26.12.2013 Views

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

Tydskrift foar Fryske aalkun e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Tony Feitsma

De Hemsterhusianen steane dûdlik yn de tradysje fon de achttjinde ieuw

en jerder. Itselde jildt ûtteraard fwar Halbertsma. Mar net ollinne Halbertsma is

ópbrocht by de lear fon de Schola Hemsterhusiana, ek Rask (cf. Diderichsen

1960,33-39) is yn dy geast óplaat en slût dêrby oan. Sels Grimm, dy't yn 1854

(00.-1984, 108-109) sók raar gwód spuit oer de metoade-Hemsterhuis, sil, sjoen

de bekindens fon dy metoade yn Dûtslön (cf. Noordegraaf 1995), dêr yn syn

jónge jirren mei yn 'e kunde kómmen wêze.

De histoarysk-analogyske grammatyka fon Barmen Sytstra (1817­

1862)

Halbertsma mei don it prymaat fon de sprutsen fólkstaal fooigene ha, dot wie, ek

yn Fryslön, net it gewoane betinken. Neffens Epkema (1824, XLIII-XLIV) wie

der (en jerde der ek te wêzen) lID wêzentlik ferskil tusken de sprutsen en de

skreone taal, yn it bysûnder wot de grammatykale wurden en ütgóngen oangiet.

It sprutsen frysk op it lön hie inkeld nog resten yn fon de öde taal en mwast

ferbettere wurde óm Uil yn wjirhyd régûljerre, grammatykale en süvere taal te

wurden. It fólsleine frysk wie fwar Epkema earst un 'ferbettere' Gysbert-frysk en

letter un soarte fon ödfrysk (dot wer un soad fon it hollönsk bie). Yn beide

gefollen waard de rol fon it deis tig praat aardig beheind yn de nwarm fon de

skreone taal (cf. Feitsma 1978,26-28).

It ûtgóngspunt fwar Harmen Sytstra syn grammatyka wie Uil artykel

fon mr. Albartus Telting (1803-1863). Dy hie fon 1812 ö 'een, vele jaren

voortgezet, bijzonder onderwijs van zijn' Grootvader [den Hoogleeraar Mr. J.W.]

de Crane' hön, en wie fon 1814-1819 óp de latynske skwalle yn Frjentsjer, mei

os learmaster de rektor H. Wassenbergh (de soan fon prof. Everwinus

Wassenbergh), 'die hem grooten lust inboezemde voor de studie der oude letteren'.

Fon 1819-1824 wie Telting studint oan de Frjentsjerter Akadeemje, mei os

learmasters ûnder mear De Crane en Wassenbergh (De Greve 77-78). Neffens it

'stûdinte-olbum' fon Wassenbergh (1768-1824) hat Telting fon 1819-1822

kol1eezjes gryksk by him fólge, mar gjin kolleezjes nederlönsk. Yn 1824 gie er

nei de greenzer hegeskwalle en dêr waard er yn 1826 doctor yn de rjóchten. Faaks

is Telting benammen tróg Wassenbergh óp 'e hichte kómmen fon de analogyteory

fon Valckenaer, wylst fonsels ek un skriftlike delslag fon dy lear yn de

ûtjefte fon Scheidius fon 1790/1805 (sjóg Valck 1743) beskikber wie. Ut un

lettere katalogus (Telting 1886) blykt nammers neat fon spesjale niget oan de

hemsterhusyaanske analogy (cf. ms. 355, 365 en 617; wól stiet ûnder nr. 320

Bopp 1833).

It artykel fon Telting (Iets over de grammaticale beoefening der Friesche

taal in haren geheel en omvang,1844) is de werjefte fon un lêzing dy't er óp 5

oktober 1840 fwar it Frysk Genoatskip hoden bie oer it ûndersyk dot dien wurde

102

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!