26.12.2013 Views

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Jarich Hoekstra

It Westfering hat lang gouwen hat as ien fan 'e sterkste bolwurken fan it

Noardfrysk. Oant en mei de earste helte fan dizze ieu hat it tal sprekkers ridlik

stabyl west. Troch alderhanne sosjaal-ekonomyske en kulturele faktoaren is de

ynfloed fan it Heechdûtsk op it Westfering lykwols de lêste tiid grutteroan

wurden, sa grut sels dat it dialekt optheden mei ûtstjerren bedrige wurdt (ferl.

dêrta ek Ebert (op kommende weis)). Yn haadstik I fan syn boek jout Parker in

goede beskriuwing fan dy ûntjouwingen.

Haadstik II, oer eardere beskriuwingen fan 'e fonology en morfology fan

it Fering(-Öömrang), makket wat in oerstallige yndruk. De measte ferskynsels

dy't dêr opneamd wurde (bgl. dialektferskillen tusken it Westfering, Eastfering en

Öömrang), binne net botte relevant foar wêr't it yn it boek om giet en

opmerkingen ût 'e eardere literatuer dy't àl wichtich binne, hienen al sa goed op 'e

oanbelangjende plakken yn Haadstik IV en V behannele wurde kinnen (en

komme dêr oars ek foar in part werom). Parker konkludearret allinnich dat de

beskriuwingen net aktuelernöch binne foar syn doel en te preskriptyf, mar hy

giet der ynhäldlik amper op yn. Unkrektichheden en dubieuze ûtspraken ut 'e

eardere literatuer wurde swietfleurich reprodusearre. Sa seit Parker Schmidt­

Petersen (1912, XVIII) nei dat it yn it Eastfering süks 'seis' en trattaanj 'trettjin'

is en yn it Westfering en it Öömrang seks en trettanj, wylst it Öömrang just

deselde foarmen hat as it Eastfering. En Faltings (1975, 75) syn sizzen dat

eartiids yn it Fering de folsleine tiden fan alle tiidwurden mei 'hawwe' foarme

waarden lykas yn it Ingelsk en net mei 'hawwe' of 'wêze' lykas hjoeddedei, wurdt

sûnder in wurd fan krityk oerskreaun. Dêr is lykwols gjin inkelde oanwizing foar

yn 'e Feringer oerlevering. It is boppedat frijwat ûnoannimlik, at men de skiednis

fan 'e 'hawwe'/'wêze'-altemänsje yn 'e Germaanske talen besjucht (de situaasje yn

it hjoeddeiske Ingelsk is ûtsûnderlik; yn it Aldingelsk fynt men noch de bekende

wiksel fan 'hawwe' en 'wëze: yn 'e folsleine tiden).

Hoewol't yn it boek allinnich de fariaasje yn 'e fonology en de

morfology (en dan ek inkeld de nominale morfology) fan it Westfering behannele

wurdt, is it dûdlik dat Parker yn 't earstoan in folIe breder ûndersyk yn 'e holle

hän hat nei taalfariaasje yn it Fering. Yn in eardere beskriuwing fan syn ûndersyk

(Parker (1983)) mist men de eksplisite beheining ta it Westfering en dêr wurde ek

data yn behelle ut 'e tiidwurdbûging, syntaksis en leksikale semantyk. Yn it

boek sels wurdt boppedat oankundige dat wy noch ferwachtsje meie: in stüdzje

oer 'Trends in Föhring Syntax and Semantics' (s. 50) en 'a later, more

comprehensive treatment of Westföhring morphology' (s. 100). Dêr sille wy dan

it bêste mar fan hoopje. No is it fansels neat net slim dat Parker him letter

beheind hat. Men kriget allinnich de yndruk dat der dêrtroch in pear nuvere

metodologyske krinkels yn it ûndersyk kommen binne.

Yn it foarste plak moat men jin ferwûnderje oer de kar fan 'e

66

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!