03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

7. Beslút

Yn dit ôfslutende haadstik wurdt in gearfetsjende skôging jûn fan de ferhâlding

tusken GJ syn teksten en har literêre foarbylden (7.1) en dêrnjonken fan aard en ûntjouwing

fan GJ syn dichterskip, oanfolle mei in pear desiderata foar fierder ûndersyk

(7.2).

7.1. Untliening, imitatio, aemulatio

Hiel wat gedichten fan GJ besteane út neifolgings fan ien of mear teksten fan oaren.

Yn it âldste wurk hearre dêr de fryske gedichten fan Van Hichtum by. Fan de nederlânske

dichters dy't neifolge wurde, nimme Roemer Visscher, Cats, Camphuysen,

Vondel en Huygens in foarnaam plak yn. Klassiken as Vergilius, Horatius en foaral

Ovidius leverje faak oanfoljend materiaal.

De neifolgings litte har ûnderskiede yn untliening, imitatio en aemulatio. Imitatio as

oantsjutting foar de ôfhinklikheidsferhâlding tusken teksten wurdt yn stúdzjes oer

literatuer yn twa betsjuttingen brûkt. De term kin alle neifolging yn it algemien ynhâlde,

mar ek op in beskaat type slaan en tsjinnet dan om ûnderskie te meitsjen mei

aemulatio. Imitatio yn de beheinde betsjutting fan it wurd kin omskreaun wurde as fariaasje

fan ien of mear foarbyldteksten, benammen troch middel fan oanpassingen

fan saken as plak, tiid en ûnderwerp, aemulatio as ferbettering fan de foarbyldteksten).

It ferskil tusken imitatio en aemulatio, dat beskaat wurdt troch de bedoelingen

fan de skriuwer (cf. Pigman 1980), is net altyd like dúdlik. Derfan te skieden is de

slaafske neifolging of untliening, dy't as skaaimerk hat dat foarbyldtekst en neifolging

folslein gelyk binne.

Ta de kategory fan de untliening hearre meastal de koarte teksteleminten dy't tige

algemien brûkt wurde, lykas bibelplakken, topoi en standertmotiven, of dy't ek wol

oan ien konkrete tekst ûntliend wêze kinne, lykas beskate bylden of oare formulearringen.

As se lykwols fariearre wurde, of mei sin brûkt lykje te wezen om taspilings te

meitsjen dy't de foarbyldtekst by wize fan sprekken meiklinke litte, dan falie se ûnder

imitatio of aemulatio. In foarbyld fan in taspiling liket my it iepeningsepigram

(tekst 3) ta, dat in passende útwurking fan it bekende parturient montes fan Horatius

is. Faak steane sokke koarte teksteleminten yn it gruttere gehiel fan neifolgings fan

folsleine teksten of langere tekstparten. Har funksje liket it dan foaral te wezen om de

stofte fariearjen en moai te meitsjen. In foarbyld fan dat gebrûk is yn Reamer in Sape

te finen (5.3.30.6).

Oft ek it ferbergjen fan de foarbyldtekst(en) ta har funksje heart, liket my de

fraach. Dissimulatio wie foar de santjinde-ieuske dichter in fanselssprekkende eigenskip

fan imitatio. Pigman 1980,9-11 lit mei gans sitaten sjen hoe algemien oft dy

opfetting yn 'e Renaissance wie. By GJ liket it dissimulearjen gjin spesjale betsjutting

yn 'e sin fan it ferbergjen fan de foarbyldteksten te hawwen. Syn foarbyldteksten

bliuwe dúdlik werom te finen en obskuer binne se net. Itselde jildt neffens my

foar Schaghen en dêrom wit ik net oft dissimulative imitatio, in term dy't Vermeer 1978

yntrodusearret om de wurkwize fan Schaghen te karakterisearjen, wol wat oars is as

in pleonasme. It ferwurkjen fan mear as ien foarbyldtekst wie ek al tige gewoan. Imi-

466

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!