03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

door een ijzeren hek van 11 tot 12 voeten lengte. De woorden der inscriptie zijn van

GYSBERT JAPIKS zelven, [út brief X, 331,26-27; it substantyf "Loytser" komt net

foar yn it wurk fan GJ; it is ôflaat fan it wol troch him brûkte tiidwurd "loytse"] en

door den Heer J. HALBERTSMA daartoe voorgesteld" (Halbertsma 1824.XVI-

XVII; Van Daalen 1956,92-93). It lofwurk bestie út "drie gebeeldhouwte thuilles en

een Louwerkrans". De krânse waard fergulde (argyf St. Antoanygasthús 324, Bolsert).

It boarstbyld waard makke neffens it portret fan Matthijs Harings (nûmer 1

hjirfoar; Halbertsma 1824,XVI). Fan it gehiel en fan it boarstbyld apart is in ûntwerptekening

bewarre (argyf St. Antoanygasthús 323, Bolsert).

Opiten op it feestdiner fan 7 july 1823 is in "Middelstuk met Buste" mei ynskripsje en

al, dat in bakker yn Amsterdam foar ƒ 65,- levere hie (argyf St. Antoanygasthús 324,

325, Bolsert).

Yn Skriuwers yn byld (1966) stiet in foto fan it boarstbyld allinne (nr. 51). (Yll.

33 en 35.)

Skiednis

Tusken 7 febrewaris en 26 april 1822, mar foar't neist net fier foar dy léste datum,

stelde J.H. Halbertsma de "Commissie belast met ... " foar om it byld net yn 'e iepen

loft te setten, mar yn in dêrta te meitsjen nis yn 'e muorre fan it suderbierhok

yn 'e Martini ("Besoignes" D. Jakles 7-2-1822; brief Commissie oan gasthúsfâden

fan 26-4-1822, beide yn argyf St. Antoanygasthús 322, Bolsert; sjoch foar de foarskiednis

ûnder nr.6). It plak wie sa keazen, dat it monumint "tegen over het graf van

den dichter" kaam (Halbertsma 1824, XXIII). Ut de rekkens foar it monumint blykt

dat Gabriel de buste en it fuotstik op 2 oktober 1822 al klear hie. It monumint yn syn

hiele hear en fear waard makke fan 10 oant 25 juny 1823 (argyf St. Antoanygasthús

324, Bolsert) en ûntbleate op 7 july 1823 (Halbertsma 1824,XXIII).

It boarstbyld waard foar it earst ôfbylde troch Van der Meulen 1875, 384 (neigravearre)

en it grutste part fan it hiele monumint yn SR 1923, nr. 26 (mei in farske

griene krânse foar de hûndertjierrige betinking).

Tusken dit monumint en wat yn 6 beskreaun is, moat it ûntwerpmonumint sitten

hawwe dat allinne bekend is út in wytferve houten makette, earder yn it St. Antoanygasthús

en sûnt ca. 1950 op it Bolserter stedhûs. Keikes 1957,150 nt. 2, moat him fersinne

as er dêr in útbylding fan 6 yn sjocht, dat ommers hiel wat oars is. As oergong

fan in stânbyld buten nei in boarstbyld yn in nis binnendoar is it skoan te pleatsen.

De makette sit yn in fitrine (48x48x76 sm. heech) en bestiet út in soarte pylder binnendoar

yn in timpel. Op in grûnflak (42x42x3 sm.) rest in plato (33,5x33,5x3 sm.)

mei fjouwer út 'e hoeken wei opgeande doaryske pylders (40 sm. heech), dy't in troch

fjouwer frontons (33x14 sm.) op friezen (41 sm.) omsletten piramidaal dak (15 sm.

heech) drage, dat - lykas elk fan de fjouwer hoekpeallen (16 sm. heech) fan in stek

(fan fjouwer kear tolve rechters fan 16 sm. heech) op it plato om 'e pylders hinne - bekroane

wurdt troch in oranje fakkel. Binnen yn de timpel stiet in blokfoarmich smeller

wurdend, pyldereftich objekt (33 sm. heech), dat fan boppen nei ûnderen bestiet

út in troch in piramidaal dak (3,5 sm.) ôftoppe kubus (6,5 sm.) mei healrûn bôge lege

nissen (4,2x2,5x6 sm. heech) yn twa foar elkoar oersteande siden, in blok (8x8x5 sm.

heech), in draachflak (9,5x9,5x1,5 sm.), in blok (12,5x12,5x13,5 sm. heech) en nochris

in draachflak (17x17x3 sm.). Op deselde siden as de nissen, mar dan fan it

ûnderste blok stiet: GIJSBERT JAPIKS / / LOIJTSER / NIM IT FOR LIEAF

442

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!