26.12.2013 Views

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

De analogy fan de Schola Hemsterhusiana (1)

langage; peu à peu il devient propre à représenter toutes nos idées de quelque

espèce qu'elles soient. [...] l'analogie est proprement un rapport de

ressemblance." (Verburg 1952,361-364).

Verburg (1952, 364) sjógt un hymelsbreed ferskil tusken dit

analogy-begryp en it klassyke, en ek de analogy fon de Hemsterhusianen is

neffens him hiel wot oars. Ik doar my dêr net ol te wis oer ut te sprekken, mar ik

sjóg dochs ek wól oerienkómsten mei de Hemsterhusianen, seker mei it

téoretyske analogy-begryp ut Hemsterhuis syn Lectio publica. Wól sjógt

Verburg ferbön mei de 'proefondervindelijke natuurkunde' fon Boerhave en

's Gravesande. Mar dy bringt Gerretzen (1940,11) (en Verburg 1952, 431?) no

krekt wer yn ferbön mei de Schola Hemsterhusiana. Dot sadwaande bliuw ik

ynjersten fon betinken dot der un beskate gelykenis is tusken de analogy by

Condillac en Hemsterhuis.

Tlbeeius Hemsterhuis

De yn de foarige seksje beskreone dûbbelde betsjutting fon it begryp analogy

kómt goed ut yn wot Hemsterhuis seit oer de analogia yn syn Lectio publica

(325-326; cf. Gerretzen 1940, 116-117 en 131-133):

Want de haadnamme tsjut de dingen sels aan, it tiidwurd de honnelingen fan de

meensken: de partikels binne der óm de teenzen te ferbynen. Fjirder mat yn it gebrûk

fan dizze ûnderdielen, dy't yn de talen fûn wurde, frol sjoen wurde nei un beskate

analogy en un hiel grutte oerienstimming; dy is nammentlik net eigen aan de iene of

de oare taal, mar ferspraat oer alle talen. Wêróm ot dy fersprieding dêrfon sa wêze

matten hat, dêrfwar mat de reden ut de natuer seIs óphelle wurde. Der is de meensken

nammentlik tróg de heegste skepper fan de dingen, God, un begjinsel ynprinte os un

soarte fan analogyske fwarm. Dêrneffens wurde regele en hifke net ollinne de

meensklike honnelingen, mar ek alles wat trog de mûlle ûttere wurdt en wat trog de

honnen en trog lichem en geast dien wurdt. Dot begjinsel fan de ynerlike analogy is

elkenien ynprinte; sûnder dot begjinsel dógge en sizze wy neat fetsoenliks.

Sadwaande is der net ien taal of dy wurdt tróg de ien of oare hiel wisse wet regjerre, net

ollinne hû't dy (taal) de kónjugaasjes en deklynaasjes lênsrint en fersjoen is fan

óliedingen, mar ek hû't de hiele struktuer fan de taal regele is, sadot dy sa goed

maaglik fóldógt aan it doel óm ûs teenzen te ferkljerjen en aan oaren mei te dielen.

Dot sadwaande wurdt neffens dot begjinsel un beskate wûnderlike analogy yn olIe

talen waarnómmen.

[...]. OlIe talen ha, ot wy nei har oarspróng en begjinsels sjógge, hiel ienfödig west,

sa lykernóg sa, dot der gjin ûtdrukkingen (figune orationis) wiene en dot de wurden

sels süver eigennammen wiene. Mar mei't it gebrûk fjirder gie en dy wet fan de

analogy syn krêft sjen liet, binne se mwaier en beskaafder makke; fan de earste ienföd

fan betsjutten en oantsjutten is men wat werómkómmen en de ûtdrukkingen binne

43

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!