dogge je yn sa’n gefal. Je krije in senuwynsinking. En dat oerkomt Mel

dus ek. Mar tegearre mei syn frou Edna sil Mel fjochtsjen bliuwe tsjin de

delgong fan de maatskiplike wearden.

DE KELDER FAN HEEREMA (KEEPING DOWN WITH THE

JONESES)

Komeedzje fan John Chapman en Jeremy Lloyd, yn it

Frusk bewurke en oersetten troch Alle Geart Hof,

4 froulju, 5 mannen

Arsjitekt Sibolt Heerema is eins mar in eigensinnige amtlike keardel. Hy

hat yn haadsaak foar himsels in folsleine ûndergrûnske atoamkelder

bouwe litten en as proef op de som sil er allinne mei syn eigen

húlshâlsing trije wike tesiik bringe yn dat ding, folslein ôfsletten fan de

bewenne wrâld. It is him mar min nei't sin dat er syn skoanmen ek in

plakje gunne moat yn de kelder en as er foardat er mei in lûk de kelder

ôfslute wol sjocht dat de molksútelder en in monteur ek noch de trep

delkomme, wurdt it sin der net better op en as dat lûk dan ek noch

tichfalt en net mear iepen kin, is hielendal de boat oan. Hy sit opsletten

mei it mindere folk, mei Jan Slingerkul om samar te sizzen. Dizze

sitewaasje lient him foar in prachtige thrillereftige komeedzje, skreaun

troch de betûfte Ingelske skriuwers John Chapman en Jeremy Lloyd.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!