03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

ôfbylde is. De kop op dy ôfbylding is oars as op de kopyen dy't fan De Hoop bekend

binne. Der sit wat yn fan 1 en 11. Sjoch ek 12, Ynterpretaasje, en 15.

Yn dit ferbân moat neamd wurde, dat J.B. Schepers yn 1925 in 19de ieuske kopy fan

GJ oan it Friesch Genootschap oanbea, dêr't er fan sei dat dy wierskynlik troch in

Halbertsma skildere wie (sj. 15). Soe er it skilderij miskien fan in Halbertsma kocht

of krigen hawwe? Dan moat it dit hast wol wêze. It is my net bekend, wêr't it skilderij

fan Schepers bedarre is.

14. Tekening D. de Hoop 1825 (FM, P1067.10)

Swart kryt mei wat read, 21x16,1 sm. Kopy mei ynfloeden fan 1 en 11. Datearre en

synjearre. Foarstúdzje fan 15? Foar it earst ôfbylde yn Skriuwers yn byld (1966)

29. (Yll 39.)

Skiednis

Presint fan de hear Croockewit te Amersfoart oan it FG (Cat. der portretten van Nederlanders,

J-Z, FM).

15. Skilderij, anonym ca. 1825 (stedhûs Bolsert)

Oaljeferve op doek dat op board plakt is, ca. 67x55 sm. Sa te sjen kopy nei 1 en 14. De

datearring is mar rûsd. Foar't earst ôfbylde yn Skriuwers yn byld (1966), de loftse fan

fjouwer op it efteromslach. Yn dit boek brûkt op it omslach.

Skiednis

Tusken 1956 en 1966 op it stedhûs te Bolsert kommen (LC 21 -4-1956; IB 1966,16). Oer

oankomst en komôf is op 'e sekretary neat bekend (meid. fan de hear G. Boersma

fan 'e sekretary). Sjoen de oerienkomst mei 14 is it skilderij mooglik fan D. de Hoop,

mar der wurde ek kopyen neamd, dy't net fan De Hoop binne of hoege te wezen en

dy't ik net mei ien fan de bekende eksimplaren identifisearje kin, dat sa wis is it net

dat De Hoop it makke hat. Sokke kopyen wurde neamd yn 1851, 1884 en 1925. Yn

1851 giet it om in kopy, makke troch S. Bonga (1794-1865) (Letterkundige Nalatenschap

... J. van Leeuwen. Leeuwarden 1851, ôfd. hss. bis. 24). Bonga wie in sweager

fan J. van Leeuwen (cf. J.J. Kalma, Dit wienen ek Friezen 5 (1974) 40 en Ene.

1958,202), dat faaks hat dy him frege om itte meitsjen. Yn 1884hongderin skilderij

fan GJ by prof. Tj. Halbertsma te Grins (sj. 13). As dat itselde wie as dêr't de foto dy't

Troelstra jout fan makke is, en dy't ik net mei in oar my bekend portret identifisearje

kin, dan kin dat net it eksimplaar wêze dat yn it Bolserter stedhûs hinget. It portret

op 'e foto fan Troelstra liket werom te gean op Velijn syn gravuere (nr. 11). De tredde

kears dat der fan in portret fan GJ sprake is, yn 1925, koe it wolris om itselde gean as

dat fan Halbertsma. Dr. J.B. Schepers te Haarlem biedt dan in njoggentjinde-ieuske

kopy oan it FG oan, dat - nei't er skriuwt - wierskynlik troch in Halbertsma makke

is. It FG hat der gjin belang by, want it hat al ien, en slacht foar it oan 'e PBF te jaan.

Schepers syn fersyk oft it skilderij yn it FM útstald bliuwe mei oant it datearre is, haw

ik gjin antwurd op fûn (not. FG C 8, 2-9 en 7-10-1925, FM) (sj. 13).

Ynterpretaasje

Dizze Bolserter kopy hat in treffende oerienkomst mei it oarigineel (1), mear as de

oare my bekende kopyen. It skilderij liket ek in soad op 14. Dat soe in foarstúdzje

wêze kinne. Yn dat gefal moat it wol hast fan Douwe de Hoop wêze. Oars moat in

oare skilder de tekening fan De Hoop brûkt hawwe.

wumkes.nl

451

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!