03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

miiisken om him hinne, mar ek ôfstânnimmend yn literaire skepping en leauwe. In

strider sil er net alderearst west hawwe, gjin oanfaller, wol in úthâlder, ien dy't stiet

foar hwat er goed achtet. Syn langst gyng der sûnder mis nei út in "stil en rêstich libben"

to lieden".

Mulder 1966: "Bijna een modern gezicht met die juk- en kaakbeenderen zichtbaar.

Een mooie neus vooral. Het haar kort Amerikaans ... Een man tegen de middelbare

leeftijd aan, zeker in die tijd, 1637, en toch is het een portret van een jonge man,

rimpelloos het hoge voorhoofd en ook rond de ogen geen rimpeltje. Misschien was

Matthijs Harings een luie schilder, die zich niet ophield met rimpeltjes. Of was Gysberts

vrouwtje van 21, Syke Salvesdochter, wellicht de oorzaak van zijn jeugdig voorkomen?

In ieder geval is de dichter Gysbert Japicx mooi op tijd op portret gekomen

om de geschiedenis in te gaan als een knappe man ... Het portret van Gysbert Japicx

had me altijd getroffen als de beeltenis van een eenzaam man. Ik weet nu, hoe

dat kwam. Niet van dat portret. Gysbert Japicx kijkt je bepaald niet afwerend aan.

Hij heeft vriendelijke ogen. Je zou hem bijvoorbeeld best de weg durven vragen en

hij zou je die exact wijzen, want een dromer in 's levens wijngaard lijkt hij allerminst.

Die indruk van eenzaamheid kwam blijkbaar uit andere bron: de literairhistorische".

Wat my oangiet, ik soe in oardiel oer it karakter fan 'e portrettearre persoan net

jaan wolle sûnder ek acht te slaan op de âldst beskikbere foto en op de âldere kopyen.

It FM hat in stikmannich âlde foto's fan it portret, mar spitigernôch binne se net datearre.

Ik hâld dy dêr't in donkere râne om it gesicht hinne sit foar de âldste, âlder yn

alle gefallen as it skilderij sa't Brouwer 1936 it jout. De foto is foar yn diel I reprodusearre.

Ferlike by Brouwer, dy't sa't ik al neamd haw foar't neist it skilderij jout sa't it

nei de restauraasje fan 1936 wurden wie, is it gesicht op dy foto smeller. Dat is it dúdlikst

by it lofter wang, mar ek rjochts sit troch in justjes oare ljochtferdieling wat minder

fleis om 'e kaak. By de restauraasje fan 1965 is it gesicht noch foller wurden, sa't

te sjen is yn Skriuwers yn byld (1966) 1. Dêrtroch wykt it portret yn syn tsjintwurdige

steat frijwat ôf fan de smelle tekening op de âlde kopyen 2,12,14 en 15. It syklike dat

Bowring yn it oarigineel observearre en dat yn de kopyen 12,13 en 14 oan de walen

ûnder de eagen út liket te kommen, is der net mear oan te sjen. In oar ferskil sit him

yn 'e kraach, dêr't nei de beide restauraasjes fan 1936 en 1965 gjin spoar fan tearen

mear yn te sjen is. Op de neamde foto falie dy lykwols ek amper of net op. Hiel opfallend

binne dy tearen yn de gravuere fan Jan Jaapix (2). Yn hoefier oft op 12,13,14 en

15 dy tearen - en dat jildt miskien ek foar it smellere gesicht - weromgeane op nr. 2,

moat ik yn 'e midden litte. In oare mooglikheid is dat de tearen op it oarspronklike

skilderij by in ûnbekende restauraasje yn 'e njoggentjinde ieu weiwurke binne. It

syklike dat Bowring seach en dat op de âldste foto net te sjen is, soe dan ek ferdwûn

wêze kinne (sj. fierders 15, Ynterpretaasje).

Yn in oar opsicht liket it gesicht nei de restauraasje fan 1965 wer mear as op de foto

by Brouwer 1936 op dat fan de âlde kopyen. Mûle en eagen binne op dy âlde kopyen

sêfter, suver wat skou.

Oare kanten fan de ynterpretaasjeproblematyk kin ik as net-saakkundige spitigernôch

neat oer sizze. Dochs soe in ûndersyk nei de klaaiïng en de hiele wize fan útbyldzjen

faaks syn nut hawwe, foarsafier't se mooglik de status fan 'e portrettearre

persoan útdrukke. In begjin hat J.J. Kalma 1962 makke, al giet it him foaral om de

wumkes.nl

435

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!