03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Tekstoerlevering (3.1)

Om 1658 hinne skynt GJ it plan opfette te hawwen om syn frysk wurk te bondeljen

ta de Friesche Rymlerye, sa't dy twa jier nei syn dea yn 1668 útkaam. It boek hat mooglik

net yn 'e hannel west.

De útwreide werútjefte fan 1668, dy't Gabbema yn 1681 besoarge, jout net allinne

nije teksten fan GJ, mar ek twa ynliedingen yn 'e foarm fan opdrachten, in grammatika

fan it Frysk, in ferhanneling oer de fryske letters en in specimen fan it Aldfrysk

yn twa redaksjes. It ferbân fan grammatika en Aldfrysk mei GJ is net dúdlik. De oanfollingen

mei wurk fan GJ sels besteane foar it grutste part út teksten dy't Gabbema

fan de dichter krigen hie. Beskate oerienkomsten yn kustoaden en koprigels litte der

gjin twivel oer bestean dat de werútjefte weromgiet op in eksimplaar fan de edysje-

1668.

Der kinne ûnderskate redenen foar de werútjefte fan 1681 west hawwe. Sels seit Gabbema

dat der in "duldeloos verlangen" nei in twadde printinge wie, dy't hy ta eare fan

Fryslân en ta nut en ferdivedaasje fan oar Nederlân besoargje wol. Syn wurdearring

jildt likegoed de taal as de literatuer. Mei syn opdracht oan Steaten en steedhâlder

makke hy der in lânskipssaak fan. Oansluting by Vulcanius set it wurk yn in humanistyske

tradysje. As GJ it al net wie, dan hat Gabbema him mei dizze útjefte ta in

klassyk dichter makke.

De werútjefte fan 1684 bestiet út in part fan it restant fan de oplage fan 1681, foarsjoen

fan in op 'en nij set earste katern, dat nedich wie om it ympressum oanpasse te

kinnen oan de nije útjouwer. Miskien waard it wurk yn 'e akademystêd Frjentsjer,

dêr't de nije útjouwer wenne, better ferkocht as yn Ljouwert, it plak fan 'e earste

útjefte.

Lezers (3.2)

Om gegevens te sammeljen oer aard en omfang fan de belangstelling foar it wurk,

yn it bysûnder oant 1822, haw ik boelbeskriuwingen, auksjekatalogi en eksimplaren

fan de FR-edysjes opspoard en ûndersocht. Hieltyd wurde alle beskikbere bysûnderheden

as nammen fan eigeners, c.q. neifolgers fan wurk fan GJ, prizen, hânskriftlike

oantekens, en - hoewol minder folslein - uterlikheden fan it boek opjûn.

Mei op grûn fan dy oersjoggen kinne de oplagen fan de edysjes fan 1668 en 1681 op

miskien op syn heechst hundert, respektivelik twahûndert rûsd wurde. In analyse

fan eftergrûnen en útlittingen fan har dy't foar 1822 it wurk fan GJ yn har besit hienen

of neifolgen, lit jin tinke dat it wurdearre waard as literatuer, as specimen fan

Frysk en as symboal fan fryske kultuer.

Al by it libben fan de dichter blykt út neifolgingen dat syn Friessche Tjerne (1640)

fuort in súkses west hat. Neffens oplieding beheint de belangstelling him yn haadsaak

(mar net alhiel) ta akademisi, wat foar in part oan de aard fan it boarnemateriaal

lizze kin, en neffens stân fait it jin op dat de fryske adel goed fertsjintwurdige is.

Hoewol't it oantal yntekenjende boeren yn 1821 tige lyts is, stekt it dochs noch geunstich

ôf by it ûnfbrekken fan boeren op oare yntekenlisten. It wurk fan GJ is nea populêr

wurden, ek net yn de njoggentjinde ieu, doe't wol besocht is om fan him in

folksdichter te meitsjen. Al om 1700 hinne wienen frijwat stimmen dy't as wizeoantsjutting

brûkt wurde, net mear bekend.

472

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!