03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

ûnderskieding fan âlderwetsk en nijerwetsk. Strange stânsregels oangeande

klaaiïng, fêstlein yn foarskriften as yn it santjinde-ieuske Dútslân bygelyks, lykje der

yn ús lân net west te hawwen, mar alhiel frij wie it hjir fan datoangeande grif net, sa't

in oerflakkige ferliking fan portretten út dy tiid fuort sjen lit. Trouwens, GJ sels wiist

dêr yn in gedicht ek op (bis. 52,21-24):

Sijde, Doeck, Forwiel in Lecken,

Krigget Minsche' (om so to sprecken)

Fen om heag, om, lijts in great,

Yn to klaeyen, elck ney steat.

Wat Hilarides (sj.2, Ynterpretaasje) bedoelt as er seit dat GJ "sijne laatste daagen in

een ander vertooninge van gewaat ... bekend sijn geweest", wit ik net.

2. Klisjee (mei ôfdrukken) Jan Jaapix 1687 (FM, ynv. 636)

Gravearre koper, 19x13,2 sm. Oant healwei it lichem nei lofts, yn ovaal. Yn spegelskrift

dêromhinne: GIJZBERT JAAPIKS. Friezne taal-in-rijm-wittige wijze holle;

loftsûnder: Jan Jaapix fac:; rjochtsûnder: M. Haarings ping.; yn de boppehoeken:

Sljuecht in Rjuecht/ Aâd 34,1637.; ûnder: achtrigelich frysk fers, "For't ljuecht helle

trog Joh: Hilarides. 1687". Efterglês yn swarthouten listke mei fergulde bys yn 'e deikant

(ynventariskaart FM).

Foar it earst brùkt foar ôfdrukken dy't yn santjinde-ieuske útjeften fan de Friesche

Rymlerye ynfoege waarden, en op 'en nij foar E. Epkema syn tekstútjefte fan 1821.

Ek los. Lettere ôfbyldingen geane werom op ien fan dy beide ôfdrukken. Yn Skriuwers

yn byld (1966) de twadde fan lofts op it efteromslach. Eksimplaren op giel en

oranje papier (fan elk ien yn FM: P 1067, 3; P 1067, 4). Yll. 32.)

Skiednis *„'

Opdracht ta it meitsjen joech Antie Arjens, de omkesizzer fan GJ (Halbertsma

1827,348). Mei it útfieren fan dy opdracht hawwe twa lju anneks west, Jan Jaapix en

J. Hilarides, dy't o^n de ynrjochting fan de plaat te sjen mei elkoar oerlein hawwe

moatte. De gravuere is grif makke neffens it ûnder 1 beskreaune skilderij, dat Antie

Arjens yn eigendom hie. Dêrom soe men tinke kinne dat de Bolserter sulversmid Jan

Jacobs Munnickhuys de graveur west hat (op de ynvintariskaart fan it FM bart dat

freegjenderwize), en net syn Dokkumer kollega Jan Jacobs Folkema, (cf. Feitsma

1966II 11-12), mar dy hat foar, dat er yn itselde plak wenne as Hilarides en dat fan

Hilarides yn 1686 - in jier foar de gravuere fan GJ dus - al in boek útkommen wie

mei in gravuere fan "J Jacobs" (Feitsma o.w. 123). Folkema, berne yn Makkum,

waard sulversmidslearling yn Dokkum yn 1664 en wie dêr master fan 1675 oant 1693

(Voet 1974,30). Munnickhuys komt as learling yn it Bolserter gildeboek foar yn 1651

en as master fan 1663 oant 1709. Hy is yn 1700 62jier(Civ. Sent. 39-9,7-11-1700, RAF)

en sil stoarn wêze fuort foar 27-3-1721, doe't yn syn plak in nije "gemeensman" keazen

waard (GA 81, Bolsert). Fan net ien fan beiden binne gravueres bekend dêr't har

nammen folút ûnder steane (meidieling drs. G.P. Karstkarel). Wol binne dy der fan

Jan Jaapix, Jan Jacobs en Jan Jacobs Silversmit. Neier ûndersyk is nedich wa't dêrmei

bedoeld wurdt of wurde.

Ofdrukken wurde foar it earst neamd yn in brief fan Joh. Hilarides oan S.A. Gabbema

fan 12-7-1687 (útjûn troch Feitsma e.o. 1965d I 215) It klisjee blykt yn 1793

yn 'e âlderlike boedel fan S. Braaksma te Bolsert te wezen (brief fan him fan 5-5-

436

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!