03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Libben en wrâld (4)

Mei de oantsjutting "Libben en wrâld" haw ik foar, in ûnderskie te meitsjen tusken

libbensomstannichheden en libbensopfettingen, dat wol sizze tusken komôf, oplieding,

ûntwikkeling, wurk, húshâlding, freonen en kunden oan de iene kant, en

godstsjinst, polityk en (literêre) kultuer oan de oare kant. By it ûntbrekken fan direkte

útlittings moatte de opfettingen út de omstannichheden opmakke wurde. De

metoade om ien syn opfettingen op polityk, godstsjinstich en kulturiel gebiet ofte lieden

út syn kontakten hat foar, dat dy troch it beheljen fan mear persoanen yn it ûndersyk

gans mooglikheden ta kontrole fan ynterpretaasjes jout. Dêr komt noch by,

dat it resultaat earder fan tapassing is op de persoan om wa't it giet as de útkomst fan

in algemien ûndersyk sûnder yndividuele differinsjaasje. Omdat de ynventarisaasjes

fan har boekebesit yn ferliking mei dat fan oaren de foarnaamste boarnen foar de

kennis fan de yntellektuele belangstelling en ûntwikkeling fan de dichter en fan syn

heit foarmje, binne sa folie mooglik alle boekelisten fan ynwenners út Fryslân út it

tiidrek fan 1600 oant 1680 sammele en ferlike.

Oer de jonkheid fan GJ is neat oars bekend as wat út syn komôf ôflaat wurde kin.

Syn heit Jacob Gysberts (tenei JG) wie in like belangryk as kontroversieel man yn

syn wenplak Bolsert, dêr't ek de soan syn hiele libben op noch gjin jier nei ferkeard

hat of fuortby wenne hat. As stedsskoalmaster wie GJ al likefolle oan syn heit bûn as

troch de famyljebetrekking. JG wie kistmakker en kollekteur fan belestingen; hy

makke nei alle gedachten it ûntwerp fan it moaie riedhûs fan 'e stêd (1614). De ynventaris

fan syn boekebesit út 1644 makket by ferliking mei boekelisten fan oaren

dúdlik, dat er in frij grutte belangstelling foar polityk hie en in útsûnderlik grutte belangstelling

foar godstsjinstige problematyk. Hy wie útsprutsen gereformeard.

Troch syn meistimmen foar nije provinsjale belestingen yn 1634 makke JG him ta

fijân fan yn alle gefallen in part fan de Bolserter befolking. Op de weagen fan it belestingferset,

dat yn 'e provinsje algemien wie, ûntstie grutte politike ûnrêst, dy't lykas

yn oare fryske steden, yn 1635 yn Bolsert ta it ôfsetten fan it stedsbestjoerlate. Allinne

troch yngripen fan de Rie fan Steate út Den Haach koe twa jier letter de fryske steedhâlder

- wa't it beneamingsrjocht takaam - syn gesach weromkrije. Syn tsjinpartij

bestie út foarname famyljes út 'e adel, dy't foar it grutste part op it plattelân wenne.

Beide partijen hienen har oanhing yn 'e steden. Oant ein 1646 wie yn Bolsert de

pleatslike partij fan Van Velsen, dêr't JG by hearde en dy't troch de tiid hinne oan de

kant fan de steedhâlder stie, it sterkste, sûnt de oare. Yn it begjin fan de jierren fyftich

ferbetteren de ferhâldingen.

Ein 1640 waard JG - yn it plak fan in ferstoarn magistraatslid - foar twa jier ta

boargemaster keazen. Syn beneaming rôp gans ferset op, mar as presidearjend boargemaster

naam er de lieding yn it kolleezje fan boargemasters en hy regearre mei

strakke hân. Syn partij focht yn 1644-1645 mei de tsjerkerie in kwestje oer it beneamingsrjocht

fan in nije dûmny út. Hiel Fryslân rekke yn ûnstjoer en ek oars yn it lân

krige de saak in soad omtinken. Sels Voetius, dy't de kant fan 'e tsjerkerie keas,

spriek him deroer út.

Yn dy troch skelen ferskuorde stêd waard yn 1637 GJ ta stedsskoalmaster beneamd,

nei't er foartiid op it plattelân skoalmaster west hie. Dat barde troch it nije

magistraatskolleezje, dêr't syn heit (dy't lid fan de swarde gemeente wie) wol net by

hearde, mar dat dochs yn mearderheid fan syn partij wie, wat makket dat de benea-

wumkes.nl

473

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!