26.12.2013 Views

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

In Grinswurdboek

Heinrich Book in Zusammenarbeit mil Hans Taubken, Hûmmlinger Wörterbuch

aufder Grz/lldlage der Loruper Mundart. Verlag des Emsländischen Heimatbundes,

Sögel (1993j, 318 siden, DM 39, 80.

De tiid is lang foarby dat wy ynfloeden fan bûten op it Frysk mienden

ferwaarleeazgje te kinnen. Fral wurk fan krekt oare kant de taalgrins is dêrom fan

grut belang. Om dy reden is der mei niget ütsjoen nei it earste diel fan it

Stellingwiufs Woordeboek. Justjes earder is lykwols in oar wurdboek ferskynd,

dat om de deselde reden ûs oandacht freget. Dat is it Hümmlinger Wörterbuch fan

Heinrich Book yn oparbeidzjen mei Hans Taubken.

De Hümmling is it gebiet dat südeastlik leit fan it Frysktalige

Sealterläri. Krekt as Sealterlän hearde it oant 1803 ta it bisdom Münster, lykwols

ta it amt Meppen, dat doe al gau by Hannover kaam, wylst Sealterlán mei

Cloppenburg by Oldenburg yndield waard.

Oars as it Stellingwerver behannelt dit wurdboek de dialektgeografy tige

koart om 'e hoeke - mar ien alinea - en konsintrearret him fierders op 'e tongslach

fan ien doarp, Foar ûs doel is it tige aardich, dat dat it doarp Lorup is, op sa 'n 18

kilometer öfstän by älds de neiste sûdeastlike buorman fan it doe südlikste

Sealter doarp Schäddel.

De Schäddelers hiene troch it rivierke de Ohe wol kontakt mei dy fan

Lorup. Der is seIs sprake fan in houlik, dêr 't spul om kaam oer län, wat om

1550 ûtrûn op in komplete fjildslach tusken beide doarpen. Dochs is hjoeddedei

it kontakt wat swakker en de Sealters fine de taal fan de Hümmling in oarich

(eigenaardich) soarte Leechdütsk.

Lomp is it bertedoarp fan Book, de haadauteur, earder medysk direkteur

fan it sikehûs te Sendenhorst. Hy hat besocht om de taal fêst te lizzen sa 't dy yn

syn jeugd yn 'e tweintiger jierren praat waard. Sûnt 25 jier hat er boppedat tige

neifraach dien by lju ut Lomp, wylst er ek noch ynformaasje ut Vrees krige. Al

fan it begjin öf krige er stipe fan taalkundigen, earst fan Felix Wortmann en

letter by it grutte wurk fan Taubken. As risseItaat liket der no in aardich

kompleet wurdboek foar ûs te Iizzen. De 'gewoane' wurden (b.g. denken) lykje

goed fertsjintwurdige en fierders wurdt der by de grûnwurden hieltyd ferwiisd nei

de gearstallingen. By gans wurden wurde foarbylden fan gebrûkjûn.

De ynlieding jout in oersjoch fan de lûden, dy 't aardich konsekwint stavere

lykje te wurden, al wurdef en v krektlyk as een ä oerienkomstich Heech-

Tydskrift foar Fryske Taalkunde, jiergong 9 (1993), 113-115.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!