03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

J.H. Halbertsma [1854]: "De graveur heeft het glimlicht in het linker oog zo flaauw

aan gegeven dat de dichter eenigzins scheel lijkt" (hs. oant. J.H. Halbertsma yn in eksimplaar

fan syn Lijst eener bijdrage voor Frieslands Kabinet van Oudheden. Deventer

s.j., 534 Hs., PBF).

Derbinne mear ôfwikings, dy't de oerienkomst mei 1 lytsermeitsje as dy fan 2 mei

1, It gesicht is foller wurden en de útdrukking fan eagen en mûle hat wat hurds krigen,

dat by neifolgings (mei in ta knevel útgroeide snor) ta kriichshaftigens laat

hat.

12. Skilderij D. de Hoop? ca. 1825 (FM, ynv. nr.554)

Oaljeferve op doek, 67,5x55,5 sm. Sa te sjen kopy nei 1 en 2 en/of 11. Yn in

fergulde list.

Yn minne steat: doek alhiel ferdroege en hurd wurden; ûnderoan, yn 'e sliep en

rjochtsmidden gatten; loftsboppe in reparaasjeplak; de hoeken fan 'e list skeind.

De datearring is mar rûsd. As it skilderij neffens nr. 11 makke wêze soe, dan is it fan

1824 of letter. Mar it is ek mooglik dat it krektoarsom west hat, dat 11 nei de kopy

makke is dy't Halbertsma troch De Hoop fan it skilderij fan GJ meitsje liet (nr.

tt). (Yll. 38.)

Oant no ta net ôfbylde.

Skiednis

Foar it FG yn 1837 foar ƒ 36,10 kocht troch J. van Leeuwen (argyf FG, Ontvang en uitgaaf

sedert 1827, 22-3-1837, FM). W. Eekhoff hie Van Leeuwen op it skilderij wiisd.

Sels hie dy derfan heard fia J.T. Bodel Nijenhuis, dy't it te keap sjoen hie by Buffon

vn 'e Kalverstrjitte te Amsterdam (brief Eekhoff oan J.H. Halbertsma fan 20-9-1836,

yn 6185 Hs., PBF). Bodel Nijenhuis kocht it foar 35,-, liet it skjinmeitsje en bea it it

FG oan om oer te nimmen (not. FG 3-4-1837, FM). It wie it earste skilderij dat it FG

yn eigendom krige (9e Verslag 1836-'37,195).

Ik kin net sizze oft dit skilderij de earste kopy west hat, dy't De Hoop fan it portret fan

GJ makke. De earste moat er fansels neffens 1 dien hawwe, mar de oaren soenen ek

weromgean kinne op in sels makke kopy. Dochs is it hjir it plak om wat te sizzen oer

de relaasje fan De Hoop mei de eigener fan 1, R. Koopmans. De Hoop (Warkum

1800 - Amsterdam 1830) waard mei stipe fan in fûns, dêr't ûnder mear Koopmans ta

bydroech, yn 1817 te Amsterdam by in master besteld om it skilderjen te learen.

Nauwe kontakten mei Koopmans blike út in brief fan De Hoop oan syn oare woldwaner,

J.M. van Beyma (Beyma thoe Kingma 314,1200; sj. ek id. 346: Stukken betreffende

een fonds tot ondersteuning van De Hoop, 1817; allegearre RAF).

Ynterpretaasje

Der is frij grutte oerienkomst yn gesichtsútdrukking en kraach tusken dizze kopy en

nr. 15, mar dochs hat de kop ek wat fan 2 en 11.

13. Skilderij D. de Hoop ca. 1825 (net fûn)

Neffens meidieling fan J.H. Halbertsma (yn in brief fan 28-3-1836 oan W. Eekhoff yn

78 C 81, map D; KB) hat D. de Hoop foar him in skilderij fan GJ makke. Oft it noch

yn wezen is, wit ik net. Miskien is it itselde as it skilderij dat yn 1884 by prof. Tj. Halbertsma

te Grins hong (PJ. Troelstra, Gedenkschriften 1,232) en dat soe itselde wêze

kinne as it skilderij (?) dêr't de foto fan makke is dy't op it oanhelle plak by Troelstra

wumkes.nl

449

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!