03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

8. Gearfetting / Samenvatting / Summary

Oer de ferhâlding fan de gearfettingen yn it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk kin

opmurken wurde dat de fryske en de ingelske ynhâldlik identyk binne en besteane út

in gearfetting fan de haadsaken út 'e nederlânske tekst. Allinne ûntbrekt by de fryske

it Beslút, dêr't foar ferwiisd wurdt nei haadstik 7.

8.1. Koarte gearfetting

Dit boek bestiet út rwa dielen, in facsimile-útjefte fan it wurk fan Gysbert Japix

(diel I) en in kommentaar op dat wurk (diel II). De sifers efter de titels yn 'e gearfetting

dy't hjir folget, ferwize nei de haadstikken fan diel II, behalve as der in I foar

stiet. Dan slane se op de blêdsiden fan diel I.

Objekt (1.1)

Objekt fan ûndersyk binne stof en ynhâld fan it wurk fan Gysbert Japix (Bolsert

1603-1666; tenei GJ)yn relaasje taharliterêre en harhistoaryske kontekst. Dat wurk

bestiet út fryske en nederlânske gedichten en trije frij koarte proaza-oersettingen yn

it Frysk, dêr't yn alle gefallen twa fan út it Frânsk fertaald binne. It fryske wurk is foar

it grutste part sammele yn de postúm ferskynde bondel Friesche Rymlerye (1668) en

de werútjefte mei oanfollingen út 1681/1684 (beide tenei FR), dêr't ek fryske brieven

(en ien nederlânske) yn opnommen binne. De nederlânske gedichten steane yn literêre

blomlêzingen en as drompelfersen foarútjeften fan oaren, benammen fan prekebondels.

In pear gedichten, meast nederlânske, binne allinne yn hânskrift oerlevere.

Miskien hat GJ ek fersen yn it Latyn skreaun, mar dêr is, foarsafier't bekend is,

neat fan bewarre. Ofskriften fan fryske fersen binne yn 'e Bodleian Library te Oxford.

Se waarden om 1646 hinne troch F. Junius F.F. makke.

Ta oriëntaasje wurdt earst in oersjoch jûn fan eardere fizys op it wurk fan GJ en

fan rjochtingen yn it ûndersyk. De oardielen oant likernôch 1770 - stúdzjes binne

der dan noch net - meitsje de yndruk dat se út ien selde fizy wei tocht binne. Der

binne trije eleminten yn oan te wizen: 1. GJ is in geleard dichter, ryk oan geast en fining.

2. Syn wurk is elegant en keunstich. 3. It wurket mei affekten. Mei elkoar roppe

se it byld op fan in geleard dichter. Nei 1770 bliuwt tenearsten deselde fizy bestean.

GJ wurdt sjoen as in klassyk dichter, dy't beoardiele wurdt neffens de klassike poëtika.

Nij is lykwols de opfetting dat natuer en ienfâld typearjend binne foar syn wurk.

It keunstmjittige, dat dêrneist ûnderskaat wurdt, komt op rekken fan Gabbema, in

freon fan de dichter. It natuerlike wurdt opferte as in eigenskip fan it Frysk en de

Friezen (sa al by Stijl yn 1777) en lyksteld oan grykse ienfâld. Tsjin de ein fan de

njoggentjinde ieu begjint de psychologyske ferklearring fan it wurk. Tsjin de midden

fan 'e tweintichste ieu komt it ûndersyk op dat rjochte is op de ferklearring fan it

wurk troch it yn syn histoaryske of literêre kontekst te setten. Dat bart foaral sûnt

1966 yn it wurk fan Feitsma, dy't de sosjale gearhing bestudearret, en yn dat fan Visser,

dy't literêre foarbylden en parallellen oanwiist.

470

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!