27.07.2013 Views

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

FINGERPRINTEN FREGE

17

troch Jan Bijlsma

As jo tinke dat der op ús bloeiende Peinder biljertferiening allinnich mar yn wachtkeamerstiltme

besocht wurdt mei in krytstok en in bal de oare twa ballen te reitsjen, dan ha jo it goed mis.

Der is neist fûleindige striid, yn de kofjeskoften en dêromhinne lokkich ek tiid foar sosjaal praat,

jeuzelpraat en jildpraat.

Op in dei kaam de tûke biljerter Jaap Wolles mei in hiel nij plan nei foaren; dat plan stie yn ferbân

mei de kommende, sels ferwachte oerdiedige opbringst fan syn twa Elstarbeammen, ien

parrenbeam en ien beam foar Golden Delicious apels.

Jaap sei: “Dejinge dy`t op grûn fan it bloeiselwyt yn myn fruchtbeammen, no al apels en parren by

my bestelt, hat yn elk gefal de wissichheid dat er poerbêst fruit kriget tsjin sa`n skaplike priis dat

sels de hiele Jumbodireksje derby ferblikket . “ En hy einige

syn praatsje mei útset lûd as wie er op de merke:

“ Wees erbij , wees erbij , koop nu bij mij, koop bij Japie van de Hegewei!”

Ek al is it in grap, jo stekke jo eigen holle mei sok praat wol gefaarlik heech boppe it meanfjild út.

Net in minske kin ommers de groei en bloei yn syn tún foarsizze of yn it foar fêststelle. Der kin

ommers noch fan alles barre, foardat fruchten plukryp binne.

Soks wie Jaap ek sels oerkaam. By it gêrsmeanen hie er mei de masine de helte fan de stam fan

syn parrenbeam meinaam. Mei in ynfús en in grutte lape needferbân koe de beam it libben hâlde,

mar de parren net; dy ferskromfelen as in âld wyfke yn `e sauna.

Ek mei de Elstar apelbeammen ferrûn it yn de achtertún fan Wolles noch net alhiel nei winsk; oan

de iene groeide ien apel en oan de oare fjouwer. Mar ja, “wat net is, kin groeie” sei de frek: hy

bedobbe in gouden tientsje en donge dêr sels boppe op yn de hoop op vermannichfâldiging..

Jaap koe lykwols net sa lang op it waaksproces wachtsje. Hy gie in wike mei fakânsje nei de

Veluwe.

Dêr wienen syn dochter en syn pakesizzer Sammy ek; sadwaande waard it in alderaardichste

wike mei in bult wille.

Op in freed yn augustus, tsjin de jûn, kaam Jaap Wolles wer thús. By alle minsken dy`t nei in

fakânsje wer thús komme, fielt it it earst wer frjemd en tagelyk hiel fertroud oan.

In hûn moat earst altyd mei syn noas it hiele hûs troch en it hiem oer. By in minske is dat net oars.

Jaap plofte op in stoel yn `e keuken del en wie earst ta oan in mûlfol drinken en dan efkes achter

de tún yn.

Doe`t er sa al drinkende wei nei bûten seach, waarden syn eagen sa grut as bakkerts, der`t de

bern op it skoalleplein mei knikkerje.

Dizze bakkerts pasten net mear yn syn eachgatten en protten dêr dan ek hast ta út.

It wie net te leauwen wat er yn de tún seach. Ek syn mûle foel as in skuorredoar wagewiid iepen.

Boppedat begûn er oer hiel syn lea te triljen en stammere mei bibberjende stim:

“It kin net !! Nee, soks is net mooglik !!

Troch it rút hie er rom sicht op syn twa Elstar beammen en ta syn ferbjustering hingen se beide

swier fan hiele moaie , glimmend reade, tsjokke apels.

Hurder as de wjerljocht skeat er nei bûten, nei de wûnderbeammen, dêr ’t yn ien wike sokke

feestlike fruchten oan groeid wienen.

De wjerljocht sloech yn; Jaap fielde de klap oant yn it binnenst fan syn lea.

Teloarstelling en lulkens kroep fan ûnderen nei boppe yn him omheech. De apels wienen allegear

stik foar stik, keunstich en kundich, hoeden en betûft middels in stikje izerjern fan it stâltsje fan de

apels as krystballen oan de tûken fan de beammen fêstbûn!

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!