19.09.2013 Views

hjirre - Iepenloftspul Dronryp

hjirre - Iepenloftspul Dronryp

hjirre - Iepenloftspul Dronryp

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

De kommisje

Wa sitte der yn de kommisje en wat dogge sy

allegearre? Hjirûnder kinnen jim it lêze.

Namme: Baukje Hofman

Leeftyd: 25 jier

Wenplak: Menaam

Deistich wurk: wurket as projekt meiwurker hantlieding,

ôfdieling Product Management by GEA

Royal de Boer. Mei freon boufakster yn

eigen klushûs en hâldt der fan om leuke

aktiviteiten te ûndernimmen mei freonen.

Kommisjelid sûnt: septimber 2010

Funksje: PR en Kommunikaasje

Hoe bist begûn? Jelly Steenstra (de foarige skriuwster) hat

my frege.

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

De goeie sfear dy’t der hinget. Mei syn

allen der wat moais fan meitsje.

Namme: Grea Bos

Leeftyd: 20 jier

Wenplak: Wjelsryp

Deistich wurk: studearret Small Business & Retail

Management oan de Stenden Hogeschool

yn Ljouwert. Dêrneist wurket se yn de

HEMA yn Snits.

Kommisjelid sûnt: dit jier

Funksje: PR

Hoe bist begûn? Yn 2009 ha ik oan Us Jonges meidien.

Dit jier ha ik by de ynformaasjejûn fan

Terpwert west. Baukje fertelde doe dat se

noch ien sochten dy’t it PR-team fersterkje

woe. Ik waard entûsjast en ha my

oanmeld.

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

de gesellige en gemoedlike sfear. Der

binne sawol foar as achter de skermen

in soad minsken dwaande mei it Iepenloftspul.

En allegear wurkje we gear oan

in prachtich resultaat.

Namme: Oebele Harmsma

Leeftyd: 56 jier jong

Wenplak: Menaam

Deistich wurk: Yn it deistich libben wurkje ik yn it

ûnderwiis as direkteur fan De Wingerd yn

Damwâld. De Wingerd is in skoalle foar

learlingen mei in ferstanlike beheining,

soms yn kombinaasje mei in lichaamlike

beheining. Op De Wingerd sitte ûngefear

200 learlingen.

Kommisjelid sûnt: dit jier

Funksje: ik bin ferantwurdlik foar de kommunikaasje

tusken de spilers en regisseur /

kommisje.

Hoe bist begûn? wy wienen oan it silen op it Waad doe’t

Grieteke my frege oft in 'sit' yn de kommisje

ek wat foar my wie.

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

ik bin faak by de repetysjesjûnen. Ik

kin dan folop genietsje fan it spul en de

besieling fan de spilers. It is gewoan in

geweldige belevenis om meimeitsje te kinnen

hoe’t de spilers dwaande binne mei it

toanielspul.

Namme: Janny Epema

Wenplak: Dronryp

Leeftyd: 50 jier

Deistich wurk: wurket as meiwurker soarchadministraasje

by it Afsprakenbureau fan GGZ Friesland

yn Ljouwert.

Kommisjelid sûnt: 2008.

Hoe bist begûn: ik wenne in healjier yn Dronryp doe’t ik

troch Annewiep Bloem (doe de skriuwster)

frege waard oft ik der wat foar fielde om

yn it bestjoer fan it Iepenloftspul Dronryp

te kommen. Eins kaam it wat te betiid

op myn paad. Thús hienen we it drok mei

de ferbouwing fan ús wenning, mar ik

hie der te folle nocht oan om "nee" sizze

te kinnen. Dit jier is myn lêste jier yn it

bestjoer. Ik bin bliid dat ik doe "ja" sein

ha.

Funksje: ik bin yn it bestjoer ferantwurdlik foar de

katering, de omballings en de smink.

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

it is alle jierren wer in boeiend proses,

fan de earste gearkomste nei in skript,

audysje, repetysjes en dan úteinlik de

foarstellings. Hieltyd wer oars, mar alle

kearen wer fantastysk.

Achterste rige: Oebele, Grieteke en Anne, Foarste rige: Grea, Wilma, Linda, Janny en Baukje

Namme: Anne Kingma

Wenplak: Dronryp

Leeftyd: 51 jier

Deistich wurk: sûnt 1985 bin ik eigner fan Drukkerij Emka

yn Dronryp. Wy fersoargje foar in grut

part it drukwurk fan it Iepenloftspul en

allerhanne oar drukwurk út de regio.

Kommisjelid sûnt: 2012

Hoe bist begûn? sûnt 1992 ha ik hast alle jierren meispile

yn it Iepenloftspul. Yn de jierren dat ik

gjin rol hie wie ik wol op in oare wize

belutsen. Fanwegen dy ûnderfining en

belutsenheid waard ik foarich jier troch

de foarsitter frege oft ik de kommisje fersterkje

woe. Dêr ha ik sûnder te twifeljen

ja op sein.

Funksje: foarsitter en ferantwurdlik foar it dekor en

de technyk.

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

yn al die jierren dat ik meispile ha, is der

in soad de revue passeard. In soad minsken

hawwe hert en siel yn de ferskate produksjes

stutsen. Sawol foar, mar foaral ek

achter de skermen. It Iepenloftspul draait

op frijwilligers en al dy minsken koesterje

we enoarm. Sûnder harren kinne we gjin

produksjes delsette mei de omfang en

kwaliteit dy’t we fan de lêste jierren wend

binne.

Namme: Grieteke Althuis

Wenplak: Menaam

Leeftyd: 54 jier

Deistich wurk: ik bin troud, ha twa dochters en wurkje by

de OSG Piter Jelles as ambtlik sekretaris

fan de MeibeslissingsrjochtRied.

Kommisjelid sûnt: febrewaris 2012

Funksje: sekretaris

Wat fynst it leukste oan it Iepenloftspul?

ik wie altyd al in trouwe besiker fan it

Iepenloftspul en fyn it no hiel bysûnder

om fan tichtby mei te meitsjen hoe’t der

meiinoar foar soarge wurdt om prachtich

moaie foarstellings del te setten.

Dêr komt hiel wat by te sjen, mar alle

belutsen minsken binne entûsjast en sette

harren foar mear as 100% yn, geweldich!

Ik bin dêrom ek tige grutsk dat ik diel út

meitsje mei fan it hiele barren.

Namme: Linda Hoekstra

Leeftyd: 45 jier

Wenplak: Dronryp

Deistich wurk: ik wurkje by Ganzinga Schilderwerken BV

dêr’t ik, behalve sa no en dan ferve minge

en ferkeapje yn de winkel, alles doch wat

net direkt mei skilderwurk te krijen hat

lykas de finansjele saken. Dêrneist binne

der in soad dingen dy’t ik leuk fyn om te

dwaan lykas lêze, iten siede en bakke,

films/searjes sjen mei Dirk, fotografearje

en drave (hoewol’t dat de lêste tiid fanwegen

blessueres net sa hurd mear giet).

Kommisjelid sûnt: maaie 2009

Funskje: ponghâlder

Hoe bist begûn? Ik wie op syk nei frijwilligerswurk yn het

doarp, doe’t ik yn de doarpskrante lies dat

it Iepenloftspul in ponghâlder socht. Dat

like my wol wat.

Wat fynst it leukste fan it Iepenloftspul?

It hiele proses fan neat ta in foarstelling

mei alles der op en der oan, de gearwurking

fan alle dissiplines. Want der komt

in soad by te sjen. It is geweldich om te

sjen dat sa’n soad minsken harren alle

jierren wer belangeleas ynsette om der

mei syn allen wat moais fan te meitsjen.

Namme: Wilma van den Berg

Leeftyd: 33 jier

Wenplak: Dronryp

Deistich wurk: sûnt ik 2,5 jaar lyn foar it earst mem

wurden bin, wurkje ik noch 3 dagen yn de

wike by in makelderkantoar yn Frjentsjer.

Ik stypje dêr de makelder op alle gebiet,

fan it útwurkjen fan stikken oant it ûnderhâlden

fan alle klantekontakten.

Kommisjelid sûnt: 2010 ('That's allright momma')

Funksje: ik bin ferantwurdlik foar de kaartferkeap

en de sponsering.

Hoe bist begûn? yn 2008 bin ik yn Dronryp kaam te

wenjen. Ik koe tafallich twa kommisjeleden.

Sy hawwe my frege. It like my in

hiele leuke manier om mear yn it doarp te

integrearjen.

Wat fynst it leukste fan it Iepenloftspul?

ik fyn it hiel leuk om achter de skermen

dwaande te wêzen mei sa’n grut projekt

dat benammen droegen wurdt troch alle

frijwilligers. It is boeiend om te sjen

hoefolle wurk der mei syn allen dien wurdt

om sa’n grutte produksje op tou te setten.

It is alle jierren wer in keunst om alles sa

goed mooglik ferrinne te litten, sadat yn

juny sa'n 3.000 besikers fan de foarstellings

genietsje kinne.

www.iepenloftspuldronryp.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!