07.02.2013 Views

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

fiifentritich, dy=t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in

komfortabel appartemint. At it stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har

beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de

skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De

jonges komme dêrom foar langere tiid by Beppe en harren muoike Bella

útfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde.

Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd, en omke Louie blykt in

gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin

wêryn >t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne

mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige

famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.

DE FAVORYT (GOD’S FAVORITE)

F 12 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 3 froulju, 5 mânlju

De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It

stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle

sakeman mei in frou, in “ferlerne soan” en in net al te snoade twilling.

Op in jûn krijt de famylje besite fan in “boadskipper fan God” ...as

sadanich te herkennen oan in grutte “G” op syn sweater. Us moderne

Job wegeret God te fersaken, en dus wurdt er fan ôf dat momint

achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy

krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid

wegeret hy om syn God te fersaken. At er alles kwyt is, krijt er fia de

boadskipper (dy ‘t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De

boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.

DE SHOW FAN MAX PRINS (LAUGHTER ON THE 23RD FLOOR)

F 13 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 3 froulju, 6 mânlju

It is 1953. It skriuwersteam fan de Max Prinsshow, in hiele populêre

televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt

dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat.

Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo

fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa ‘t de show syn libben is,

rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch

noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om

manieren te betinken om NBC werom te pakken.

BY FJOER EN BY LÔGE (OUT OF ORDER)

Klucht yn twa bedriuwen fan Ray Cooney, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 3 froulju, 6 mânlju

In echt Cooney stik- It stik spilet yn in suite fan it Kurhaus te

Skeveningen...Gjin dekor feroarings.

Diktus Westerterp ( Steatssekretaris ) , útfanhûzet mei syn frou Rixt yn it

Kurhaus. Diktus ferlanget fanwege syn status uterste ynset fan

Roomservice, mar ûndertusken knypt er de kat yn’t tsjuster. Syn

kabinetssjef Hobbe Twerda de rjochterhân fan Diktus sit fakentiden

folslein mei de hannen yn’t hier, fral ek omdat de sitewaasjes fakentiden

net mear te oersjen binne. Der komt sels in lyk yn foar wêr’t mei omseuld

wurde moat. In echte klucht wêr’t danich op lake wurde kin.

OP’E RIN MEI BORODIN (CHASE ME COMRADE)

Klucht yn twa bedriuwen fan Ray Cooney, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 3 froulje, 7 mânlju

It stik spilet yn de tiid fan de kâlde wrâldkriich. In balletdûnseres dy’t mei

in asylsykjende Rus by in freondinne del komt setten om in skûlplak foar

har Boaris te finen. Ien en oar wurdt útboud ta in kolderike sitewaasje. It

begjint och sa rêstich: marinekommandant Seinstra komt thús en wol te

fiskjen. De metamorfoase dy’t hy ûndergiet is hast totaal. Hy giet yn

offisiersunifoarm syn sliepkeamer yn en komt der yn spikerbroek der wer

út. En dy wat yroanysk bedoelde metamorfoase is hast synboalysk foar

it stik. Elkenien feroaret wolris in kear fan klaaiinge en ek fan ydentiteit.

De yntriges binne kompleet oant ein fan it stik ta. Boaris Borodin praat in

soarte Frussysk. De timing en faasje moat goed yn’e hân holden wurde.

In lekkere hap foar in selskip dat graach in klucht spilet .

WYLDE HAVANA

F 17 Tragikomeedzje yn trije bedriuwen troch Peter Leenders,

Fryske oersetting Alle Geart Hof,

4 froulju, 2 mânlju

As de âlde autoritêre menhear Timmer nei in muoisum libben komt te

ferstjerren komt er foar’t ljocht as in geastferskining yn in tsjustere

romte, nêst syn wenkeamer fan eartiids. Dêr kin er yn alle rêst op syn

bern delsjen. As er heard dat de bern ûnder it wekjen syn begraffenis al

regele ha ûnder it mom fan: “it mei eins neat kostje “, is hy slim

295

teloarsteld. As er dan ek noch heard dat de erfenis al ferdield wie doe’t

er noch libbe, wurdt er poerrazend. Kalmearre troch syn eksfrou (ek in

geatsferskining) wurdt der weromsjoen op harren rûzich libben fan

eartiids. Oan de oare kant litte har bern sjen hoe’t se harren jeugdjierren

belibbe ha, ûnderwilens helje se it hûs leech fan de ferstoarne.

Stadichoan wurdt it dúdlik wêrom dit gesin sa ûntwoartele wie..Moaie

dramatyske mominten en hilaryske sênes wurde sjen litten... In

kommeedzje mei in laits en in trien, foar in soad minsken o sa

werkenber.

OAN É EIN FAN DE SIMMER (PROPOSALS)

F 25 In romantyske komeedzje fan Neil Simon, Fryske

oersetting Gurbe Dijkstra, 4 froulju, 2 manlju

Burt Hines, dy’t in hertkwaal hat, bringt mei syn dochter Josie en syn

húshâldster Clemma foar de lêste kear de simmer troch yn syn twadde

húske yn Pennsylvania. Hy hat al ferskate hertoanfallen achter de rêch

en gjinien hat dan ek de yllúzje dat er noch lang libje sil. Josie nimt dit

har mem kwea ôf, omdat sy tinkt dat de hertoanfallen feroarsake wurde

troch in brutsen hert. At har mem op fersyk fan Burt it wykein útfanhûs

komt, ferwyt Josie har in kâld spultsje mei har eksman te spyljen, mar

de werklikheid is wol wat komplekser. Yn itselde wykein komme der ek

noch wat potinsjele houlikskandidaten del foar Josie, en Clemma, dy’t

foar dit hieltyd grutter wurdende selskip it iten organisearje moat, wurdt

konfrontearre mei de man dy’t har sân jier ferlyn sitte litten hat. Doch hat

se nettsjinsteande de drokte de tiid om Josie, dy’t se as in dochter

beskôget, it setsje te jaan dat noadich is om it mei har mem yn ‘t lyk te

breidzjen.

DE GESJOCHTEN SJACHELDERS (DE GESJOCHTEN

SJACHELAARS)

Klucht yn fjouwer bedriuwen fan Hub Fober, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 4 froulju, 3 mânlju

It is perfoarst net sa’n bêsten ien dy’t Leendert yn de finansjele

hâldgreep hat. Hy wol him stadichoan en wis syn boerespultsje fan de

hûd skuorre. Leendert fjochtsjend foar syn buorkerij nimt it net sa krekt

mear. Hy hat wat opsetten om syn buorkerij te behâlden, dat him gjin

wynaaien lizze sil. Syn beide dochters en in âlde leafde steane pal efter

him. Mei harren help wurdt Knypstra de jildsjitter ferrifele mei falske

oandielen en 25000 liter selsstookte drank. Mar dat alles net fansels giet

is sa wol te begripen. Bram de Ram en mâle Griet sitte harren nuver yn

it farwetter en Knypstra sels spilet ek net min by.

Al mei al in stik dat mei faasje spile wurde kin en de leafhawwers fan

kluchtige types komme ek oan harren trekken.

FARWOL- FARWOL (VAARWEL VAARWEL)

In komeedzje yn fjouwer bedriuwen fan Aris Bremer, yn

it Frysk oerset troch Alle Geart Hof, 4 froulju, 3 mânlju

It hylaryske en oandwaanlik ferhaal fan in sterke frou, dy’t sûnt se widdo

wurden is in nije wei ynslein is, nettsjinsteande de tsjinwurking fan har

skoanfamylje. Yn de kajút fan it famyljejacht “ Farwol “ , skriuwt se in

boek oer har libben en hat se in soad geniet fan har iere leafde foar in

âlde freon. As har boek in best-seller wurdt , rûkt de famylje jild. Har

trouwe freon en in goudearlike muoikesizzer stean de plannen fan de

famylje yn’e wei en se wurde troch lêberij en yntriges út it libben fan de

widdo wurke. Freonskip en leafde winne it fan habsucht. Der is in happy-

end, mar hoe happy ek..., it end moat in farwol wêze.

DE MEMOIRES FAN EUGENE (BRIGHTON BEACH MEMOIRS)

F 8 In tragy-komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting

Gurbe Dijkstra, 4 dames, 3 heren

Eugene is fyftjin en giet noch nei skoalle. In pear jier ferlyn is syn omke,

de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike

Blanche en de beide dochters,Laurie en Nora by harren yn'e hûs

kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa

gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins

sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch

syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer

oer fan alles en noch wat, seks, hoe't famkes der neaken út sjogge en

nog mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net

tsjin heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs fuort. Dan rinne de

spanningen heech op. Heit krijt lêst fan syn hert, muoike Blanche wol

mei de beide dochters fuort en op harsels wenjen gean, wat eins net kin

omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje moatte en wol dan de

bern oer komme litte. Stanley komt dochs wer thús en seit tsjin heit wat

der gebeurd is. De frede wurdt tekene, en sa kin de húshâlding wer

fierder, mar no dus sûnder muoike Blanche en de bern.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!