04.05.2013 Views

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Ut de 2 Doarpen April 2013

We hawwe it ek noch efkes oer de

mountainbikers die't de paden ferniele, ek

Attema fynt it mar neat die ploechen fietsers

yn it bosk. En sa komt him ynienen noch

wat bisunders yn it sin; moat jim ris efkes

meikomme. By tafal fûn ik wat nijsgjirrichs.

Wolris heart fan geo-catching, freget er. Ja,

dat hat alris yn ús doarpskrante stien, sei ik.

No kom ris mei.... en wiist ús in plak wer't

ûnder de blêden in hânfet te foarskien

komt... it deksel wurd optilt en in bakje mei

alderhanne attributen der yn komt te

foarskyn. Is it net nijsgjirrich, sei er, sa moai

ferstoppe hjir yn it bosk. De schat in het

bos....

Wy nimme ôfskie, winskje him sterkte mei

syn stikkene masine.

Sa sjoche we mei oare eachen nei de

kealslach yn it bosk. Ea delset as

iikhakhoutboskjes troch de Van Sminia's,

wêr't de perselen út die tiid no min of meer

wer foar it ljocht komme. Ek doe wurde der

kape om it hout te ferkeapjen. De râne sille

no fêst wer mear it karakter krije fan

doedestiids, want doe stiene der fêst gjin

heeche beammen yn Grikelân en Turkije.

Sa komt my mei die skat yn it bosk nog in

aardich ferhaal yn it sin wat ik alris lêzen ha

yn in boekje fan Rinze Visser oer de adel yn

de Trynwâlden. Op de hoeke fan de Van

Sminiawei en de Klaas Douweswei die't nei

Readtsjerk rint, stie oan it ein fan 1800 It

Nije Slotsje boud troch de Van Sminia's.

Doe't it slotsje yn 1916 ôfbrutsen waard en

de grûn sljuchte wurde, fûnen de arbeiders

in kistke. In ticht soldjeare kistke, in skat, sa

tocht men en gau rûnen se der mei nei de

Klinze, nei Jhr. Hobbe Van Baerdt Van

Sminia. Doe't dizze it kistke iepenje liet, siet

der net de sa begearde skat fan sulver en

goud yn, mar in yn doeken wikkele

geraamte fan in lyts hûntsje......

Ut de 2 Doarpen 9 Mûnein/Readtsjerk

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!