03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

ming mooglik in freonetsjinst west hat. GJ liket it yn politike saken mei syn heit iens

west te hawwen, want ek hy wie mei de Van Velsens befreone.

GJ wie oars gjin man fan in polityk bestean, wat troch syn funksje as stedsamtner

trouwens ek net kinnen hie. Syn belangstelling foar politike saken skynt ek net grut

west te hawwen, as men ôfgiet op 'e list fan syn boeken dy't nei syn ferstjerren yn 1666

opmakke waard. Ut dat boekebesit sprekt wol, ek yn ferliking mei dat fan oaren, in

útsûnderlik grutte literêre belangstelling, dy't him al om 1625 hinne ôf liket te tekenjen.

In geleard aspekt sit net oan de list. Hoewol't GJ ek mennisten ûnder syn literêre

freonen hie, hearde er sels ta de Neiere Reformaasje; dêrfan tsjûget ek syn wurk. Syn

dichterskip lit him ynpasse yn de artistike kultuer yn Fryslân, dy't om it hof fan de

steedhâlder hinne te lokalisearjen is. Dy "hofkultuer" koe him ûntjaan, nei't de

steedhâlder yn 1637 de striid mei de âlde adel om de provinsjale soevereiniteit wûn

hie. Artistyk waard de hofkultuer tekene troch in ferskaat oan foarmen, lykas poèzy,

skilderkeunst en muzyk, maatskiplik troch it dielnimmen fan de heechste fermiddens

út de boargerlike elite, yn it bysûnder ek fan froulju, en polityk troch it stribjen

nei de besegeling fan it steedhâlderskip as symboal fan fryske ienheid. Typearjend

lykje ek pastorale trekken. De ferbining fan de fryske identiteit oan de figuer fan de

steedhâlder wie mooglik, trochdat Fryslân in eigen steedhâlder hie, en waard yn 'e

hân wurke troch anti-steedhâlderlike tendinzen yn it dominante Hollân, dat as in

bedriging field waard.

Tekstkommentaar (5)

Oanpak (5.1)

It analysemodel dat foar de behanneling fan de teksten brûkt wurdt, bestiet út

seis ûnderdielen.

1. It earste binne de boarnen. Dy ûnderskied ik formeel al neigeraden se mear of minder

wierskynlik ek wier as boarnen, dat wol sizze as streekrjochte foarbylden troch

de dichter brûkt binne, yn foarbylden en parallellen, en ynhâldlik yn literêre teksten,

Bibel en oare boarnen, dêr't ik behalve net- literêre teksten ek ôfbyldingen by

rekkenje.

It identifisearjen fan literêre teksten as foarbylden is om trije redenen lestich. Yn it

earste plak binne oerienkomsten net altyd like goed te finen. Dat jildt foaral as se

koart binne en by wize fan sprekken ferskûle sitte yn brede útwurkingen mei gans

nije eleminten. Kennis fan santjinde-ieuske bewurkingstechniken kin helpe om se te

finen. In twadde probleem is de fraach oft in oerienkomst eksklusyf is. Parallellen

dy't útsententiæ of topoi besteane, binne dat likemin as oerienkomsten op grûn fan in

mienskiplike boarne of in intermediêr. En dan is der noch de ûnmooglikheid om alles

te lézen en te witten wat GJ ûnder eagen hân hat. Dat blike foaral klassiken en

santjinde-ieuske dichters yn it Nederlânsk west te hawwen.

As foarbylden haw ik de oerienkomsten opfette dy't my eksklusyf taliken. Op in inkelde

útsûndering nei, dat ûngewoane oerienkomst yn opbou of dialoochpatroan reden

joech om ta ôfhinklikens te besluten, wie wurdlike oerienkomst altyd betingst,

leafst mear as ien kear. De twivelgefallen en de wurdlike oerienkomsten dy't beheind

bliuwe ta mar ien formulearring hawik ta de parallellen rekkene. Yn it léste gefal koe

faak in klassike oarsprong oanwiisd wurde.

474

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!