Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel
Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel
Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel
Create successful ePaper yourself
Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.
Wispelweagen Januari 2013

Henkie fan de Polderdyk

Koarte ferhalen - Diel II

Swimme,

Sa njonkelytsen ha de trije âldste bernsbern harren A en B swimdiploma helle. Der is sels al

ien dy’t C al helle hat

No binne wy dêr earst wer in skoftsje ôf, om’t de earstkommende lichting noch efkes op

harren wachtsje lit.

Foar de bern is it diploma wichtich, mar foar de âldelju is it noch folle wichtiger. Hja kinne de

bern no wat mear romte jaan yn de omjouwing fan wetter.

Foar de bern is it diploma wichtich, mar binne de kadootsjes dochs it wichtichste. Want ik kin

jo fertelle dat der kado’s oansleept wurde. Faaks is it guod op it mêd fan ’e elektroanika. Jo

steane der fersteld fan hoefolle “nintendospultsje” op sa’n dei kado jûn wurde.

Ek hiele grutte kado’s wurde der jûn. Der wie sels ien dy’t tsjin harren famke sei: “Jou cadeau

staat achter in de auto, kom maar kijken wat het is” It famke gie mei. No kin soks meardere

dingen betsjutte: As der is in hiel grut kado, wêrtroch de efterflap fan de auto kwealik ticht

koe, as der is in lyts kadootsje en wolle se net ha dat it famke de konfrontaasje oangiet mei

al dy djoere elektroanika. Yn ’t slimste gefal soe it ek noch in jonge hûn wêze kinne. Dy hat

dan de hiele tiid efter yn ’e auto sitten en op syn moaist hat er de saak der ek noch flink

ûnder skiten. Ik kin it jo net fertelle, want it famke en har heit en mem ha we net wer sjoen.

De iene hat no ien kear mear sinten yn ’e bûse dan de oare. Ik freegje mei wolris ôf wêr’t it

hinne giet. Wat foar kado’s moatte de bern aanst hawwe as se harren diploma op skoalle

helje, as jo foar it swimdiploma al in “nintendo” krije.

Ek pake en beppe kinne hjiryn net efter bliuwe en moatte ek alle kearen wer ta de bûse. It

komt by de trije âldste bernsbern wol hast alle kearen tagelyk. Want doe’t de dochter op in

moarn by ús kaam, en ús fertelde dat wy pake en beppe wurde soenen, fûn ik dat sa

prachtich, dat ik harren fuortdaliks in bernewein tasein ha. Deselde deis kaam ús jongste

soan ek mei it ferhaal dat syn frou swier wie. Dy koenen wy doe ek net teloarstelle. Mar as

dan in pear dagen letter ús âldste soan ek mei itselde ferhaal komt, kinne jo wol neigean dat

de âld sok mei alle swarte sinten - dy’t de oansteande beppe en pake byminoar garre hienen

- yn ien kear leech wie. Mar jo moatte ek samar tinke, jo kinne it better mei de waarme hân

jaan, dan mei de kâlde.

Us eigen trije bern – dy’t ek hast like âld binne – hawwe ek suver tagelyks harren A en B

diploma helle. Ik wit net mear as se doe fan ús en harren pakes en beppes ek grutte kado’s

krigen ha. Ik leau fêst dat Geartsje doedestiids wol wat regele hat, mar mâl sil it wol net west

ha. Dat wie doe wurk foar de memmen, de heiten bemuoiden harren der net mei. Ik kin it my

ek net mear heuge dat ik ea in kear mei de bern nei swimles west ha. Mei it

diplomaswimmen gie ik wol alle kearen mei, alhoewol it my soms mar min útkaam. Dat is

noch neat feroare, want ik ha no ek wer âlden sjoen dy’t wol gauris op harren klokje seagen

en dan wer in sucht lieten. Mei oare wurden: It mei wat my oanbelanget no sa stadichoan wol

ôfrûn wêze, want ik ha thús ek noch wol wat te dwaan.

Pagina 35