03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

8. Penningplaat Kleis Lanting 1823 (FM)

Boarstbyld mei dêrùnder "GYSBERT JAPIX" en "7 July 1823" yn ovaal (8,4x6,8

sm.). Liket mear op 1 (of in kopy) as op 2. Oant no ta net ôfbylde. (17/. 36.)

Skiednis

"Toen het laatste feest ter eere van G.J. gevierd is heb ik door den Frieschen Lantink

een [sulveren] penningplaat met het portret van G.J. laten drijven en daaronder den

dag der feestviering doen insnijden" (brief Jer. de Vries fan 22-11-1833 oan J.H. Halbertsma,

yn 6185 Hs., PBF). Der waard -"zoo wij meenen" - mear as ien fan makke

(Jer. de Vries en J.C. de Jonge, Nederlandsen gedenkpenningen verklaard ...

's Gravenhage/Amsterdam 1829 I, 131). Oant no ta net ôfbylde.

9. Tekening K.J. Sannes 1823 (FM, 10675)

Kopy yn easryndyske inket fan 2. Datearre en synjearre. Oant no ta net ôfbylde.

10. Tekeningen Otto de Boer ca. 1823

a. Lju, ûnder wa bern, foar it monumint yn 'e Martinitsjerke te Bolsert, yn potlead.

Net fûn. De datearring is mar rûsd. Ofbylde yn Skriuwers yn byld (1966) nr. 49.

b. Deselde haadfigueren op 'e foargrûn as by a., mei mear bern en sûnder froulju

op 'e eftergrûn; dêrom wol te identifisearjen as skoalmasters. It monumint is better

útwurke, mar is isolearre út syn omjouwing. Bewarre yn it sketsboek fan de skilder

(FM) en foar it earst reprodusearre yn Kroes-Ligtenberg 1952, neist bis. 41. Net yn

Skriuwers yn byld (1966).

11. Klisjee (mei ôfdrukken) Ph. Velijn 1824 (FM, ynv. nr. 637)

Gravearre koperen plaat (24,5x15,5 sm.) mei portret fan GJ nei lofts. Dêrùnder yn in

cartouche in hantekening fan GJ en it jier 1657 en in fjouwerrigelich frysk fers fan

[J.H.] H[albertsma]. Efter glês yn in swartferve houten list mei in ferguld akantusbyske

yn 'e deikant. Troch Halbertsma ta "Frieslands Kabinet van Oudheden" oan

it FG skonken (ynventariskaart FM). Makke neffens 1 (Halbertsma 1824, XXVIII)

en ôfprinte yn Halbertsma 1824 neist XXVIII. De hantekening fan GJ dy't Velijn ûnder

it portret neigravearre, is fan 7-1-1657 (3.3.3.2,22). (Yll. 37.)

Skiednis

Velijn krige ƒ 150,- foar it gravearjen en noch ƒ 7,- "voor het vertekenen van v.n. Portret"

(argyf St. Antoanygasthús 324, Bolsert). Dat soe betsjutte kinne, dat Halbertsma,

oan wa't er op 12 maaie 1824 de rekken stjoerde, opdracht jûn hat om de

earste ferzy te feroarjen. It portret foei sa't liket better yn 'e smaak as nr. 2. Derbinne

nochal wat neifolgings fan, oars as fan 2. Yn 1923, doe't it yn in trouwe kopy yn 'e begeliedende

artikels by it betinkingsfeest brûkt waard (SR 27 (1923) nr. 26; Bolswardsche

Courant 7-7-1923), hjitte it "Ien fen de best slagge petretten fen Gysbert Japiks"

(Bolsw. Courant, o.p.). Nûmer 2 waard by de betinking fan GJ yn 1908 brûkt, ûnder

mear yn: Feestwizer for it Gysbert Japiksfeest to Boalsert [Bolsert 1908]) en op

in ansichtkaart.

Ynterpretaasje

Halbertsma 1824 (XXVIII): "naar het oorspronkelijk pourtrait ... opgewerkt en

voltooid met dien uitslag, dat de gelijkenis zo volkomen is als men verlangen

mag".

wumkes.nl

447

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!