03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

nyske karakter fan syn wurk. Skaaimerken fan it útsprutsen literêre karakter fan it

wurk lykje my ek it allegorisearjen, personifiearjen en pastoralisearjen ta, en fierders

de literêre ympuls dy't faak it ûntstean fan in tekst ferklearret.

De (pear) Bolserter eleminten yn Friesche Tjerne en Sjolle Kreamer, dy't yn it oare

wurk amper mear foarkomme, soenen in útsûndering wêze kinne, as se net earder

neffens it gebrûk om de stof "nae slants gelegenheyt te verduytschen" as literêrkonvinsjonele

oanpassingen oan pleatslike omstannichheden te ferklearjen wienen.

Sa'n soarte fan oanpassing, no fan de hardersfiguer dy't in man fan it lân wurdt, hat

mooglik ta it ûntstean fan figueren as Sjolle en Tjerne laat, en yndirekt ek ta dy yn de

petearen 29, 30 en 31, dy't as literêre fuortsettingen fan Sjolle en Tjerne op te fetsjen

binne. In oare útsûndering lykje de brieven te foarmjen. Ik bedoel no net dy oan

Gabbema, dy't trouwens hast allinne oer literatuer geane, mar de rymbrieven yn de

Friesche Herder, it gedicht oan Fonteyne as reaksje op it tastjoeren fan poëzy fan Sibylle

van Griethuysen (tekst 36, bis. 83), en it wurd foarôf. Dêr sitte yn alle gefallen in

pear - al binne it ek stereotipe - taspilingen op it persoanlike libben fan de skriuwer

yn (cf. 5.3.2.6), mar by brieven is dat eigen oan it genre, dat ek hjir oerhearsket de yndruk

fan literêre utering. Sels neamt GJ as motyf foar syn dichtsjen de eare fan it

Frysk en miskien rjochte er him ek wier wol foaral op taalbou en taalútdrukking. Yn

syn Nauwkeurigen Needer-lander, in wurd foarôf foar 't neist by in foarnommen

útjefte fan syn psalmen (cf. 5.3.2.3), skriuwt er net sûnder humor dat er om in goeie

stavering "geploeght ende gepooght [heeft] als Icarus na 't wieck-wispelen ende

Phaëton na 't karre-mennen" (277,18-20). Fansels koe dat ek net oars, omdat er yn in

taal skreau dy't amper in skriuwtradysje (mear) hie, mar út it mear as ien kear feroarjenyn

syn stavering (cf. Feitsma 1974, bgl. 293-301) blykt de wierheid fan syn wurden

noch namste mear. It wie ek net allinne de stavering dy't yn taal syn niget hie. Ut it

neidwaan fan de bewegings fan in hynder yn de To-hæcke fan tekst 42 (87-88) - in bekend

motyf yn santjinde-ieuske poëzy, nei it foarbyld fan Vzrgûms.Aeneis 8,596-597 -

of fan lûd en beweging fan 'e brûzjende see yn tekst 46.37, 536 ) sprekt in selde artistike

taalopfetting as dy't ik yn 'e Personele vertôninge yn it útbyldzjen fan de tiden fan it

jier waarnim (5.3.67.6).

GJ syn oriëntaasje op 'e foarm ferklearret miskien ek de oarspronklikheid dy't

yn 'e foarmjouwing fan syn wurk oanwiisd wurde kin. Sa binne my gjin mallen bekend

fan de petearen yn it twadde diel fan 'e FR, dy't har foarm oan in ynterne ûntjouwing

binnen it dichterskip fan GJ sels te tankjen lykje te hawwen. Ek haw ik gjin

foarbylden fine kinnen fan de ôfslutende léste rigel yn in stikmannich koartere fersen,

dy't as in ekstra ôfrûning buten it rymskema en de (mooglike) strofe-yndieling

fait. Sa'n rigel komt foaryn 'e teksten 27,28,37,39,42,61,63,64,76 en 78. 537 ) In dúdlik

gefal fan keunstige foarmjouwing, dêr't hy fierder yn gong as oaren, binne ek de

ljedderpatroanen yn de dialoochlieten 6 en 13 (5.3.6.6).

Ien eigenskip lykwols is der, dy't ik net ûnder fakmanskip bringe kin, teminsten

net yn de hjir brûkte betsjutting fan technyske feardigens. Dat is de humor, dy't jin

foaral yn gedichten út it earste diel fan de FR opfalt, yn it bysûnder ek yn de bewurkingen

nei Roemer Visscher, krekt as soe foar GJ - en oare santjinde-ieuske dichters?

- leafdespoëzy him der by útstek ta liend hawwe om geast en fernimstigens oan

sjen te litten. Mar ek yn fersen as Reamer in Sape en de Personele vertôninge ûntbrekt

de humor net.

468

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!