04.05.2013 Views

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Ut de 2 Doarpen April 2013

Skiednis: Ut it grize ferline fan Readtsjerk

Jan van der Zwaag

De namme Readtsjerk

It doarp Readtsjerk hat yn ‘e rin fan de ieuwen in

grut ferskaat oan nammen hân, foaral de

skriuwwize fan de doarpsnamme feroare wol

gauris. It doarp waard yn 1421 foar it earst

oanhelle as Rada tzerka. Nei alle gedachten

ferwiist de namme nei it âlde tsjerkje, want dat

waard yn 1422 oantsjutte mei de namme ‘da

Rada tzerka’, wat fergelykber is mei ‘de Reade

tsjerke’. De brûkte dowestiennen (tufsteen) yn ‘e

tsjerkemuorren wienen doe wierskynlik read

sauze, neffens de skiedkundigen kaam dat yn

dy tiid wol mear foar. Yn 1437 wurdt sprutsen

oer Rodatzerckstera en letter ek wol

Readetzerck. De earste Nederlânske farianten

fan ‘e doarpsnamme datearje út 1511 en koart

dernei; it waard doe wol skreaun as

Rodekercke, Rodenkercke, Roedekercke en as

Rodertzercka. De lêste fariant is heal Frysk,

krekt sa as de namme Redtzerch dy’t yn 1561

oanjûn waard. Oan it ein fan de 16e ieu waard

ek de Fryske namme Raetzierck noch brûkt. Yn

1581 komme wy Rootkerk en Roedtkercke tsjin.

Op in 16e ieuske lânkaart wurdt de namme

Rodetzerck fermeld. Op âlde lânkaarten út ‘e

17e ieu wurdt it doarp oanjûn mei de nammen

Raetzierck, Rokerck en Roodkerck. De lêste

namme wurdt ek yn 1678 noch neamd. Wy

moatte ús hjirby wol realisearje dat in

doarpsnamme ek wolris ferkeard skreaun

waard; mar inkele minsken wienen de

skriuwkeunst doe machtich. Fanôf de 18e ieu

komt de Nederlânske namme Roodkerk folop yn

gebrûk, foaral yn it offisjele ferkear. Yn ‘e

Pintekening Bûtenfjild

(Ids Wiersma)

folksmûle is it Fryske Readtsjerk fansels ek al

ieuwenlang yn gebrûk west. Beide skriuwwizen

hawwe it dus al hiel lang úthâlden. Alhoewol’t de

Fryske namme Readtsjerk al wer in pear jier de

offisjele doarpsnamme is, it Nederlânske

Roodkerk wurdt no ek noch wol gauris brûkt en

dat sil ek wol sa bliuwe tink ik.

In fereale pastoar

Yn ‘e Roomske tiid, foar 1580, hie it lytse doarp

Readtsjerk, krekt as hast alle oare doarpen, in

eigen pastoar en in eigen skoalmaster. Oer in

eardere pastoar út Readtsjerk bestiet in

nijsgjirrich ferhaal, it waard yn 1830 beskreaun

yn ‘e Ljouwerter Krante. It ferhaal gyng oer in

‘aardich gefal’ út it jier 1531. Doe wenne der yn

Readtsjerk in pastoar dy‘t it oanlei mei syn

buorfrou, dy’t troud wie. Dat in pastoar, yn

ûngetroude steat, mei in frou libbe wie yn dy tiid

wol frij normaal, mar dizze situaasje waard

fansels net akseptearre. De pastoar krige yn

earste ynstânsje in warskôging, mar doe’t letter

bliek dat dit net folle holpen hie, waard hy

feroardiele ta in moanne finzenis. Hy waard

ôfwikseljend in dei op wetter en bôle en in dei op

bier en bôle set. Nei it útsitten fan e’ straf moast

hy út Readtsjerk wei en der nea werom komme.

Hoe’t it krekt ôfrûn is witte wy net, mar soksoarte

ferhalen gienen der doe by in grut part fan it

lêzend publyk yn as koeke, sa waard skreaun.

Mar, ek hjoed oan de dei is der wat soks

oanbelanget neat gjin nijs ûnder de sinne. It

ferhaal oer de fereale pastoar waard doe sa

beskreaun:

Pintekening van it tsjerkje fan Readtsjerk (J. Stellingwerf, 1722)

Ut de 2 Doarpen 17 Mûnein/Readtsjerk

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!