2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde 2009 december - Opeinde

27.07.2013 Views

Tûkelteammen Jeduthun, it musykkorps besoarget de doarpskrante hjir yn De Pein. Foar dat it safier is, moatte der earst noch hiel wat handelingen plakfine. Sa as : etiketten drukke en printsje- etiketten besoargje- en dan ek noch etiketten plakke. Dit wurdt allegearre troch ferskate minsken dien. Holger van der Laan drukt en printet de etiketten. Dy hie se klear en yn in grutte slûf dien, mei in finsterke en in logo der op en moai ticht plakt mei in “selloteepke”. Syn Frou Jantie soe se wol efkes fuort bringe. Hja brocht de slûf nei Aalsen Vriezema oan de Kanaalsloane. Hy is de foarsitter fan Jeduthun. Vriezema syn frou Lutine hellet de post by de doar wei en sjocht dêr in grutte slûf mei in logo der op, moai ticht plakt en efter it finsterke stie de namme: S Atema Middelbuorren. Hja tinkt in foutsje fan de postboade en bringt de slûf yn de reade brieven bus by it fytsbrechje . De oare deis smyt de postboade de slûf by de famylje Atema yn de brievebus. Sietse Atema hellet de post by de doar wei en sjocht de grutte slûf mei it logo. Hy klaut him ris efter de earen en tinkt: ‘dy heart hjir net’. Atema sei tsjin syn frou: “ik moat mar efkes op é fyts nei it postketoar yn Drachten. Miskien witte se by de TNT wol wer as dizze slûf wei komt”. Yn Drachten die bliken dat it goeie loket net iepen wie, net earder as om 4 oere. Dat duorre noch wol oardel oere, dat Atema tinkt earst mar wer nei hûs. Goed healwei fjouweren fytst Atema wer nei Drachten ta. No wie it loket wol iepen, de TNT meiwurker hat tige syn bêst dien om efter it bedriuw fan it logo te kommen. It bliik in drukkerij te wêzen, mar mear wisten hja ek net. Ofpraat waard, dat Atema de slûf wer mei nei hûs nimme soe en as hja wat wisten dan soenen se Atema belje. Doe’t Atema thús wie tocht hy: ‘ik moat toch mar ris yn dy slûf sjen’. Sitte der allegearre ETIKETTEN yn!!! Hy klaut him noch ris efter de earen en tinkt soenen dy ek foar de doarpskrante wêze? Mar efkes Jan Bijlsma belje, faaks wit dy der mear fan, mar Bijlsma seit: “dat wit ik net , mar belje Sietske Riemersma mar efkes dy wit it fêst wol”. Goed, sa sein sa dien. Hy bellet Sietske Riemersma. Sietske seit: “moast Sjouke van der Heide belje dy wit der alles fan”. Atema wit fan gjin ophâlden en bellet Sjouke. Dy seit: “nee jong dat wit ik ek net, mar miskien wit Akkie Brúnsma mear”. Atema is fuort net ferslein en bellet Akkie. Gelokkich, Akkie wit wêr as de etiketten hinne moatte. Hja hellet se by Atema wei en bringt se te plak. Us tank giet út nei Sietse Atema , want wat hat dy man syn bêst dien om de etiketten te plak te krijen. Jeduthun besoarget “it Brechje ”altyd moai op é tiid dat is dik yn é oarder. Mar wat ek wol efkes neamd wurde mei is : Wat in gigantysk moaie opfiering sy (Jeduthun) joun hat, by Durk en Gepke yn it pikehok. It einepikefel roun my by de rêch op en del. Spitich dat it mar ien kear wie, want ik hie it graach nochris sjen wollen. Ypie 40

In Keninklik berjocht . Yn 2001 is Slachterij Biesma “Bij Koninklijke Beschikking”Hof leverancier wurden. Ed Nijpels dy’t doe Kommissaris fan de Keninginne wie , hie ta sein dat hy wol ris del Komme soe , want dat die hy by alle” Hof leveranciers” Hy is no gjin kommissaris mear mar hat nea yn De Pein west , en sil no ek wol net mear komme. No mei it spektakel fan it Fryske hynder yn Ljouwert , tocht Marijke de frou fan Biesma: ik weachje der in mailtsje oan. Hja stjoerde in mailtsje nei Haad Protokol fan Fryslân , mei yn de efter holle : miskien mei Gerk wol wat oanbiede oan Jorritsma dy’t no Kommissaris fan de Keninginne is. Biesma sit ek yn de Fryske Hynste wrâld, dus hja gienen toch nei Ljouwert, dat soe wol moai wêze. Mar hja hearden der neat mear fan, dus it soe wol neat wurde ,wol hearden hja dat de Keninginne de saterdei joun komme soe. De saterdei midzje om 1 oere gie de tillefoan Haad Protokol fan Fryslân ,as Biesma de Keninginne wol wat oan biede woe !!! No dan skrikke jo wol efkes, want dêr wie net op rekkene, mar it wie wol moai fansels. Gelokkich hie Biesma noch wol in heale meter Fryske droege woarst hingjen, dat it moast mar oan gean want sa’n kâns krije jo net wer. Foar de tillefoan waard útlein wat wol en net mocht en wêr’t Biesma him oan hâlde moast, en mei twa wurden prate .Dat lêste dêr hie Biesma gjin muoite mei want dat hat hy fan hûs út mei krigen. De jûns sitte Biesma en syn Frou yn it F.E.C. op é tribune nei it hynste spul te sjen, de heale meter woarst op é skoat. De minsken dy’t om harren hinne sieten, rôpen jou ús in stikje woarst wy sitte hjir al sa lang te wachtsjen, mar hja wisten fansels net foar wa as dy woarst wie. Kertier foar njoggenen soe de woarst oan bean wurde. Biesma hie it tillefoan nûmer fan de Haad Protokol krigen, dan koe hy belje as hy dy kant út gie,en dan soe dy man fertelle wêr’t Biesma wêze moast. As jo dan dy kant út rinne, betinke jo fan alles wat jo freegje of sizze sille, jo binne dan súver in bytsje senuweftich . Mar it foel ta. De Keninginne stie dêr mei allegearre minsken om har hinne. Biesma hie net sa tinke hoeft wat hy sizze moast , want de Keninginne prate mar raak. Hja frege fan alles : hoe âld it bedriuw wie en de hoe folste generaasje Gerk wie. Hja frege ek wat der yn dat doaske siet, wat Biesma dêr by him hie. Biesma koe har oeral in antwurd op jaan. Mar doe woe hja graach witte wat it resept fan de woarst is, Dat : sei Biesma fertelle wy net dat moat geheim bliuwe. De Keninginne koe dat wol wurdearje. Gerk Biesma fûn har in Geweldige Frou. Hja soe oan it skoft ta bliuwe, mar is de hiele jûn sitten bleaun. As it troch de woarst kaam witte wy net , mar it kin ek de moaie show fan it Fryske Hynder west ha. As de Keninginne op in jûn thús sit by de iepen hurd, mei in gleske fris of in lekker wyntsje en in lekker stikje Fryske woarst, dan kin it net misse, dan seit se tsjin har sjauffeur: kom wy ride efkes nei De Pein nei Slachter Biesma , om noch sa’n heale meter woarst. As ik de Keninginne wie soe ik earst efkes belje, want nei dat it yn de krante stien hie, fleagen de heale meters de winkel út, dus wienen se yn in omsjoch op. Dit wie in hiele belevenis foar de famylje Biesma, ien om nea te ferjitten. In moaie grutte foto fan dit barren hinget yn de winkel. Wat kinne wy as doarp grutsk wêze op ús eigen Slachter Biesma 41

In Keninklik berjocht .

Yn 2001 is Slachterij Biesma “Bij Koninklijke Beschikking”Hof leverancier wurden.

Ed Nijpels dy’t doe Kommissaris fan de Keninginne wie , hie ta sein dat hy wol ris del

Komme soe , want dat die hy by alle” Hof leveranciers” Hy is no gjin kommissaris mear

mar hat nea yn De Pein west , en sil no ek wol net mear komme. No mei it spektakel fan it

Fryske hynder yn Ljouwert , tocht Marijke de frou fan Biesma: ik weachje der in mailtsje

oan. Hja stjoerde in mailtsje nei Haad Protokol fan Fryslân , mei yn de efter holle :

miskien mei Gerk wol wat oanbiede oan Jorritsma dy’t no Kommissaris fan de Keninginne

is. Biesma sit ek yn de Fryske Hynste wrâld, dus hja gienen toch nei Ljouwert, dat soe

wol moai wêze. Mar hja hearden der neat mear fan, dus it soe wol neat wurde ,wol

hearden hja dat de Keninginne de saterdei joun komme soe.

De saterdei midzje om 1 oere gie de tillefoan Haad Protokol fan Fryslân ,as Biesma de

Keninginne wol wat oan biede woe !!! No dan skrikke jo wol efkes, want dêr wie net op

rekkene, mar it wie wol moai fansels. Gelokkich hie Biesma noch wol in heale meter

Fryske droege woarst hingjen, dat it moast mar oan gean want sa’n kâns krije jo net

wer.

Foar de tillefoan waard útlein wat wol en net mocht en wêr’t Biesma him oan hâlde

moast, en mei twa wurden prate .Dat lêste dêr hie Biesma gjin muoite mei want dat hat hy

fan hûs út mei krigen.

De jûns sitte Biesma en syn Frou yn it F.E.C. op é tribune nei it hynste spul te sjen, de

heale meter woarst op é skoat. De minsken dy’t om harren hinne sieten, rôpen jou ús in

stikje woarst wy sitte hjir al sa lang te wachtsjen, mar hja wisten fansels net foar wa as dy

woarst wie.

Kertier foar njoggenen soe de woarst oan bean wurde. Biesma hie it tillefoan nûmer fan

de Haad Protokol krigen, dan koe hy belje as hy dy kant út gie,en dan soe dy man fertelle

wêr’t Biesma wêze moast. As jo dan dy kant út rinne, betinke jo fan alles wat jo freegje of

sizze sille, jo binne dan súver in bytsje senuweftich . Mar it foel ta. De Keninginne stie

dêr mei allegearre minsken om har hinne. Biesma hie net sa tinke hoeft wat hy sizze

moast , want de Keninginne prate mar raak. Hja frege fan alles : hoe âld it bedriuw wie

en de hoe folste generaasje Gerk wie. Hja frege ek wat der yn dat doaske siet, wat

Biesma dêr by him hie.

Biesma koe har oeral in antwurd op jaan. Mar doe woe hja graach witte wat it resept fan

de woarst is, Dat : sei Biesma fertelle wy net dat moat geheim bliuwe.

De Keninginne koe dat wol wurdearje. Gerk Biesma fûn har in Geweldige Frou. Hja soe

oan it skoft ta bliuwe, mar is de hiele jûn sitten bleaun. As it troch de woarst kaam witte

wy net , mar it kin ek de moaie show fan it Fryske Hynder west ha.

As de Keninginne op in jûn thús sit by de iepen hurd, mei in gleske fris of in lekker

wyntsje en in lekker stikje Fryske woarst, dan kin it net misse, dan seit se tsjin har

sjauffeur: kom wy ride efkes nei De Pein nei Slachter Biesma , om noch sa’n heale

meter woarst. As ik de Keninginne wie soe ik earst efkes belje, want nei dat it yn de

krante stien hie, fleagen de heale meters de winkel út, dus wienen se

yn in omsjoch op.

Dit wie in hiele belevenis foar de famylje Biesma, ien om nea te

ferjitten. In moaie grutte foto fan dit barren hinget yn de winkel.

Wat kinne wy as doarp grutsk wêze op ús eigen Slachter Biesma

41

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!