2012 september - Opeinde

2012 september - Opeinde 2012 september - Opeinde

12.09.2013 Views

Pisje foar de Pein troch Jan Bijlsma Yn likernôch 250 jier foar Kristus draafde de Grykse gelearde Archimedes as in healwize troch de strjitten fan syn wenplak Syracuse, swaaide mei earms en fuotten en rôp oan ien stik wei altyd mar it selde wurd: EUREKA , eureka, eureka!!! Dat bestjut:, ik snap it, ik begryp it, ik wit hoe it sit. Hy hie in tige wichtige ûntdekking dien en woe dêrtroch syn blydskip diele mei elk dy`t er moete. Eins giet it my krekt sa. Nei oanlieding fan in útfining fan tige gelearde djiptinkers ha ik wat betocht dat ús hiele doarp De Pein gjin wyn-aaien lizze sil, teminsten as wy as ynwenners dêr allegear oan mei dogge en net yn hokjes útinoar falle.. Wat my alhiel oerémis makket, sil ik jim fertelle. Al ieuwenlang is it minskdom aloan mar warber om harren sels it libben nofliker te meitsjen en mei útfinings en ûntdekkingen wurdt dêr stikje by bytsje stâl oan jûn. Dêrby wie gjin plakje op de ierde mear feilich foar de minske. Op syk nei brûkbere mineralen wie gjin berch te heech, gjin see te djip en gjin oerbosk te ticht begroeid. Dat de wrâld op himsels dêrtroch grutte skea ûnderfûn en sels net te ferhelpen tramtearre waard, nee, dêr waard gjin acht op slein. Lokkich is dêr de lêste fyftich jier in ommekear kaam yn it tinken fan de minske. Dat moast ek wol, want in grut part fan de ierdebewenners krige troch dat se dwaande wienen om yn eigen foet te sjitten. As elk sa trochgean soe, soe de ierde alhiel útrûpele wurde. Alle brûkbere mineralen en stoffen soenen opreitsje en dêrmei soe dêr foar minske, bist en plant gjin takomst mear wêze. Mei dizze wittenskip yn de achterholle gienen de gelearden en útfiners op syk nei oare middels fan enerzjyfoarsjenning. Dy waarden fûn yn it tûk brûkmeitsjen fan wyn, wetterfallen en sinnewaarmte. Boppedat waard in nije wei ynslein; de wei fan de sirkelgong, it werbrûken en it net ûnferskillich fuortgoaien of weismiten fan brûkte saken, mar it âlde fersliten guod brûke as grûnstof foar it meitsjen fan nije dingen. Sa binne dêr as foarbylden te neamen it garjen fan lege flessen, lege molke- en oare drinkpakken, âld izer, âld papier en gean sa mar troch. Mar it giet tsjintwurdich lokkich noch fierder en noch djipper. Ek hjoeddedei binne dêr minsken as Archimedes; skerpsinnige ûndersikers mei ferstân 40 fan gemy en skiekunde. Ut ôffalstoffen, dêr‟t de minske jierrenlang neat mei die, wurde no tige brûkbere ûnderdielen en stoffen helle. Tink mar ris oan de dong fan kij en it dêrút heljen fan biogas. Dizze ynlieding bringt my nei in alhiel nije ferwurking; it wurkjen mei en it ferwurkjen fan wetter middels de folgende twa mooglikheden: it winnen fan “blaue enerzjy”, it ferwurkjen fan it “giele goud”. Mei it winnen fan blaue enerzjy wurdt bedoeld it opwekjen fan elektrisiteit troch sâlt wetter en gewoan (swiet) wetter meiinoar yn kontakt te bringen en trochinoar te mjokseljen. It Wetter Technologysk Instituut “Wetsus” fan Ljouwert en it sâltfabriek “Frisia” fan Harns binne drok dwaande om út te finen wat de bêste wetterferhâlding is om de grutste opbringst te krijen. Optimistyske minsken tinke no al oan in sintrale op de Ofslútdyk dy op dizze wize in grut diel fan Fryslân goedkeap foarsjen kin fan elektrisiteit. Wy wachtsje mei Fryske grutskens de ûntjowings ôf. De twadde mooglikheid is it ferwurkjen fan it “giele goud”. Yn dit gefal wurdt dêr gjin echt goud mei bedoeld, mar dêr is in nije ûntekking dien dy`t safolle foardielen yn him hat, dat it no al sjoen wurdt as in “gouden” ûntdekking dy`t de kommende jierren wierskynlik wol echt goud opsmite sil. Mei “it giele goud”, wurdt urine bedoeld, yn it Frysk gewoan “pis” neamd. Troch ûndersyk hat men yn it laboratorium ûntdekt, dat dêr yn pis tige weardefolle stoffen sitte en dat it mear as de muoite wurdich is om te besykjen dy stoffen út dat giele wetter te filterjen. Het famyljebedriuw GMB út Zutphen is der al mei dwaande west en ta grutte blydskip fan Martin Wilschut - de wurdfierder fan dat bedriuw - jout it resultaat no al hiel goede hoop op in winstmeitsjende takomst. De wurkwize fan it winnen fan tige begearde stoffen út dat giele wetter wurdt it “Saniphosprocedee” neamd. It proses is noch sa splinternij dat wy dêr noch gjin eigen Frysk wurd foar ha. It hâldt yn dat dêr út pis fosfaten en magnesium filtere wurde. Dat binne meststoffen dy`t yn de frije natoer sels hast net mear te krijen en te finen binne, omdat de rike ekonomyske lannen yn heech tempo de fosfaatminen yn Amerika, Sina, Marokko en Súd-Afrika oant de leste kerrel oan it

Pisje foar de Pein ...Vervolg leechheljen binne. En meststoffen binne op de hiele wrâld oe sa nedich. Sûnder dy stoffen rekket de grûn, de ierde útmergele en dêrtroch sil der yn de tichtbije takomst fiersten te min iten groeie om elk minske sêd jaan te kinnen. En no, krekt foardat dêr mooglik in wrâldhongersneed úbrekt, is dêr in oplossing fûn: it weromwinnen fan ûnmisbere fosfaten út pis! It kin de rêding wêze fan it minskdom! Fansels, soks is samar net klear. De technyk dêrta moat noch gâns ferbettere en oanpast wurde. En…… neffens Wilschut is dêr noch in oare swierrichheid; dêr is urine, pis, giel wetter, giel goud nedich!! Om in foarbyld te jaan: om tûzen liter giel wetter te krijen, binne dêr sljochtweihinne sa`n 2750 mieltsjes pis nedich. En dêrut hellet it GMBfabryk trije kilo meststoffen (strufyt). Mar… dêrfan binne gjin trije kilo‟s nedich, mar tonnen, tonnen en nochris tonnen! Sa as ik sei: it is net samar klear! Miljoenen liters giel wetter binne dei yn,dei út, jier yn,jier út, nedich om de noadige meststoffen te ferkrijen. No komt it: Ik soe graach wolle dat wy as Peinders meiinoar yn dizze noch iepenlizzende merke springe; dat wy as doarp leveransier wurde fan it “gouden wetter” as grûnstof foar it GMB-fabryk út Zutphen. Soks hat in soad foardielen: wy wurkje as doarp mei om as wrâld de holle te bieden oan hongersneed, men kin dêr sûnder grutte ynspanning fan jong oant âld oan meiwurkje. By de âlden is de striel net mear sa krêftich en it miel net mear sa grut, mar dêr tsjinoer stiet dat âlderen der `s nachts wol in kear as trije út moatte om te dripkjen en alle bytsjes helpe, omdat wy it as doarp meiinoar dogge, krije wy in gefoel fan ienheid en soks is foar De Pein hartstikke moai meinaam, as doarp slagge wy in alhiel nije wei yn; neist meststoffen foar de ierde, levert dat noch in wichtich stofke op foar de minske: adrenaline!: as lêste sil dêr ek aardich mei te fertsjinjen wêze, want as it no al “gouden wetter” neamd wurdt, sil dêr foar de leveransier grif wol sulver oerbliuwe. 41 Dy opbringst sil fansels foar it hiele doarp brûkt wurde moatte. Sa tink ik bygelyks net allinnich oan in soad sitbankjes, mar dêr moat ek in automaat neist stean dêr`t de rêstende kuierder en de wurge, swittende hurddraver fergees kappûtsino, poeiermolke of rivella út helje kin. Sokke bankjes mei automaat - ditkear mei oerkaping tsjin de reinbuien- en waskrûmten mei gelegenheid foar lytse en grutte boadskippen, moatte dêr fansels ek komme by ús nij oan te lizzen Peinder trochgongshaven. Neist meiwurking sil dêr troch de Peinders yn it earstoan hiel wat organisearre en ynfesteard wurde moatte. Dêroan soe it bestjoer fan de nij op te rjochtsjen feriening “Peinders, Ienriedige Striel”, ( ôfkoart mei de trije fetswarte letters) stjoer en stâl jaan kinne. Yn dit bestjoer wurdt net praat oer in foarsitter, mar oer de “striellieder”. Fansels hat de organisaasje ek te krijen mei it ôfslúten fan kontrakten oangeande leverjen ensfh, mar dêr wol ik my no net op rjochtsje. Tige wichtich yn it gehiel is foaral it sammeljen en de opslach fan it giele goud. It sil sa moatte dat thús elk de pismieltsjes opheint en sammelt yn ien, twa of trije grutte, giele sjerrykanne(n) of yn in âlde molkbus. Ienris yn de wike moatte dy lâns de wei set wurde en om bar ophelle wurde troch frijwilligers. De Gemeente hat ús de âld papieraksjes wol út hannen helle, mar fan dizze aksje sille se hooplik wol ôfbliuwe. Ja, en dan moat it gouden wetter noch opslein wurde oant it stuit dat it troch de mannen fan Martin Wilschut ophelle wurdt. Omdat it opslaan dochs barre moat yn in soart fan grutte molketanks is de grûn fan it âlde molkfabryk wol in geskikt plak foar al dat giele wetter . Dêr kinne wy in opslach hiel wat literkes kwyt. Boppedat soe dêr fan dit plak út in goudwetterbuis streekrjocht nei it Wokpaleis rinne kinne. Elke gast dy`t dêr syn búk fol yt en foar it fuortgean syn of har blaas leget, kin meihelpe oan de sûne wolstân fan De Pein. Ek kinne wy deun by de brêge in nei kastanjes rûkend pishokje delsette foar trochfarrende manlju en froulju, foar trochgeande fytsers dy`t wiidweidich de knooppuntenrûte bestudearje moatte en foar wachtsjende klanten yn de altyd drokke winkel fan ús ferneamde slachter Gerk Biesma. En as dêr op it plak fan de

Pisje foar de Pein ...Vervolg

leechheljen binne.

En meststoffen binne op de hiele wrâld oe sa

nedich. Sûnder dy stoffen rekket de grûn, de ierde

útmergele en dêrtroch sil der yn de tichtbije

takomst fiersten te min iten groeie om elk minske

sêd jaan te kinnen.

En no, krekt foardat dêr mooglik in

wrâldhongersneed úbrekt, is dêr in oplossing fûn: it

weromwinnen fan ûnmisbere fosfaten út pis! It kin

de rêding wêze fan it minskdom!

Fansels, soks is samar net klear. De technyk dêrta

moat noch gâns ferbettere en oanpast wurde.

En…… neffens Wilschut is dêr noch in oare

swierrichheid; dêr is urine, pis, giel wetter, giel

goud nedich!!

Om in foarbyld te jaan: om tûzen liter giel wetter te

krijen, binne dêr sljochtweihinne sa`n

2750 mieltsjes pis nedich. En dêrut hellet it GMBfabryk

trije kilo meststoffen (strufyt). Mar… dêrfan

binne gjin trije kilo‟s nedich, mar tonnen, tonnen en

nochris tonnen!

Sa as ik sei: it is net samar klear! Miljoenen liters

giel wetter binne dei yn,dei út, jier yn,jier út, nedich

om de noadige meststoffen te ferkrijen.

No komt it:

Ik soe graach wolle dat wy as Peinders meiinoar

yn dizze noch iepenlizzende merke springe; dat wy

as doarp leveransier wurde fan it “gouden wetter”

as grûnstof foar it GMB-fabryk út Zutphen.

Soks hat in soad foardielen:

wy wurkje as doarp mei om as wrâld de holle

te bieden oan hongersneed,

men kin dêr sûnder grutte ynspanning fan

jong oant âld oan meiwurkje. By de âlden is

de striel net mear sa krêftich en it miel net

mear sa grut, mar dêr tsjinoer stiet dat

âlderen der `s nachts wol in kear as trije út

moatte om te dripkjen en alle bytsjes helpe,

omdat wy it as doarp meiinoar dogge, krije

wy in gefoel fan ienheid en soks is foar De

Pein hartstikke moai meinaam,

as doarp slagge wy in alhiel nije wei yn; neist

meststoffen foar de ierde, levert dat noch in

wichtich stofke op foar de minske:

adrenaline!:

as lêste sil dêr ek aardich mei te fertsjinjen

wêze, want as it no al “gouden wetter”

neamd wurdt, sil dêr foar de leveransier grif

wol sulver oerbliuwe.

41

Dy opbringst sil fansels foar it hiele doarp

brûkt wurde moatte. Sa tink ik bygelyks net

allinnich oan in soad sitbankjes, mar dêr

moat ek in automaat neist stean dêr`t de

rêstende kuierder en de wurge, swittende

hurddraver fergees kappûtsino, poeiermolke

of rivella út helje kin. Sokke bankjes mei

automaat - ditkear mei oerkaping tsjin de

reinbuien- en waskrûmten mei gelegenheid

foar lytse en grutte boadskippen, moatte dêr

fansels ek komme by ús nij oan te lizzen

Peinder trochgongshaven.

Neist meiwurking sil dêr troch de Peinders yn it

earstoan hiel wat organisearre en ynfesteard

wurde moatte. Dêroan soe it bestjoer fan de nij

op te rjochtsjen feriening “Peinders, Ienriedige

Striel”, ( ôfkoart mei de trije fetswarte letters) stjoer

en stâl jaan kinne. Yn dit bestjoer wurdt net praat

oer in foarsitter, mar oer de “striellieder”.

Fansels hat de organisaasje ek te krijen mei it

ôfslúten fan kontrakten oangeande leverjen ensfh,

mar dêr wol ik my no net op rjochtsje. Tige wichtich

yn it gehiel is foaral it sammeljen en de opslach

fan it giele goud.

It sil sa moatte dat thús elk de pismieltsjes opheint

en sammelt yn ien, twa of trije grutte, giele

sjerrykanne(n) of yn in âlde molkbus. Ienris yn de

wike moatte dy lâns de wei set wurde en om bar

ophelle wurde troch frijwilligers. De Gemeente hat

ús de âld papieraksjes wol út hannen helle, mar

fan dizze aksje sille se hooplik wol ôfbliuwe.

Ja, en dan moat it gouden wetter noch opslein

wurde oant it stuit dat it troch de mannen fan

Martin Wilschut ophelle wurdt.

Omdat it opslaan dochs barre moat yn in soart fan

grutte molketanks is de grûn fan it âlde molkfabryk

wol in geskikt plak foar al dat giele wetter . Dêr

kinne wy in opslach hiel wat literkes kwyt.

Boppedat soe dêr fan dit plak út in goudwetterbuis

streekrjocht nei it Wokpaleis rinne kinne.

Elke gast dy`t dêr syn búk fol yt en foar it fuortgean

syn of har blaas leget, kin meihelpe oan de sûne

wolstân fan De Pein.

Ek kinne wy deun by de brêge in nei kastanjes

rûkend pishokje delsette foar trochfarrende manlju

en froulju, foar trochgeande fytsers dy`t

wiidweidich de knooppuntenrûte

bestudearje moatte en foar wachtsjende klanten

yn de altyd drokke winkel fan ús ferneamde

slachter Gerk Biesma. En as dêr op it plak fan de

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!