03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

allegearre lieten) oer stof út it libben fan Kristus foar diel III. Der is de trits leafde,

deugd en godstsjinstyn werom te finen, dy't Spies yn sechstjinde- en santjinde-ieusk

wurk oanwiisd hat, mar faaks ek de tradisjonele yndieling fan literatuer neffens Vergilius

syn Bucolica, Georgica enAeneis. De haadtitel past yn de tradysje om poèzy yn

de folkstaal, yn ûnderskieding fan (neo-)latynske samlingen Poemata, nei de taal te

neamen dêr't se yn skreaun binne. De tekst fan de titelpagina is mooglik net foar

1658 ûntstien. Oanlieding ta it gearstallen hat miskien de ferskining fan de karlêzing

Klioos Kraam (1656, 1657) west, dêr't nederlânsktalich wurk fan de dichter yn

stiet.

d'Authôre to dy Lezzer (I *2r; I 278-279) en trije epigrammen (I *2v)

It boek iepenet mei in wurd foarôf yn 'e foarm fan in brief. Nei de ynhâld is it foaral

in ferdigening tsjin kritikasters. Dat léste is ek it gefal yn twa fan de trije epigrammen

dy't foarôfgeande oan it eigentlike boek noch op it foarwurd folgje. Hearden

Zoïlus en Momus by wurk fan literêre kwaliteit? En brûkte GJ har om misferstân oer

de aard fan syn frysk boek fan te foaren út te sluten?

Friesche Tjerne (I 1-6)

It gedicht lit him yndiele by it genre fan it houliksdicht. Net de praecepta, mar de

exempla lykje it beskaat te hawwen. Der is fan it genre fan it houliksdicht gebrûk

makke, sa soe men sizze kinne, om in boartlik gedicht te meitsjen dat ticht oanslút by

boerske houlikslieten yn dialekt, sa't der in protte yn santjinde-ieuske lieteboekjes

steane. Dochs is de tekst gjin klucht. Tjerne mei dan wol in boer wêze, it bysûndere

oan him is dat er mei syn trochbrekken fan ferskil yn stân in idylle opropt, dy't troch

konkretisearring fan tiid en plak yn Bolsert om 1640 hinne in skyn fan

werklikheid kriget.

Tjerne en Sjolle Kreamer, dat foar 't neist yn deselde tiid ûntstien is, binne nei alle

gedachten de âldste fryske teksten fan GJ. Foar it ûntstean fan syn frysk dichterskip

hat de publikaasje fan twa fleurige fryske dialogen fan Van Hichtum yn 1639 faaks

tige fan belang west.

Sjolle Kreamer (I 7-12)

Mei syn sang en syn petearfoarm kin it fers formeel opfette wurde as in fariant fan

it genre fan it hardersdicht. Ynhâldlik is der trouwens ek ferbân, omdat it otium in

belangryk motyf is.

Ljeafde (I 13-14)

De tekst, dy't út in liet en in kwatryn bestiet, is in leafdesfers yn petrarkistyske trant

foar de personifiearre Leafde út 1 Jeh. 4:8. Behalven ynhâldlik - oangeande de

minsklike kennis fan de Leafde en it fermogen om har rjocht te dwaan nammentlik -,

ferskilt it fan syn mooglike foarbylden ek troch syn konkrete útbylding fan de personifiearre

figuer.

476

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!