26.12.2013 Views

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Pyt Kramer

dûtsk trochinoar brûkt, Spitigernöch wurde nearne de mei de skriuwwize oerienkommende

fonetyske tekens oanjûn en is oars de lûdbeskriuwing ek net sa düdlik.

B.g. "Der Lautwert von aa, aä, ee, 00, ÖÖ, uu und üü entspricht der jeweiligen

Artikulation im Hochdjeutschen]", Dochs liket it foar de fokalen lykas yn it

Sealtersk om in fjouwert-trimesysteem te gean. Opfallend is noch in lûd ae

("zwischen a und ä artikuliert"), Om't it ek gelyk steId wurdt oan -er-, moat faaks

oan in wat rune lûd [/\1 tocht wurde, By de twalûden liket oars as yn it Sealtersk

fonologyske opposysje te bestean tusken äi en eei en tusken au en ou [ou].

By de bylûden wurdt in goede beskriuwing fan de r jûn, mar moatte wy

riede nei de ûtspraak fan g en sch. Opfallend foar in Nedersaksyske tongslach is

de skerpe [sJ oan it wurdbegjin foar fokalen. Hy wurdt oanjûn mei ss en komt

foar yn inkelde tsiental1en wurden, sûnder dat der oare fokalen op folgje as by de

faker foarkommende stimhawwende [z], dy 't as s stavere wurdt. \

Dochs lykje der wol oarsaken foar dy ss te wêzen. Sa kin yn ssä ämtig

'santich' njonken säaben, sääwen 'sän' de álde ts trochskine en yn ssaaterdags

'sneons' njonken Saaterdaeeh it älde des. Dan fine wy älde lienwurden ût

Romaanske talen: ssangen 'violett', Ssaort 'Sorte', Ssint 'Sankt', ssoober

'vertrauenswürdig..'. Hjir soene wy dus faaks ek lienwurden ût it Frysk werfine

kinne en dat liket dûdlik it gefal by Ssaoks 'altes Messer' (Sealtersk Soaks,

Saaks 'mês'), Inselde gefal docht him foar yn Westerkertiersk hiender 'paard,

alleen in verachteIike betekenis: nol hiender' ferlike mei Frysk hynder.l

Yn deselde sfear lizze Baor yn daet is 'n Baor van Keerl, yn it wurdboek

sels al ferlike mei Sealtersk Boar 'bear' en Tuuske'Eckzalm, ReiBzahn [fan hûn]'

ferlike mei Sealtersk Tusk [tosk] 'tosk'i? It omkearde fine wy faaks yn Sealtersk

kookje 'schlecht kochen' ferlike mei Hümmlingsk kaoken 'kochen'. In oar wurd

fan mûglik Sealtersk komöf is Weunjääger 'wilder Bursche (Schimpfwort)', Yn it

Sealtersk wurdt it neamd fan Strackerjann as Wojnjäger 'der wilde Jäger', in

boppenatuerlik wêzen. 3 Al soe dêr de goadenamme Wodan yn sitte, dan sil grif

mei Siebs ynfloed fan Sealtersk Woain, Wain 'wein' oannommen wurde moatte.f

Njonken dizze spesiale ferbiningen is der ek in algemiene eftergrûn fan

oerienkomsten mei it Sealtersk. By it trochsjen fan it wurdboek docht bliken dat

it grutste part fan 'e wurden parallelfoarmen yn it Sealtersk hat. Dat jildt fansels

87-93.

1 K. ter Laan, Nieuw Groninger Woordenboek, Groningen 1929 1 , s. 319.

2 Ferl. dêrfoar A. Spenter, 'Altfriesisch tusk, 'Zalm", Us Wurk 13 (1964), s.

3 L. Strackerjann, Aberglaube und Sagen aus dem Herregthum Oldenburg,

Oldenburg 1867 1 , dl. I, s. 369.

4 Th. Siebs, 'Das Saterland', Zeitschrifi des Vereins für Volkskunde, 1893, s.

394.

114

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!