27.07.2013 Views

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

100 jier de Alve Stêden tocht.

Troch Ypie Heida

Dit is it lêste ferslach oer de Alve stêden tochten.

Dizze kear wie dokter Franke de Boer ree om syn ferhaal te fertellen.

As jonge fan sa’n 19 jier , hy studearre yn Amsterdam, waard de Boer lid fan de” Vereniging Van

de Friesche Elf Steden”. Dit wie in famylje tradysje. Syn Heit en âldomkes wienen ek lid, en koene

tige goed reedride. Mar Beppe koe it noch better, dus hat de Boer it net fan frjemd sis mar “it sit

him yn de genen”. Hy die der net safolle mei, want as studint moat der ek leard wurde en dan is

der yn Amsterdam oars ek noch wol wat te dwaan. It bleau der in bytsje by.

Tsjin de winter trainden de jonges wol regelmjittich op de Jaap Eden baan. Yn 1978/1979 waard

de Boer wer aktyf lid fan de feriening.

21 Febrewaris 1985 wie it de Boer syn earste Alve Stêden tocht.

It wie de soan syn jierdei, dy wie dus net sa bliid dat Heit de alvestêden ride soe.

De Boer ried yn in Sweedsk pak, blau mei giel, en mei in Sweedske sponser namme der op. De

minsken tochten dat hy in Sweedske rider wie, inkele minsken mienden dat hy mei Tommy

Gustafson ried. Soks is fansels wol aardich.

By Bolsward moast klúnt wurde, sa kaam hy dêr oan. Doe waard him wat frege yn it Ingelsk. De

Boer antwurde dy man en dêr draaide foar him yn de rige ien om en sei “och hea dokter de Boer

“? It wie Doede van der Wal. Dy wenne doe op é Dr Siebingasingel. It is wol in wûnder dat jo

tusken sa’n 15- oant 20.000 minsken in doarpsgenoat tsjin komme.

Tegearre binne hja fjirder riden. By Wytmarsum stie Griet Mulder oan de kant. Dy hat de beide

mannen op de foto set. Oant de “finish” binne de mannen mei elkoar op riden.

Yn 1986 wer in Alve Stêden tocht. Dizze kear ried de Boer him mei syn freon Henk Jansma. It wie

prachtich moai waar en wer moast der klúnt wurde by Bolsward. En jimme wolle it ljouwe as net,

wa kaam dêr oan, ja krekt Doede van der Wal. Twa kear efter elkoar,mekoar treffe op it selde

plak yn in grutte minsken massa, dit is wol hiel bysûnder.

Ek dizze kear wie Doede van der Wal earder start, mar de Boer en Jansma binne stevige riders

dus dy hienen him ynhelle. Mei syn trijen ha se de tocht út riden.

Yn1996 soe der wer in Alve Stêden tocht wêze, mar dy gie net troch. Dat foel ôf.

Franke de Boer en Henk Jansma seinen mar wy ride him al!

Tegearre binne se op 4 jannewaris 1996 útein set.

Dit wie in lust, it waaide hurd en it wie hiel rêstich en stil op it iis. Der wienen hast gjin minsken.

Wat is it dan moai riden, mar der wienen ek gjin banen út set dat wie minder.

Men moast de holle der goed by hâlde. By Harns, hja wienen doe mei syn trijen, ha se by in

besinepompstasjon west om in fleske AA drinken. Want ûnderweis stienen no gjin tintsjes mei

waarme poeiermolke, snert en in stikje koeke. Ek ha se dêr efkes nei hûs ta belle om te fertellen

wêr’t hja wienen. Der wie letter ek in man by harren, de Boer wit syn namme net.

Mar hy wit noch goed, dy hie sa’n duffelse jekker oan en kistjes oan de fuotten. Dy koe sa goed

klúnje! Mar wat bliik, hy hie Sweedske klapredens!!

Hy klapte sa de izers der ûnder wei, dan koe hy makkelik rinne. Dit wie de earste kear dat de

mannen yn de kunde kamen mei dizze lege Sweedske klapredens.

Mei 6 man kamen se yn Dokkum oan. It iis kreake dat it wat die en it begon ek al wat tsjuster te

wurden. Dus de sokken der mar yn, oan meitsje, ta streekje want as jo net sa folle mear sjen

kinne wurdt it gefaarlik. De tocht wie net foar neat ôflost. Yn de Prinsetún binne de mannen

einige. Doe hienen hja sin oan in pilske dus der waard in kroechje op socht.

Doe’t de mannen der yn kamen, sei de kroechbaas: “waar komen jullie vandaan”?.

De mannen seinen: “wij hebben zojuist een rondje Fryslan gedaan”.:

Doe rôp hy troch it kafee “deze mannen hebben de Elfstedentocht gereden”.

Ik bied jullie daarom het eten en drinken “van de zaak” aan. Jimme kinne begripe, it waard dêr in

gesellige boel. Foar alle riders dy’t oan toane koenen dat hja yn 1996 de Alve Stêden tocht

útriden hienen op “eigen houtje “, hat de Bavaria bierbrouwerij doe yn febrewaris in evenemint

organisearre yn Thialf. Mei bandsjes, mesyk korpsen en Anneke Douma en foar al hiel folle

30

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!