27.07.2013 Views

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Dit wie alhiel gjin sabeareboartsjen, it like krekt echt !

Wolles seach it spul ris oer en syn lulkens sakke alhiel fuort. It wie eins ek wol aardich om te sjen

hoe pronkerich syn fruchtbeamkes dêr no by stienen. Boppedat wie der by him neat stellen, hy

wie neat kwytrekke en der wie neat fernield; net in twiichje fan de beamkes.

Se hienen him sels wat brocht en soks bart net faak yn de “kriminele “ wrâld !!

Foar syn gram kaam no lykwols hiel wat oars yn `t plak: nijsgjirrigens, kleare nijsgjirrigens.

Wa soe soks no by d` ein hân ha?

Dat soe er útfine, ek al moast de ûnderste stien boppe!

Och, nei alle gedachten soe it foar him net in poepetoer wêze om de dieder te finen. Hy wie dochs

net foar neat jierrenlang by de plysje west? No dan!

Der skeaten him al fuortdalik trije fertochten troch de holle; syn buorren, syn húshâldelike help en

in stel jierrenlange kameraden.

Jaap fleach wer yn ‘e hûs en kaam fuortdalik werom. Mei in fototastel. It delikt moast as bewiisstik

fan fjouwer kanten fêstlein wurde. Ek knope er hiel hoeden ien apel los en brocht him oan it

stâltsje – sûnder oan de apel te kommen – yn’e hûs. Dy soe er goed bewarje, want dêr sieten fêst

fingerprinten fan de dieder op en elk wit dat fingerprinten en dna oe sa wichtich binne fanwegen it

leverjen fan net te ûntkennen bewizen tsjin fertochten.

Doe yn sân hasten mei it tastel nei de buorren; hy soe se sa ûnferwacht rau mei de foto`s

konfrontearje. Dan soenen se nei alle gedachten wol bekenne; Hy soe yn elk gefal oan harren

skrikbewegings maklik ôflêze kinne of se wol of net skuldich wienen.

Wie hy net jierrenlang by de plysje west? No dan!

De buorren beseagen de foto`s en wienen tige ferheard. “Ynienen safolle apels oan dyn

beamkes? It is bjusterbaarlik! Hoe kin soks? “

Jaap andere mei donkere plysjestim: “Dat sille jim net witte? De dieders steane hjir flak foar my!”

Ut harren reaksjes koe de ex-plysje yndie in soad ôflêze; se hienen it net dien en wisten der ek

neat fan. Yn syn as in wynmûne draaiende holle skraste er de nammen fan dizze fertochten;

Noch twa oer.

It ferhoar fan syn húshâldelike help foel ek net ta. Se koe – lykas eartiids har heit – dan wol fol

mei fiten en streken sitte, mar Assepoester wist neat fan izerjern en apels.

Se hie wol yn Jaaps hûs west om neffens ôfspraak gerdinen te naaien, mar achter yn de tún ?

Nee. Dêr wie se net west.

Jaap seach it oan har en hy merkte it oan har; Assepoester wie ûnskuldich.

Noch ien oer.

It kameraad-stel wist ek fan neat, doe`t Jaap freonlik oan de frou frege: “ En Tettie, hoe is`t mei

dy; giest noch wolris te hofkesjongen?” Se lieten blike it mar in nuvere fraach te finen, mar Jaap

hâlde oan en sei tsjin de frou: “Do witst dêr wol mear fan; se ha in frouljusfyts mei in sealtekje (

zadeldekje ) by my op it hiem stean sjoen en do hast sa`n fyts.. Do bist de dieder.”

Tettie andere: “ Asto yn dyn tiid as plysje fertochten yn de sel settest op grûn fan in sealtekje, dan

bin ik der wis fan, dat dêr by jim op it buro hiel wat ûnskuldige persoanen opsluten waarden.”

Jaap wist, dat se gelyk hie; it bewiis wie fiersten te swak.

Net ien mear oer!

De âld-plysje smiet yn it doarp noch wol gauris in angeltsje út, mar byt krige er net.

Dat sinde him net, mar it wie sa.

As jo de âldens fan de “wiisheid” berikke, komme jo by ús yn it Tsjerkenijs te stean en dat smyt in

soad kaarten mei hertlike en goedmiende lokwinsken op. Sa fergie it Jaap ek, mar tusken alle

kaarten en slûfkes fûn er in tige riedseleftich gefal. Dêr ferskynden djippe tinktearen yn syn holle.

Nei sa`n seis minuten feroare it gehiel yn in tige blier gersicht dat gnyske fan ear oant ear.

Hy knipte mei de fingers, wylst er lûdop sei: “ Knip, fanke, ik ha dy ; dyn skjirre hat dy ferred!”

De eks-plysjeman Jaap Wolles sette op it hûs fan Hâns en Tettie ta.

Alles op slot en net ien thús. By de tichte doar tocht er: “Och ja, dat is ek sa”.

18

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!