27.07.2013 Views

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

2009 december - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Violeria

Sa as jimme witte ,wie it in bytsje yn é hobbel mei ús toaniel selskip, mar wy kinne jim no

fertelle dat alles wer rint as it spoar.

Wy ha wat minsken frege om ris te besykjen om in rol te spyljen, no is elk dêr net foar yn

de widze lein, mar wy ha doch guonfûn dy’t wolris yn é kunde komme woenen mei it

toaniel. Hoe it giet en wat te dwaan en al sa fuort hinne.

Nei ferskate rippetysjes kinne wy sizze : it giet mar bêst.

Dit seizoen ha wy de útfieringen:

Freed en Saterdei 29 en 30 Jannewaris en

Freed en Saterdei 5 en 6 Febrewaris 2010

Jûns om 8 oere yn de Wringe

Spile wurd : Stunt

In komeedzje fan Aris Bremer

Yn it Frysk bewurke troch Alle G Hof

Ús regisseur is Romke de Leeuw

It stik spilet him ôf yn in âld skiphûs. Studinten komme nei hiel wat jierren wer ris

byelkoar, en de greate fraach is: Wa hat no wer in stunt úthelle.

Kom ien fan dizze jonnen nei de Wringe foar in noflike jûn wêr ‘t Jo efkes lekker laitsje

kinne. Kaarten bestelle kin by :

Trienke Veenstra tel. 372166 foar Jannewaris en by

Ypie Heida tel 372032 foar Febrewaris

As it kin graach middeis fan 4 oant 6 oere

Wy sjogge nei jim út op ien fan dizze jonnen yn de Wringe

Binne Jo in bytsje sneu om’t wy Jo net frege ha om te spyljen, skromje net en skilje ús, of

sis it op ien fan ús útfieringen.

Bestjoer Violeria

Wiebe de Vries tel 371946; Heare Postema tel 372766;

Trienke Veenstra tel 372166; Ypie Heida tel 372032

Calanetic

Mei yngong fan 1 septimber middeis om 3 oere binne wy wer mei it Calanetic klupke útein

set. Wa’t de spieren trene wol , is wolkom, sjoch ris om é hoeke yn de Wringe hoe as wy

dêr dwaande binne. Om de priis hoege jo it net te litten: 3 euro per kear.

Wolle jo mear witte skilje Ypie Heida 0512-372032

15

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!