03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

21. Skilderij, D. Hansma? 1860 (net fûn)

'Tevens verkreeg de zaal een allezins doeltreffende aanblik door het aan brengen

van Gysbert Japicx portret dat hoewel slechts eenen schets door gepaste Lauerkrans

en verciering op eenigen afstand een voldoend effect maakte", sa dielde de skriuwer

fan de Snitser rederikerskeamer Gysbert Japicx yn syn ferslach fan in bûtengewoane

iepenbiere toanielútfiering op 28 desimber 1860 mei. Mooglik wurdt itselde portret

bedoeld, dat as achtste foarkomt op in list fan eigendommen dy't yn 1890 by it ûntbinen

fan de keamer ûnder leden ferkocht waarden. Dat wie útfierd yn oaljeferve. De

namme fan de skilder is net oerlevere, mar it soe Douwe Hansma wêze kinne, dy't

foar de earste iepenbiere útfiering dy't it selskip joech (dat wie op 9-12-1857) de kûlizen

skildere hie.

De keamer waard op 18-9-1855 oprjochte troch it yn elkoar opgean fan twa Snitser

selskippen, Apollo en Eensgezindheid. De namme dy't earst Eenheid door Verscheidenheid

wie, moat op 29-9-1857 feroare wêze yn Gysbert Japicx, al is dat troch de

knoffelige formulearring fan de skriuwer allinne mar ôf te lieden út it feit dat Eenheid

door Verscheidenheid dan it motto hjit. Grif hat er fergetten de namme sels op

te jaan. It oare jiers maart die bliken dat fiif leden in ynsynje meitsje litten hienen,

dat doe oernommen waard as it offisjele draachteken fan de keamer. Ien eksimplaar

dêrfan is as brûklien fan it FM oanwêzich yn it Fries Scheepvaartmuseum en Oudheidkamer

te Snits (skinking oan it FM: 63ste Verslag FG (1891)7). In portret stiet der

net op, allinne de letters GJ yn in ovaal binnen in lauwertûke. It sil wol makke wêze

troch de Ljouwerter H. Reitsma (ferl. Gids voor de bezoekers der Historische Tentoonstelling

... Leeuwarden 1877,254-255). It portret is net oerlevere (argyf rederikerskeamer

Gysbert Japicx, net ynvintarisearre yn it GA fan Snits; S. ten Hoeve wiisde

my op it bestean fan it argyf).

Der wienen mear ferienings dy't Gysbert Japix hjitten, lykas de krite fan it Selskip

1844 te Damwâld, oprjochte yn 1859 (Wadman 1955,115) en in tonielferiening op 'e

Gerdyk (neamd yn in advertinsje yn'e Leeuwarder Courant fan 30-7-1862). Oft dêr ek

portretten foar makke binne, haw ik net neigien.

22. Skilderij C.F. Philippeau 1874

Skoaltaferiel (18x25 sm.), makke as ien yn in rige fan taferielen út de Nederlânske

skiednis troch leden fan de maatskippij Arti et Amicitiae te Amsterdam, foar kening

Willem III by syn fiifentweintichjierrich jubileum (Hallema 1965; Koning Willem

III en Arti. Amsterdam 1984, 40-47, 52-53).

Antlit neffens 11. Oant no ta net ôfbylde.

23. Gravuere H. Sluyter D. Jz. ca. 1874

Skoaltaferiel neffens 22, foar it earst printe yn J. van Lennep, W. Moll en J. ter Gouw,

Nederlands geschiedenis en volksleven in schetsen III. Leiden s.j. (nr. 71). Ek yn de

twadde printinge (dl. II, 1880). Ek los en ynkleure (sa'n eksimplaar is PK 1983-13,

FM). Yn Skriuwers yn byld (1966) 32. (Yll. 44.)

24. Gravuere, Waling Dykstra? 1881 (Fryske Skoeralmanak)

Boarstbyld nei rjochts en mei GYSBERT JAPIKS derboppe yn in sirkel (middelline

3,4 sm.). Nei 11? Gesichtsútdrukking jongeseftich en dimmener as op 11. Ien fan in

456

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!