26.12.2013 Views

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

ydskrift f ar Fryske Taalku e - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

)BESPREK:

Timothy Scou Parker, Modern North Frisian and North German. A Case Study

in Language Yariation and Language Change between Languages in Contact. Co­

Frisica XIII Fach Friesische Philologie, Christian-Albrechts-Universität zu Kiel

(1993).

It boek dat hjir besprutsen wurdt, is foar 't neist in fierhinne ûnferoare ütjefte fan

Parker syn Berkeley-dissertaasje ut 1985 - de krekte relaasje tusken it proefskrift

en dizze jefte fan Co-Frisica wurdt ut 'e 'Acknowledgements' net a1hiel düdlik. It

ûndersyk dêrt ferslach fan dien wurdt, is basearre op fjildwurk fan 'e auteur yn it

akademysk jier 1981-1982. At it boek dan earst yn 1993 ütkomt, is dat ryklik

let, mar hawar, it kin yn 'e frisistyk datoangeande wat mear lije as yn oare

dissiplines: der is sûnt 1985 better net te witten neat ferskynd dat direkt relevant

is foar de dingen dy't Parker yn syn proefskrift op it aljemint bringt.

Y n in 'General Introduction' wurde doel en bestek fan 'e stüdzje

beskreaun, It is yn dit boek te rêden om in beskriuwing fan 'e fonologyske en

morfologyske fariaasje yn it Fering, it Noardfryske dialekt fan it eilän Feer, en

dan benammen yn it Westfering. Der wurdt neigien hokker rolle oft it

taalkontakt - yn it gefal fan it Fering de ynfloed fan Leechdütsk en Heechdûtsk ­

spiletby dy fariaasje. Fierders wurdt sjoen nei sosjolingwistyske aspekten fan

taalfariaasje: Ynhoefier korrelearret de taalfariaasje dy't run wurdt yn it Westfering

mei ferskillen yn áldens? Mei oare wurden: is der taalferoaring yn skynbere tiid?

En binne oare ekstra-lingwistyske faktoaren dêrby ek mei beskiedend?

Haadstik I jout in histoarysk en sosjolingwistysk oersjuch fan 'e

taalsituaasje op Feer. Yn haadstik II wurdt in oersjuch jûn fan 'e eardere

grammatikale beskriuwingen fan it Fering (en syn twillingdialekt it Öömrang).

Dêrby wurdt ek benammen sjoen nei de ynformaasje dy't dêryn te finen is oer

(sub)dialektyske fariaasje en ynterferinsje op it mêd fan 'e fonology en de

morfology. Yn haadstik III komme metodologyske aspekten fan it ûndersyk

tepraat: de kar fan 'e ynformanten, de wize fan fandeljen fan 'e data en de

taalkundige metoaden om it materiaal te skiftsjen en te oarderjen. Yn haadstik IV

en V, de kearn fan it boek, wurde respektyflik de fonologyske en morfologyske

data op it aljemint brocht en analysearre. Der wurdt besocht om oan te jaan wêr't

ferskowingen har beslach krije en wat de oarsaken dêr foar binne (ynteme

ûntjouwing of ynfloed fan bûten), Haadstik VI jout in gearfetsjend besprek fan 'e

soarten fan taalkundige fariaasje dy't har oppenearje yn it Westfering. Nei

oanlieding fan 'e ûtkomsten fan it ûndersyk wurde dêr utstellen dien foar

takomstich ûndersyk.

Tydskrift foar Fryske Taalkunde, jiergong 9 (1994), s. 65-71.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!