03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Doel en oanpak (1.2)

Doel fan dizze stúdzje is in bydrage te leverjen oan de ferklearring fan it ûntstean

fan literêre teksten yn de santjinde ieu. It ûndersyk beheint him ta stof en ynhâld.

Taal en styl krije allinne omtinken as der eleminten út helle wurde kinne dy't foar de

redenearring fan belang binne. Nivo fan ûndersyk is de yndividuele tekst, probleemstelling

syn ferhâlding ta oare literêre teksten en ta de net-literêre werklikheid dêr't er

yn ûntstien is. It ûndersyk nei de ferhâlding mei oare teksten rjochtet him op it opspoaren

fan foarbylden, it synjalearjen fan topoi en it yndielen nei genre. It ûndersyk

nei de ferhâlding mei de werklikheid is rjochte op it oanwizen yn de tekst fan eleminten

fan tiid en plak en fan feiten út it libben fan de skriuwer, en op it formulearjen fan

de mooglike funksje fan in tekst yn relaasje ta it persoanlike libben fan de skriuwer,

ta aktuele ûnderwerpen en ta maatskiplik ferlet Mei it each op dit ûndersyk wurde

de teksten sa krekt mooglik datearre en wurdt fan elke tekst in ynterpretaasje jûn. De

opset liedt ta in analysemodel fan seis ûnderdielen, dat beskreaun wurdt yn Tekstkommentaar,

Oanpak (5.1).

De analyse wurdt tapast op in kar út it wurk fan de dichter, dy't makke is op grûn

fan represintativens. Behanneling bart yn haadstik 5. Yn in apart haadstik, 4, wurde

libbensomstannichheden en libbensopfettingen fan de skriuwer ûndersocht, mei 't

dat it diel fan de werklikheid is dat op it earste each gjin ferbân mei de teksten

hat.

Grûnslach fan ferklearring is de kombinaasje fan literêr en histoarysk ûndersyk.

Dy is yn 'e GJ-stúdzje net earder tapast. De kar dêrfoar waard ûnôfhinklik fan Spies

1987a makke, dy't in ferlykbere oanpak jout. Referinsjeramt fan it literêre ûndersyk

is de retoarika. It histoarysk ûndersyk is tentatyf. De kar foar in behanneling tekst

foar tekst hat te krijen mei de opfetting dat it net sinfol is om generalisearjende útspraken

oer it werklikheidsgehalte (of it literêre gehalte) fan literatuer te dwaan, as

dy net op yngeand ûndersyk fan ôfsûnderlike teksten basearre binne.

De beide besteande útjeften fan it wurk fan GJ (Epkema 1821 en Brouwer 1936/

1966) hawwe in tal tekoartkommings, dy't in nije útjefte winsklik meitsje. Om foldwaan

te kinnen oan de formulearre doelstelling, haw ik dêrom oan dizze stúdzje in

tekstedysje tafoege. Problemen fan transliteraasje en facsimile-útjefte wurde yn

haadstik 2 besprutsen. In beskriuwing fan útjeften en hânskriften folget yn haadstik

3. De behanneling fan útjeften konsintrearret him op de fraach nei har ûntsteansskiednis.

Ta de ferklearring fan it ûntstean fan it wurk kin ek kennis fan it publyk dat

it lies (of net lies) en fan de aard fan 'e belangstelling bydrage. Dat jildt, mei men

oannimme, namste mear neigeraden dat publyk tichter yn tiid by GJ stiet. Dêrom is

ek oan dy aspekten fan de GJ-resepsje omtinken jûn, yn it bysûnder oan dy út de tiid

oant 1822, doe't in nije útjefte fan it wurk ferskynde. De analyse fan de yntekenlist op

dy útjefte is in wolkomme oanfolling op it bytsje gegevens oer lezers tusken 1822 en

1640, it jier dat foar it earst wurk fan GJ publisearre waard.

Yn it algemien kin noch sein wurde, dat der besocht is om alle kennis oer GJ en

syn wurk dy't yn 'e rin fan 'e tiden fêstlein is, yn it ûndersyk te beheljen. Dat jildt likegoed

foar sekundere literatuer as foar argivalia. Gegevens út sekundere literatuer

binne oan de boarnen hifke.

wumkes.nl

471

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!