07.02.2013 Views

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

Basis catalogus a tot z t/m 2005 - Toneeluitgeverij Vink

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

FRIESE TONEELWERKEN

OAN'E EIN FAN DE ASPERZJETIID (AAN HET EIND VAN DE

ASPERGETIJD)

F32 Avondvullend toneelstuk door Frank Houtappels, Frieze

vertaling Sj. Wiersma, 4 dames

Annie: runt mei har dochter Sophie in kapperssaak yn in rêstich Noardlimburgs

doarpke. Annie har houlik is op'e non rûn. Kitty: is mei Wim, de

doarpsdokter trout. It liket in prima houlik te wêzen. Wim moat geregeld nei

kongressen yn Amsterdam. Hy oernachtet dan by Francien. Mar giet hy wol

nei dy kongressen? Doe't Francien achttjin jier wie is se al nei Amsterdam ta

gien, se woe besykje om dêr oan'e bak te kommen as toanielspylster. As we

har liuwe meie dan is dat goed slagge. Mar is dat ek sa? Sophie: rekket

fereale op ien fan de asperzje stekkers, in Poal en wol mei him trouwe. Mar

is har mem dêr wol sa bliid mei?Wylst de lêste asperzjes stutsen wurde,

makket âld sear plak foar nij sear. En dochs besyket de famylje de bân yn

stân te hâlden.

DE COME-BACK FAN DE SUNSHINE-BOYS (DE SUNSHINE-BOYS)

F 1 Komeedzje yn twa bedriuwen fan Neil Simon, Fryske

oersetting Gurbe Dijkstra, 1 dame, 4 hearen

In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op

foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes

dien foar de radio. As in televyzje-stasjon in retrospektive meitsje wol

oer de revu's fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre nochris wer de

ferneamde "doktersskets" te dwaan. Willy Bogaard haldt him de leste

tiid dwaande meitt ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van

Os docht it noflik kalm-oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle

kanten gans op'e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te

krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek ald sear en skeel

wer boppe.

LESTIGE LEAFDE OP IN LETTE MIDDEI (LAST OF THE RED HOT

LOVERS)

F 21 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 2 froulju, 2 mannen

Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijeentweintich

jier gedroegen as in treflike heit en echtgenoat. Hy wol lykwols ek wol es

de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje, en noeget achter elkoar in

oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte, wurkleaze

nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it

appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije

froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat,

en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te

fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma,

syn eigen frou.

HOE LANG MOATTE JÓ NOCH? (HOE LANG MOET U NOG?)

In komeedzje yn ien bedriuw fan Aris Bremer, Fryske

oersetting Alle Geart Hof, 2 froulju, 3 mânlju

Rikele en Durkje binne mei harren soan oan’t kampearen .Se treffe it net

, want it reint alle dagen en as it waar opset en de wolkens brekke, komt

der in oare boai opsetten, it binne pake en beppe, Rikele syn

skoanfolk.Pake hat in bedriuw wêr’t Rikele ek wurket, mar Rikele docht

it syn skoanheit lang net nei’t sin en pake hat der in hantsje fan Rikele

leech wei te lizzen. It minne waar en de net winske besite bringe fral

Rikele yn wanhope.

YT MAR IN BROGGE MEI (WHY NOT STAY FOR BREAKFAST)

In komeedzje yn trije bedriuwen fan Gene Stone en Ray

Cooney, Fryske oersetting Alle Geart Hof,

2 froulju, 3 mânlju

It stik spilet yn in flat wêr’t folk húsmannet fan alderhanne slach. Wimer

Kuiken , in amtner, wennet op de earste ferdjipping en is drok dwaande

foar himsels yn’e keuken suki yaki klear te meistjen at er steurt wurdt

troch tillefoan fan syn suster. It petear rint net alte bêst want op in

ferdjipping heger wurdt omraak leven makke mei hurde muzyk en dûns.

De muzyk stûket , mar no wurdt der mei fan alles smiten, se hawwe dêr

in daverjende rûzje. It is eefkes stil, dan wurdt der skille by de foardoar

fan Wimer.Wimer docht iepen...Lamkje in hippy komt der yn wabbeljen,

se is der troch har “ freon “ útsmiten. Se giet mei har grou liif- se rint op

alle dagen - op’e bank lizzen en se is net fan doel wer op te stappen...In

prachtige komeedzje; lêze en spylje.

293

AS DE HORMOANEN OPSPREKKE (WIFE BEGINS AT FORTY)

In komeedzje yn twa bedriuwen fan Anne Sultan, Earl

Barret en Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart Hof,

2 froulju, 4 mânlju en in.. hûn

Sa’t de titel ek al oanjout sitte guon minsken mei in “ midlife krisis “ te

hâlden en te kearen.Om healweitwaën yn de nacht sit pake Beint

Keestra mei syn hûn Sneuvel foar de t.v. te wachtsjen oant syn soan en

de frou ris thúskomme sille. Daliks dêrnei komt syn soan Doeke mei in

grut poeha der yn, mar sûnder Linda syn frou. Dy hinget noch earne yn

de strúken, mar dat sil him in soarch wêze. As Linda binnensilen komt

wol se noch in sliepdrankje ha en mei de buorlju Boukje en Haaie wurdt

it noch letter. De oare deis ferteld se Boukje dat it tusken har en har

man seksueel net mear funksionearret, mar ûntdekt dan dat it tusken

Boukje en Haaie ek net sa foar de wyn giet. Troch ferskate ferwikkelingen

wurde se allegear nuver troch de mostert fitere. In modern en

spylber stik.

IT GEFOEL FAN ABE SANTEMA

Fleurich depressyf yn vier bedriuwen, skriuwer Jan

Schokker, 2 froulju, 4 mannen + stim

As ien fan de âlden komt te stjerren wurd faaks alles oars. Dingen diet jo

sa gewoan wiene komme yn in oar ljocht te stean en it gefoel bringt

langsten nei boppe diet ferstoppe wiene. Mar ek oare saken wurde

iepenbier. Dit liket allegear sa swier en dreech, mar it gefoel bringt ek

moaie dingen boppe.

IN DOAZE FOL KROMMEN (THE GINGERBREAD LADY)

F 5 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe

Dijkstra, 2 froulje, 4 mânlju

In populêre sjongster dy't yn de goate rekke is troch drank en seks komt

thús út in ôfwenningsklinyk. Har freondinne, har dochter en in akteur

besykje har te helpen om har oan te passen oan in libben sûnder drank.

Se ha alle trije in tsjinoerstelde útwurking op har. De freondinne is der

grutsk op dat se har man kwyt rekket. De akteur, dy't homoseksueel is,

hat problemen omdat hy trije dagen foar de premjêre fan in stik nei hûs

stjoerd is, en har dochter freget mear oandacht en leafde dan't se jaan

kin. Dan komt der in eks-freon dy't har achterlit mei in blau each. At in

jierdeifeest út de hân rint wurdt se hinne en wer slingere nei har eigen

tragyske ein. It ferhaal is in kombinaasje fan in amusante komeedzje

mei in atmosfear fan ellinde. De karakteristike humor fan Neil Simon is

op syn bêst en it serieuze ferhaal oandwaanlik.

IN NUVER STEL (THE ODD COUPLE)

F 6 Heareferzje fan Neil Simon. Oersetting Tryntsje van der

Zee, 2 dames, 6 hearen

Oscar Madison, goed fjirtiger, is sûnt frou en bern by him weigien binne,

allinne wenjen bleaun yn it lûks appartemint fan in flat yn New York. Alle

freedtejûnen komt in ploechje maten by him te pokerjen. It skynt dat

Oscar, hoewol’t er tige gaotysk is, him aardich goed rêde kin allinne.

Nei’t ien fan de freonen, Felix Ungar, ek by de frou wei rekket, is Oscar

daliks ree dy by him yn ‘e hûs te nimmen. Syn flat mei acht keamers is

grut genôch, n’t wier? En alle freonen binne it der oer iens dat Felix

better net allinne litten wurde kin. Hy soe him sels ris wat oandwaan

kinne. Mar, Oscar en Felix lykje likefolle op elkoar as nacht en dei. Dat

giet dus mis. Ek al mei om’t yn itselde flatgebou twa Ingelske susters

wenje, moaie jonge froulju, dêrt’t Oscar wol wat mei op hat. Yn syn

besykjen it mei de dames oan te lizzen, fynt er Felix op syn paad. Nei’t

Oscar it bloed sawat ta sûpe wurden is, kin er net oars as Felix de doar

út sette. Dy fynt, hoe kin it ek oars, in waarm ûnthaal by, jawol, de

Ingelske susters. Dit is de heareferzje fan de (ek ferfilme) komeedjze fan

Neil Simon, ûnder oaren ferneamd om syn izersterke dialogen. Yn dizze

oersetting prate de manlju (Amerikanen) wâldfrysk, wylst de beide

Ingelske dames klaaifrysk, suver hast boekefrysk, prate.

GRAPPICH WIKSELJILD (FUNNY MONEY)

Klucht fan Ray Cooney, Fryske oersetting Alle Geart

Hof, 2 froulju en 6 mânlju

Harry Bron komt oerallich thús, hy seit neat en siket om de gouden gids,

hy wol in reisburo skilje en dalik mar ôfstekke. Wytske syn frou, o sa

húslik, wol witte wat him mankearret, mar Harry is net bysteat útlis te

dwaan en bûkt wyldwei in reis mei de KLM en jit Wytske de koffers yn te

pakken. Dan fertelt er dat er by ûngelok in ferkearde koffer meinommen

hat út de trein. Yn de koffer sit in grutte slompe jild. Wytske wurdt

fjoerbenaud en wol perfoarst net mei nei Barcelona of wêr dan ek mar

hinne. De doarskille giet en fan dat stuit ôf wurdt it in gekkehûs. Harry

en syn frou komme hielendal yn de benearring te sitten en mei leagen

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!