04.05.2013 Views

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

Ut de 2 Doarpen April 2013

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Ut de 2 Doarpen April 2013

Wat wiene wy Nederlânders tûk eartiids,

soms hiene wy de gek mei de Belgen. Dat is

neffens my no oarsom. It gefal wol dat der

nije helikopters oanskaft binne troch Definsje,

mar dy kringen doge net. En no soene wy

der ek noch krekt mei efter de piraten oan.

Lokkich mei wy no in pear âlde tastellen fan

België liene. Mei de nije Fyra treinen is it al

krekt sa. Se ride foar gjin meter en de stikken

blik fleane der nei. No mar wer mei de

âldsjes nei Brussel. Yn 2005 heake it ek al

mar troch dwarsens fan de ambtners kaam

de minister der net efter. Hy wist fan neat! No

rekke ek noch in topman fan Fyra fertocht fan

fraude. In tsjustere saak tinkt my .

Sjochst wol ris nei it programma "Droomhuis

gezocht"? Wat behelpe wy ús dan oan de

Tsjerkewei. Ik moat sizze foar 150 tûzen ha

jo in knap hûs yn it bûtenlân. Mar dan giet

bygelyks de doar nei de âldersliepkeamer

iepen en sjogge wy in opperflakte sa grut as

in skoallelokaal en wat seit mefrou: De kamer

"masterbedroom" is niet echt groot! Tsjonge,

jonge, jonge. Wat libje wy lyts yn ús

keamerke.

De SNS bank soe omfalle mar lokkich hat ús

regear der mei rêdt. Mei boargerjild komme

jo in hiel ein, is't net sa. Rutte hat der

foartendaliks ek mar in nije direkteur tsjin oan

smiten foar 5,5 ton om it spul wer op gong te

bringen. Foar minder kin de minister-presidint

gjin goeie lieders fiene seit er. No wit ik ek

wêrom as it sa no en dan heaket yn ús

regear. Rutte krijt nammentlik mar foech 1,5

ton yn it jier. Neffens in oare minister kinne

bankmeiwurkers wol mei wat minder lean ta.

It is net te filmjen.

Lokkich is der no ek yn It Fean neiskoalse

deibehândeling foar oerstjoere "pubers". Wat

ha ik wat misse moaten yn myn jonge jierren.

Foar, tusken, nei en pjutteropfang wisten wy

net fan. Sels in beukerskoale wie der net.

Hoe binne wy grut wurden tink ik wol ris.

Mids febrewaris hâlde Omrop Fryslân yn de

Trynwâlden ta. De fytsmakker wie al ris yn

byld en no skarrelen se mei in pear

keakeljende froulju de Lange Strjitwei del op

nei de Mûnein. Hoe soe it ek oars sy

bedarren by in 70 jierige ynwenner fan it

doarp dy 't drok dwaande wie mei it feien fan

snie dat noch falle moast. Hy hie wol efkes

tiid. It petear gie al gau wer oer keakeljen en

hintsjes. Op it stuit ferhipte syn plomfee it,

mar de hintsjes fan syn soanen wiene net fan

'e lêch. Lokkich sit er no net sûnder aaien. Ja

filmen ek yn it hinnehok mar it binne gjin

"plofkippen" sa te sjen. Dat witte wy dan mar

wer en ek dat froulju twa dingen tagelyk

kinne: ôfwaskje en kofje sette. Ik tink fan wol

trije want se prate der ek noch by. Do silst

mar H of F hjitte. HEA! hea.

Wittenskippers oan de universiteit te North

Carolina binne der efter dat hoe grutter de

hântekening fan in topman, hoe grutter de

kâns dat syn bedriuw omfalt. Dus tink al

efkes nei by it tekenjen fan dit of dat.

Yn Grinslân lizze de minsken te skuodzjen

op 'e koai. No ha wy in probleem, want it gas

ha wy ferkocht oan de Dútsers. Ik bin benijd

hoe as ús regear hjir de kont wer út draait. Jo

sil der mar wenje. Moai dat de ynwenners

wol foarljochting krije. En de NAM, hij boorde

voort bij Veendam.

No hiel war oars. Altemets rinne de reëen hjir

yn de greide foar hûs te weidzjen. Der binne

in stik as acht, en dan ek noch in pearke

haskes. Wat is de natoer moai as jo it mar

sjen wolle. De bisten binne wol skril foar

minsken mar dat is te begrypen want dat bin

wy ek sa stadichoan.

De bou fan in super te Starum wie stil lein om

't der in wetterspitsmûs om skarrele. No nei

in pear moanne hat it mûske de kuierlatten

nommen en kin de timmerman wer los. Wa

betellet de man syn skea, Mariane?

Keunstskilder Paul Bos hat nei twa jier syn

projekt ûlen yn Galerie Feankleaster te

hingjen. Om 't ik regelmjittich wurk fan him yn

de famylje tsjin kom en it eltse kear wer

bewûnderje soe ik sizze: Dat moat jim net

misse !

By in brân te Blije is astbest frij kommen. Mar

dat spul kin op it stuit net opromme wurde

want der sit winter yn de groun. De Hege Dyk

is ôfset en de bewenners moatte troch de

efterdoar nei bûten. Dat it mar gau teiwaar

wurde mei dan is it hiem wer wiet en

smoarch. Snappe jo it noch?

Yn Nederlân snije de boeren ûnder. Se ha

gjin departemint en prioriteit mear, en falle no

ûnder economyske saken. Der sit noch mar

ien boer yn de Twadde Keamer. Mar sa seit

men, boeren en túnders fertsjinje de romte

om te ûndernimmen. Mooi sein! Biste

wolwêzen is no it stopwurd. Earder wie ús

lân in suvellân mar no in soarte fan nasjonaal

park. Der emigrearje ferskate boeren en dat

hâld yn wer minder wurk yn de meganisaasje

en stâlbou. It is net te kearen en dus hâld ik

no ek mar wer op mei myn ge-eamel.

Ut de 2 Doarpen 13 Mûnein/Readtsjerk

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!