Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

toneeluitgeverijvink.nl
from toneeluitgeverijvink.nl More from this publisher
07.02.2013 Views

FRIESE TONEELWERKEN OAN'E EIN FAN DE ASPERZJETIID (AAN HET EIND VAN DE ASPERGETIJD) F32 Avondvullend toneelstuk door Frank Houtappels, Frieze vertaling Sj. Wiersma, 4 dames Annie: runt mei har dochter Sophie in kapperssaak yn in rêstich Noardlimburgs doarpke. Annie har houlik is op'e non rûn. Kitty: is mei Wim, de doarpsdokter trout. It liket in prima houlik te wêzen. Wim moat geregeld nei kongressen yn Amsterdam. Hy oernachtet dan by Francien. Mar giet hy wol nei dy kongressen? Doe't Francien achttjin jier wie is se al nei Amsterdam ta gien, se woe besykje om dêr oan'e bak te kommen as toanielspylster. As we har liuwe meie dan is dat goed slagge. Mar is dat ek sa? Sophie: rekket fereale op ien fan de asperzje stekkers, in Poal en wol mei him trouwe. Mar is har mem dêr wol sa bliid mei?Wylst de lêste asperzjes stutsen wurde, makket âld sear plak foar nij sear. En dochs besyket de famylje de bân yn stân te hâlden. DE COME-BACK FAN DE SUNSHINE-BOYS (DE SUNSHINE-BOYS) F 1 Komeedzje yn twa bedriuwen fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 1 dame, 4 hearen In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes dien foar de radio. As in televyzje-stasjon in retrospektive meitsje wol oer de revu's fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre nochris wer de ferneamde "doktersskets" te dwaan. Willy Bogaard haldt him de leste tiid dwaande meitt ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van Os docht it noflik kalm-oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle kanten gans op'e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek ald sear en skeel wer boppe. LESTIGE LEAFDE OP IN LETTE MIDDEI (LAST OF THE RED HOT LOVERS) F 21 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 2 froulju, 2 mannen Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijeentweintich jier gedroegen as in treflike heit en echtgenoat. Hy wol lykwols ek wol es de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje, en noeget achter elkoar in oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte, wurkleaze nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat, en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma, syn eigen frou. HOE LANG MOATTE JÓ NOCH? (HOE LANG MOET U NOG?) In komeedzje yn ien bedriuw fan Aris Bremer, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 2 froulju, 3 mânlju Rikele en Durkje binne mei harren soan oan’t kampearen .Se treffe it net , want it reint alle dagen en as it waar opset en de wolkens brekke, komt der in oare boai opsetten, it binne pake en beppe, Rikele syn skoanfolk.Pake hat in bedriuw wêr’t Rikele ek wurket, mar Rikele docht it syn skoanheit lang net nei’t sin en pake hat der in hantsje fan Rikele leech wei te lizzen. It minne waar en de net winske besite bringe fral Rikele yn wanhope. YT MAR IN BROGGE MEI (WHY NOT STAY FOR BREAKFAST) In komeedzje yn trije bedriuwen fan Gene Stone en Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 2 froulju, 3 mânlju It stik spilet yn in flat wêr’t folk húsmannet fan alderhanne slach. Wimer Kuiken , in amtner, wennet op de earste ferdjipping en is drok dwaande foar himsels yn’e keuken suki yaki klear te meistjen at er steurt wurdt troch tillefoan fan syn suster. It petear rint net alte bêst want op in ferdjipping heger wurdt omraak leven makke mei hurde muzyk en dûns. De muzyk stûket , mar no wurdt der mei fan alles smiten, se hawwe dêr in daverjende rûzje. It is eefkes stil, dan wurdt der skille by de foardoar fan Wimer.Wimer docht iepen...Lamkje in hippy komt der yn wabbeljen, se is der troch har “ freon “ útsmiten. Se giet mei har grou liif- se rint op alle dagen - op’e bank lizzen en se is net fan doel wer op te stappen...In prachtige komeedzje; lêze en spylje. 293 AS DE HORMOANEN OPSPREKKE (WIFE BEGINS AT FORTY) In komeedzje yn twa bedriuwen fan Anne Sultan, Earl Barret en Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 2 froulju, 4 mânlju en in.. hûn Sa’t de titel ek al oanjout sitte guon minsken mei in “ midlife krisis “ te hâlden en te kearen.Om healweitwaën yn de nacht sit pake Beint Keestra mei syn hûn Sneuvel foar de t.v. te wachtsjen oant syn soan en de frou ris thúskomme sille. Daliks dêrnei komt syn soan Doeke mei in grut poeha der yn, mar sûnder Linda syn frou. Dy hinget noch earne yn de strúken, mar dat sil him in soarch wêze. As Linda binnensilen komt wol se noch in sliepdrankje ha en mei de buorlju Boukje en Haaie wurdt it noch letter. De oare deis ferteld se Boukje dat it tusken har en har man seksueel net mear funksionearret, mar ûntdekt dan dat it tusken Boukje en Haaie ek net sa foar de wyn giet. Troch ferskate ferwikkelingen wurde se allegear nuver troch de mostert fitere. In modern en spylber stik. IT GEFOEL FAN ABE SANTEMA Fleurich depressyf yn vier bedriuwen, skriuwer Jan Schokker, 2 froulju, 4 mannen + stim As ien fan de âlden komt te stjerren wurd faaks alles oars. Dingen diet jo sa gewoan wiene komme yn in oar ljocht te stean en it gefoel bringt langsten nei boppe diet ferstoppe wiene. Mar ek oare saken wurde iepenbier. Dit liket allegear sa swier en dreech, mar it gefoel bringt ek moaie dingen boppe. IN DOAZE FOL KROMMEN (THE GINGERBREAD LADY) F 5 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 2 froulje, 4 mânlju In populêre sjongster dy't yn de goate rekke is troch drank en seks komt thús út in ôfwenningsklinyk. Har freondinne, har dochter en in akteur besykje har te helpen om har oan te passen oan in libben sûnder drank. Se ha alle trije in tsjinoerstelde útwurking op har. De freondinne is der grutsk op dat se har man kwyt rekket. De akteur, dy't homoseksueel is, hat problemen omdat hy trije dagen foar de premjêre fan in stik nei hûs stjoerd is, en har dochter freget mear oandacht en leafde dan't se jaan kin. Dan komt der in eks-freon dy't har achterlit mei in blau each. At in jierdeifeest út de hân rint wurdt se hinne en wer slingere nei har eigen tragyske ein. It ferhaal is in kombinaasje fan in amusante komeedzje mei in atmosfear fan ellinde. De karakteristike humor fan Neil Simon is op syn bêst en it serieuze ferhaal oandwaanlik. IN NUVER STEL (THE ODD COUPLE) F 6 Heareferzje fan Neil Simon. Oersetting Tryntsje van der Zee, 2 dames, 6 hearen Oscar Madison, goed fjirtiger, is sûnt frou en bern by him weigien binne, allinne wenjen bleaun yn it lûks appartemint fan in flat yn New York. Alle freedtejûnen komt in ploechje maten by him te pokerjen. It skynt dat Oscar, hoewol’t er tige gaotysk is, him aardich goed rêde kin allinne. Nei’t ien fan de freonen, Felix Ungar, ek by de frou wei rekket, is Oscar daliks ree dy by him yn ‘e hûs te nimmen. Syn flat mei acht keamers is grut genôch, n’t wier? En alle freonen binne it der oer iens dat Felix better net allinne litten wurde kin. Hy soe him sels ris wat oandwaan kinne. Mar, Oscar en Felix lykje likefolle op elkoar as nacht en dei. Dat giet dus mis. Ek al mei om’t yn itselde flatgebou twa Ingelske susters wenje, moaie jonge froulju, dêrt’t Oscar wol wat mei op hat. Yn syn besykjen it mei de dames oan te lizzen, fynt er Felix op syn paad. Nei’t Oscar it bloed sawat ta sûpe wurden is, kin er net oars as Felix de doar út sette. Dy fynt, hoe kin it ek oars, in waarm ûnthaal by, jawol, de Ingelske susters. Dit is de heareferzje fan de (ek ferfilme) komeedjze fan Neil Simon, ûnder oaren ferneamd om syn izersterke dialogen. Yn dizze oersetting prate de manlju (Amerikanen) wâldfrysk, wylst de beide Ingelske dames klaaifrysk, suver hast boekefrysk, prate. GRAPPICH WIKSELJILD (FUNNY MONEY) Klucht fan Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 2 froulju en 6 mânlju Harry Bron komt oerallich thús, hy seit neat en siket om de gouden gids, hy wol in reisburo skilje en dalik mar ôfstekke. Wytske syn frou, o sa húslik, wol witte wat him mankearret, mar Harry is net bysteat útlis te dwaan en bûkt wyldwei in reis mei de KLM en jit Wytske de koffers yn te pakken. Dan fertelt er dat er by ûngelok in ferkearde koffer meinommen hat út de trein. Yn de koffer sit in grutte slompe jild. Wytske wurdt fjoerbenaud en wol perfoarst net mei nei Barcelona of wêr dan ek mar hinne. De doarskille giet en fan dat stuit ôf wurdt it in gekkehûs. Harry en syn frou komme hielendal yn de benearring te sitten en mei leagen

en bedroch besykje se dêr út te reitsjen. DE BEKEARLINGE (THE CONVERTIBLE GIRL) F 14 In komeedzje fan Danny Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 2 froulju, 7 mânlju Christina (Chris) Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske, âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei ferlechjes, sadat er net trouwe hoecht. Hoewol ‘t er oprjocht fan har hâldt, doart er it nei twa mislearre houliken net oan. At er as reden oanfiert dat syn mem djip religieus is, en dus in houlik net akseptearje sil omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen. Se giet op les en rint alle prosedueres troch dy ‘t by in bekearing hearre. Yn ‘t earst docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske geloof har yn ‘e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei har bekearing net fan doel is om mei har te trouwen, en at dan ek noch es Ron syn mem opdraven komt, dy ‘t folslein it tsjinoerstelde is fan in âlde, djipgelovige frou, is foar Chris de maat fol. Se stelt him in ultimatum. Of hy freget har binnen tsien sekonden at se mei him trouwe wol, of se giet foargoed by him wei. Ron kiest, nei in wize libbensles fan syn mem, aaien foar syn jild en freget syn freondinne om mei him te trouwen. DE POTFISK F 27 Toanielstik skreaun troch Frank Houtappels, Fryske oersetting fan Sj. Wiersma, 3 froulju, 1 manlju "De Potfisk" is in komeedzje en giet oer twa susters, Mia en Roas en harren mem, Ingrid Visser. De beide susters binne tige ferskillend fan aard. Fierders is der noch in freon, Walter v d Werff, dy't allerhande karweikes foar Ingrid docht. Hy is noch in âld skoalfreon fan Mia en Roas. As Roas thús komt út Bangkok, omdat heit is ferstoan, lit Mia har witte dat mem begjint te demintearjen en dat it sa net langer mear kin. Nei heit syn kremaasje, wit mem net wer't heit útstruit wurde moat. Se wiene trout, dat wol, mar dêr wie ek alles mei sein. Mem wol fuort, oare omjouwing, se wol reizgje. Se giet nei Bangkok, nei Roas en nimt de urn mei. As mem yn Bangkok in oaljefant keapje wol en letter in oanspielde potfisk wer werom de see yntriuwe wol, begripe de beide susters dat it nei alle gedachten net goed komt mei mem. OP "RUCH FINNE" M 421 W .A. Brouwer, 3 froulju, 2 manlju De schrijver: Mei de strekking fen dit stikje wiermynopset urn dódlik tomeitsjen, del dertwisken alderen bem wolris ûnienichkeit kornrne kin, maf, as de kniper op'e skine komt, lang om let, it alder- en it bemehert dochs wer sprekke scille ! KONJAK EN KURATELE (KUCKUCK ÛND KOGNAK) Blyspul yn trije bedriuwen fan Kurt Huemer, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju Andreas Engwirda , konjak fabrikant en lêste ôfstammeling út in aadlik slacht ,hat noch in lyts famylje bedriuwke dat net sa bêst mear rint, hy is al sa goed as fallyt. Hy lit him ûnder kuratele stelle yn de hoop dat syn húsfreon doktor Heeres- in frouljusgek en stikume leafde fan syn frou- kurator wurde sil, mar dit is in folsleine misrekken. Ynstee fan dy húsfreon , wurdt de kollega fan Heeres , de hear Snoey kurator. En dan is de boat oan. Dizze Snoey is in man dy’t de wet eptich útfiert, boppedat is er oergeunstich op de libbenswize fan syn kollega Heeres. Troch dizze omstannichheden komt de famylje Engwirda danich in de knoei te sitten. De grutste finansjele post wurdt dalik as skrast , yn dit gefal it leafdes nusje ( djoere went ) fan de twadde bysliep fan Engwirda. Mar de leafdesaffêres fan Heeres sitte Snoey ek danich dwers. It wurdt in hektyske tastân. Mar dan ûntdekt Snoey op in ynspeksjetocht yn de kelder fan Engwirda efter in bline muorre tritichtûzen flessen âlde konjak út it jier 1843, bewarre bleaun en ferside brocht troch de foarfaar fan Andreas de Hear Wytse fan Harich -Engwirda . Der komt in slompe jild los en de kurator dy’t noait ris út’e baan sprongen is wurdt no in oar mins. Hy ûntwikkelt him as in slimme sakeman, mar kin de weelde net altyd ferdrage, mar krekt op tiid komt er ta himsels en wit hoe’t er fierder hannelje moat. Heeres wurdt fuortpromofearre nei Aruba ta en sels wurdt Snoey fennoat fan de goed beklante firma Snoey en Engwirda, mei filialen op Aruba en Galapagos. SPIKER-BAK-EN KO (SPIJKERHARD) In komeedzje yn acht tafrielen fan Aris Bremer, Fryske oersetting Alle Geart Hof, 3 froulje, 3 mânlju Simen Spiker, direkteur fan de widdo Spiker en Co yn kratten en kisten, komt nei in hertoperaasje as werberne op syn bedriuw werom. Syn 294 meiwurkers en syn frou hawwe foar de takomst ferskate ferwachtings fan him. Mar syn bloed krûpt no wêr’t it net gean kin. Mei syn wylde plannen mei de firma, stjit er syn trouwe kompanjon Ko foar de holle. Troch dat er fereale wurdt op in oar, krijt er problemen mei syn frou Adda en mei syn sekretaresse Bak. De jeuchlike bloedmoaie kantoarhelp Keke wit hy ek net langer te boeien. As dan de stazjêr Hotse mei grutte ideeën him ek noch ferlit, feroaret it libben foar Simen yn in nachtmerje. Simen komt út de krisis werberne werom yn de wrâld fan kisten en kratten. TURKSE MASSAAZJE (A TOE IN THE WATER) F 20 In komeedzje yn twa bedriuwen troch Derek Benfield. In it Frysk oerset troch: Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju Lubke hat foar har en har freon Berend Wotte de glêzewasker in keamer besprutsen yn in kueroarde mei Turks bad. Se is der wis fan dat har rike heit Gerlof Zandstra perfoarst gjin glêzewasker ha wol as skoansoan en hy sil har noait yn in kueroarde sykje. Har heit hat om by te kommen fan syn wurksum libben ek in wykein kueren boekt. It is in grutte skok foar Lubke at se fernimt dat heit op itselde adres kuert. Ek de sekretaresse fan Zandstra Sibrich, is oanwêzich.., sy is fan doel har baas te fersieren, mar dat giet net flot fan de trie..Lokkich komt de frou fan Gerlof Zandstra Marije oanwippen op it stuit dat Gerlof troch fersin heal neaken op’e keamer fan syn sekretaresse is. Marije komt harren hast oer’t mad. De ienige dy’t de ploaien in bytsje glêd strike kin is de manager menhear Palsma. Palsma libbet neffens âlderwetske fatsoensnoarmen en hy kin sa’n soad ûnfatsoen hast net ferneare. Dochs kin er net hielendal tefoaren komme dat er sels ek wolris saneamde noarmen en wearden oer board sette moat. Dit stik is foar eltse toanielferiening in útdaging! DRIUWSÂN! (A FLY IN THE OINTMENT) F 16 Klucht yn twa bedriuwen troch Derek Benfield, yn it Frysk oeretten troch Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju As Radmer Teakema, Steatssekretaris fan Miljeu op in waarme middei yn de simmer ynbrekt yn it simmerhûs fan syn oerhuorrige leafde Dora sykjend nei de foto’s dêr’t se him mei sjanteart, wurdt er spitigernôch steurd troch har thúskomst .Dora tinkt dat er de relaasje mei har ferfetsje wol. Wylst Dora har opmakket foar in hertstochtlik jûntsje, komt der in stream fan net noege gasten delsetten. De frou fan Radmer dy’t fermoedens hat dat er der in oare relaasje opnij hâldt en him dêrom efternei reizge is..In seksueel frustrearre wykpolysje en in oansketten húsdokter dy’t al jierren fereale is op de frou fan Radmer.In webbe fan leagens dy’t Radmer útstruit om syn politike libbenspaad te rêden, wurdt daliks troch Albert - in slûchslimme pizzabesoarger úinoar raffele. De yngrediïnten foar in hylaaryske klucht fan Derek Benfield. IT DINEETSJE (THE DINNER PARTY) F 28 Komeedzje fan Neil Simon, oersetting Tryntsje van der Zee, 3 froulju, 3 manlju In oangripende relaasjekomeedzje, dy't him ôfspilet yn in aparte romte fan in eksklusyf restaurant. Hiel sjyk allegear. Der stiet in feestlik klearmakke tafel foar seis gasten te wachtsjen. Ien foar ien ferskine se; earst trije hearen, alhiel yn styl oanklaaid, klear foar dit bysûndere itentsje. Se kenne mekoar net en hawwe elk foar oar in hiel oare achtergrûn. Ien, nee twa dingen ha se gemien, docht bliken: se binne alle trije skieden en se ha alle trije juridyske bystân hân fan deselde advokaat, de man dy't ferantwurdlik is foar de útnoeging foar dit diner. De mannen besykje der achter te kommen wat de bedoeling wêze kin fan dit mysterieuze itentsje. Dan ferskine de oare trije gasten: allegear bysûnder sjarmante en goed fan 'e tongriem sniene dames. Unferwachte ynfallen, pynlike konfrontaasjes en fûle diskusjes binne it gefolch. Stapke foar stapke ûntspint him ferrassende yntrige. In stik dat boeit en ferdivedearret troch in subtile ôfwikseling fan mysterieuze spanning, oprjocht oangripende konfrontaasjes en bytiden slapstickachtige mominten. En dat yn masterlike Neil Simon dialogen mei briljante "one-liners" dy't as pinpong baltsjes oer de planken fleane. Yn 2002 wie dizze komeedzje in absolute "hit" op Broadway. Yn de winter fan 2003 waard dizze nijste fan Neil Simon troch it beropstoaniel yn Nederlân yntrodusearre. En no dus ek yn de eigen taal beskikber foar it Fryske amateurtoaniel. FERDWAALD YN NEW YORK (LOST IN YONKERS) F 19 In toanielstik fan Neil Simon (winner PULITZER PRIIS foar drama 1991), Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 3 froulje, 4 mânlju New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan

en bedroch besykje se dêr út te reitsjen.

DE BEKEARLINGE (THE CONVERTIBLE GIRL)

F 14 In komeedzje fan Danny Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 2 froulju, 7 mânlju

Christina (Chris) Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske,

âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei

ferlechjes, sadat er net trouwe hoecht. Hoewol ‘t er oprjocht fan har

hâldt, doart er it nei twa mislearre houliken net oan. At er as reden

oanfiert dat syn mem djip religieus is, en dus in houlik net akseptearje sil

omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen. Se giet op

les en rint alle prosedueres troch dy ‘t by in bekearing hearre. Yn ‘t earst

docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske

geloof har yn ‘e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei

har bekearing net fan doel is om mei har te trouwen, en at dan ek noch

es Ron syn mem opdraven komt, dy ‘t folslein it tsjinoerstelde is fan in

âlde, djipgelovige frou, is foar Chris de maat fol. Se stelt him in

ultimatum. Of hy freget har binnen tsien sekonden at se mei him trouwe

wol, of se giet foargoed by him wei. Ron kiest, nei in wize libbensles fan

syn mem, aaien foar syn jild en freget syn freondinne om mei him te

trouwen.

DE POTFISK

F 27 Toanielstik skreaun troch Frank Houtappels, Fryske

oersetting fan Sj. Wiersma, 3 froulju, 1 manlju

"De Potfisk" is in komeedzje en giet oer twa susters, Mia en Roas en

harren mem, Ingrid Visser. De beide susters binne tige ferskillend fan

aard. Fierders is der noch in freon, Walter v d Werff, dy't allerhande

karweikes foar Ingrid docht. Hy is noch in âld skoalfreon fan Mia en

Roas. As Roas thús komt út Bangkok, omdat heit is ferstoan, lit Mia har

witte dat mem begjint te demintearjen en dat it sa net langer mear kin.

Nei heit syn kremaasje, wit mem net wer't heit útstruit wurde moat. Se

wiene trout, dat wol, mar dêr wie ek alles mei sein. Mem wol fuort, oare

omjouwing, se wol reizgje. Se giet nei Bangkok, nei Roas en nimt de urn

mei. As mem yn Bangkok in oaljefant keapje wol en letter in oanspielde

potfisk wer werom de see yntriuwe wol, begripe de beide susters dat it

nei alle gedachten net goed komt mei mem.

OP "RUCH FINNE"

M 421 W .A. Brouwer, 3 froulju, 2 manlju

De schrijver: Mei de strekking fen dit stikje wiermynopset urn dódlik

tomeitsjen, del dertwisken alderen bem wolris ûnienichkeit kornrne kin,

maf, as de kniper op'e skine komt, lang om let, it alder- en it bemehert

dochs wer sprekke scille !

KONJAK EN KURATELE (KUCKUCK ÛND KOGNAK)

Blyspul yn trije bedriuwen fan Kurt Huemer, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju

Andreas Engwirda , konjak fabrikant en lêste ôfstammeling út in aadlik

slacht ,hat noch in lyts famylje bedriuwke dat net sa bêst mear rint, hy is

al sa goed as fallyt. Hy lit him ûnder kuratele stelle yn de hoop dat syn

húsfreon doktor Heeres- in frouljusgek en stikume leafde fan syn frou-

kurator wurde sil, mar dit is in folsleine misrekken. Ynstee fan dy

húsfreon , wurdt de kollega fan Heeres , de hear Snoey kurator. En dan

is de boat oan. Dizze Snoey is in man dy’t de wet eptich útfiert,

boppedat is er oergeunstich op de libbenswize fan syn kollega Heeres.

Troch dizze omstannichheden komt de famylje Engwirda danich in de

knoei te sitten. De grutste finansjele post wurdt dalik as skrast , yn dit

gefal it leafdes nusje ( djoere went ) fan de twadde bysliep fan Engwirda.

Mar de leafdesaffêres fan Heeres sitte Snoey ek danich dwers. It wurdt

in hektyske tastân. Mar dan ûntdekt Snoey op in ynspeksjetocht yn de

kelder fan Engwirda efter in bline muorre tritichtûzen flessen âlde konjak

út it jier 1843, bewarre bleaun en ferside brocht troch de foarfaar fan

Andreas de Hear Wytse fan Harich -Engwirda . Der komt in slompe jild

los en de kurator dy’t noait ris út’e baan sprongen is wurdt no in oar

mins. Hy ûntwikkelt him as in slimme sakeman, mar kin de weelde net

altyd ferdrage, mar krekt op tiid komt er ta himsels en wit hoe’t er fierder

hannelje moat. Heeres wurdt fuortpromofearre nei Aruba ta en sels

wurdt Snoey fennoat fan de goed beklante firma Snoey en Engwirda,

mei filialen op Aruba en Galapagos.

SPIKER-BAK-EN KO (SPIJKERHARD)

In komeedzje yn acht tafrielen fan Aris Bremer, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 3 froulje, 3 mânlju

Simen Spiker, direkteur fan de widdo Spiker en Co yn kratten en kisten,

komt nei in hertoperaasje as werberne op syn bedriuw werom. Syn

294

meiwurkers en syn frou hawwe foar de takomst ferskate ferwachtings

fan him. Mar syn bloed krûpt no wêr’t it net gean kin. Mei syn wylde

plannen mei de firma, stjit er syn trouwe kompanjon Ko foar de holle.

Troch dat er fereale wurdt op in oar, krijt er problemen mei syn frou

Adda en mei syn sekretaresse Bak. De jeuchlike bloedmoaie

kantoarhelp Keke wit hy ek net langer te boeien. As dan de stazjêr

Hotse mei grutte ideeën him ek noch ferlit, feroaret it libben foar Simen

yn in nachtmerje. Simen komt út de krisis werberne werom yn de wrâld

fan kisten en kratten.

TURKSE MASSAAZJE (A TOE IN THE WATER)

F 20 In komeedzje yn twa bedriuwen troch Derek Benfield. In

it Frysk oerset troch: Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju

Lubke hat foar har en har freon Berend Wotte de glêzewasker in keamer

besprutsen yn in kueroarde mei Turks bad. Se is der wis fan dat har rike

heit Gerlof Zandstra perfoarst gjin glêzewasker ha wol as skoansoan en

hy sil har noait yn in kueroarde sykje. Har heit hat om by te kommen fan

syn wurksum libben ek in wykein kueren boekt. It is in grutte skok foar

Lubke at se fernimt dat heit op itselde adres kuert. Ek de sekretaresse

fan Zandstra Sibrich, is oanwêzich.., sy is fan doel har baas te fersieren,

mar dat giet net flot fan de trie..Lokkich komt de frou fan Gerlof Zandstra

Marije oanwippen op it stuit dat Gerlof troch fersin heal neaken op’e

keamer fan syn sekretaresse is. Marije komt harren hast oer’t mad. De

ienige dy’t de ploaien in bytsje glêd strike kin is de manager menhear

Palsma. Palsma libbet neffens âlderwetske fatsoensnoarmen en hy kin

sa’n soad ûnfatsoen hast net ferneare. Dochs kin er net hielendal

tefoaren komme dat er sels ek wolris saneamde noarmen en wearden

oer board sette moat.

Dit stik is foar eltse toanielferiening in útdaging!

DRIUWSÂN! (A FLY IN THE OINTMENT)

F 16 Klucht yn twa bedriuwen troch Derek Benfield, yn it

Frysk oeretten troch Alle Geart Hof, 3 froulju, 3 mânlju

As Radmer Teakema, Steatssekretaris fan Miljeu op in waarme middei

yn de simmer ynbrekt yn it simmerhûs fan syn oerhuorrige leafde Dora

sykjend nei de foto’s dêr’t se him mei sjanteart, wurdt er spitigernôch

steurd troch har thúskomst .Dora tinkt dat er de relaasje mei har

ferfetsje wol. Wylst Dora har opmakket foar in hertstochtlik jûntsje, komt

der in stream fan net noege gasten delsetten. De frou fan Radmer dy’t

fermoedens hat dat er der in oare relaasje opnij hâldt en him dêrom

efternei reizge is..In seksueel frustrearre wykpolysje en in oansketten

húsdokter dy’t al jierren fereale is op de frou fan Radmer.In webbe fan

leagens dy’t Radmer útstruit om syn politike libbenspaad te rêden, wurdt

daliks troch Albert - in slûchslimme pizzabesoarger úinoar raffele. De

yngrediïnten foar in hylaaryske klucht fan Derek Benfield.

IT DINEETSJE (THE DINNER PARTY)

F 28 Komeedzje fan Neil Simon, oersetting Tryntsje van der

Zee, 3 froulju, 3 manlju

In oangripende relaasjekomeedzje, dy't him ôfspilet yn in aparte romte

fan in eksklusyf restaurant. Hiel sjyk allegear. Der stiet in feestlik

klearmakke tafel foar seis gasten te wachtsjen. Ien foar ien ferskine se;

earst trije hearen, alhiel yn styl oanklaaid, klear foar dit bysûndere

itentsje. Se kenne mekoar net en hawwe elk foar oar in hiel oare

achtergrûn. Ien, nee twa dingen ha se gemien, docht bliken: se binne

alle trije skieden en se ha alle trije juridyske bystân hân fan deselde

advokaat, de man dy't ferantwurdlik is foar de útnoeging foar dit diner.

De mannen besykje der achter te kommen wat de bedoeling wêze kin

fan dit mysterieuze itentsje. Dan ferskine de oare trije gasten: allegear

bysûnder sjarmante en goed fan 'e tongriem sniene dames.

Unferwachte ynfallen, pynlike konfrontaasjes en fûle diskusjes binne it

gefolch. Stapke foar stapke ûntspint him ferrassende yntrige. In stik dat

boeit en ferdivedearret troch in subtile ôfwikseling fan mysterieuze

spanning, oprjocht oangripende konfrontaasjes en bytiden

slapstickachtige mominten. En dat yn masterlike Neil Simon dialogen

mei briljante "one-liners" dy't as pinpong baltsjes oer de planken fleane.

Yn 2002 wie dizze komeedzje in absolute "hit" op Broadway. Yn de

winter fan 2003 waard dizze nijste fan Neil Simon troch it beropstoaniel

yn Nederlân yntrodusearre. En no dus ek yn de eigen taal beskikber foar

it Fryske amateurtoaniel.

FERDWAALD YN NEW YORK (LOST IN YONKERS)

F 19 In toanielstik fan Neil Simon (winner PULITZER PRIIS

foar drama 1991), Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 3

froulje, 4 mânlju

New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!