03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

2. Under genre ferstean ik in samling eigenskippen fan foarm, ynhâld en funksje

dy't meitsje dat in tekst by ien of mear samlingen fan oare teksten yndield wurde kin.

Soksoarte samlingen binne meastal sa los, dat de yndieling in tentatyf karakter hat.

Dêr komt noch by dat it de fraach is oft dy eigenskippen troch genre beskaat binne of

fan foarbyldteksten ôfhingje. As oanfolling op de formele eigenskippen wurde identike

strofefoarmen yn wurk fan oaren oanwiisd.

3. Datearring is it tredde ûnderdiel. Der binne mar in bytsje teksten dêr't de datearring

fan fêststiet. It belangrykste middel om se te datearjen binne de ferskiningsjierren

fan de publikaasjes dy't GJ ta foarbyld tsjinne hawwe moatte.

4. Histoaryske eleminten ûnderskiede har troch har útsûnderlikens. Oft se yn it each

falle, hinget derfan ôf hoe útsûnderlik oft se binne.

5. Under 'mynterpretaasje ferstean ik in adekwate ferklearring fan de betsjutting fan

in tekst sa't dy út 'e tekst sels op te meitsjen is. Net ta de ynterpretaasje rekkenje ik it

úndersykjen fan de betrekkingen fan de tekst ta foarbyld(en), ta libben en opfettin-

2en fan de skriuwerof tade maatskippij, of itmoatwêze datdy klearyn de tekst oan

te wizen binne.

6. By it ferklearjen fan it ûntstean ûnderskied ik oanlieding, ôftiinklikens fan foarbylden

en funksje. As de tekst sels gjin oanwizingen jout, fait nei de oanlieding allinne

mar te rieden. By ôfhinklikens fan oare teksten giet it my derom fêst te stellen yn hoefier't

in tekst as it resultaat fan debewurkingfanienof mear oare teksten te ferklearjen

is. Under funksje gean ik de ymplisite betrekkingen yn de tekst ta libben en opfettingen

fan de skriuwer en ta de maatskippij nei. De eksplisite ferwizings binne al yn

4. Histoaryske eleminten oan de oarder kommen. Yn syn betrekking ta de skriuwer

kin de tekst emulaasje of, algemiener, blyk fan literêr fakmanskip wêze, of utering

fan syn persoanlike omstannichheden of fan syn politike, godstsjinstige of kulturele

opfettingen. De fraach oft in tekst in wjerspegeling is fan de maatskippij (as ideologysk

en sosjaal superstra turn, dat literatuer dominearret), ferwiist nei de easken fan

dy maatskippij, mar ek nei ynfloeden dêr't de skriuwer amper of gjin weet fan hoecht

te hawwen. Under maatskiplike easken rekkenje ik it ferlet fan literatuer of fan literatuer

fan in bepaald slach. It ferlet fan literatuer yn it algemien, dy't foar alle literatuer

jildt, gean ik net op yn, mar it ferlet fan in bepaald slach literatuer falie bysûnderheden

fan stof of tematyk en ek de kar foar Frysk ûnder, en dy besprek ik dêrom al. Unbewitten

ynfloeden lit ik gewurde.

Tekst foar tekst (5.3)

Fanwegen grutter oersichtlikheid binne datearrings en topoi net tekst foar tekst

gearfette, mar yn listen by elkoar brocht en opnommen yn 10.5 en 10.6

(Bylagen).

De sifers tusken heakjes efter de titels fan de teksten ferwize nei de blêdsidenûmers

yn de facsimile-edysje fan diel I.

Titel (I *lr)

De titel bestiet út in haadtitel mei in ûnderferdieling yn trijen. De kritearia dy't ta

dy ûnderferdieling laat hawwe, lykje leafde as tema foar diel I, petearen oer saaklike

ûnderwerpen en gelegenheidswurk foar diel II, en psalmen en lofsangen (op ien nei

wumkes.nl

475

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!