26.12.2013 Views

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Tony Feitsma

en langs dezen weg zou het mogelijk worden, eene volledige Friesche spraakkunst,

analo gisch, historisch, en met in acht neming der verschillende dialecten, zamen te

stellen. Dat was het derde deel, het doel van den voorbereidenden arbeid, de

rangschikking van het verzamelde en vergelekene.

Dy 'rangschikking' soe don sa't lyket ta un soarte fon analogy-kónklûzjes, ta it

fêststel1en (rekónstruearjen) fon 'genoegzaam doorgaande regels' yn de fwarmlear

liede matte. Fwar dy 'rangschikking' fon de grammatyka en fwar it ópstellen fon

dy regels soe Rask it fwarbyld wêze matte. Ot dot net mooglik wêze soe, don soe

it de baas wêze óm Grimm te fólgjen en behein it wurk ta it sammeljen en it

ferlykjen, Yn syn ópset en fwar un part ek yn de termynology dógt Telting syn

artykel tinken oan de ydeeën fon Valckenaer, mar dy namme kómt yn it hiele

stik net foar.

Harmen Sytstra hat net óp 'e ünyversyteit west en kin syn ydeeën dus

net kryge ha tróg ünyversytêr ûnderwiis, mar faaks is er wól beynfloede tróg

kóntakten mei meensken of pûblykaasjes üt dy rûnten. Hy wie un skwalmaster,

dy't him tige ûtlei óp fryske en olgemien taalkundige stûdzje, Lykemin os

Telting neamt Sytstra Hemsterhuis of Valckenaer.

Wól wurde yn de Spraakkunst bûkken neamd os Grimm's Deutsche

Grammatik (1822/1840), Rask's Frisisk Sprogleere (1835) (VIII), Bilderdijk,

Spraakleer (1826) (2), Schmeller, Glossarium Saxonicum (1840), Bosworth, A

dictionary ofthe Auglo-Saxon language (1838), en [Bosworth], The essentials of

Anglo-Saxon Grammar (1838) (138). Yn de bûkkelist nei Sytstra syn dea wurdt

ûnder mear neamd: Heyse, Hoogd. spraakleer. Dot mat de oersettinglbewurking

fon Heyse syn grammatyka's west ha tróg J.H. Behrns (1832). Sytstra koe

Behrns goed, en Heyse wie dûdestiids un bekinde grammatykus. Sytstra syn

grammatyka lyket yn gwón ópsichten óp Heyse syn wurk.

Grimm (1819, XI-XVII) ûnderskiedt trije soarten fon grammatyka's: un

fylosofyske, un krytyske en un histoaryske. De histoaryske hat syn fwarkar; dy

giet de ferhödingen tusken de ferskillende peryoaden en dyalekten nei; de krytyske

wól de 'goede' taal fon de bêste skriuwers fêsthöde; en de fylosofyske rjóchtet

him óp de etymologyske ofde logyske grûnnen fon de taal.

Heyse (1838, 10-11) syn teoretyske grammatyka kómt un einhinne

oerien mei de fylosofyske grammatyka fon Grimm, en wól de wetten, de bouw

en it wêzen fon de taal ûndersykje. Grimm syn krytyske grammatyka wurdt by

Heyse de praktyske neamd, mar dy mat wer syn grûnslag yn de teoretyske

grammatyka ha.

Sytstra stribbet nei 'eene goede spraakkunst, kort, maar volledig en

duidelijk de taal en hare regelen behandelende' (VII), dus un 'praktyske'

grammatyka mei regels fwar korrekt skreon frysk, basjerre óp 'histoarysk'

104

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!