03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

It is my in riedsel wêrom't GJ syn portret net foar de ein fan 1936 reprodusearre is

en likemin brûkt waard as foarbyld foar de nije útbyldingen, dy't foaral nei 1920 ûntstienen.

In fersyk oan it FG om it foar in útjefte te brûken haw ik mar ien kear fûn

(fan P. Noordhoff te Grins yn 1931). Neffens de ynvintariskaart fan it FM út 1962 soe

it foar 1922 restaurearre wêze, mar dêr haw ik neat oer fûn (mar ek net spesjaal om

socht), wol dat it op 4 novimber 1936 werom wie fan in restauraasje yn it Ryksmuseum

te Amsterdam, dy't tige slagge neamd wurdt. Dy restauraasje wurdt op de ynvintariskaart

net neamd. It byld dat Brouwer 1936 jout, sil it skilderij wol werjaan sa't

it nei de restauraasje fan 1936 wie, want dy útjefte ferskynde begjin desimber dat jiers

(argyf FG C9, FM).

Ynterpretaasje

Halbertsma 1824,9: "Naar den lichame moet GIJSBERT niet kwaad gevormd zijn

geweest, indien de rest enigzins aan zijn hoofd beantwoordde. Bij den eersten opslag

heeft zijn gelaat niets bijzonders, dan dat men aan de effene en ongedwongen plooi

van het geheel zeggen zoude: "Die man houdt van recht en slecht". Nauwkeuriger

bekeken toont het evenwel, zonder scherp getekend te zijn, meer karakter. Het opene

oog is oprecht, de knevelbaard geestig, bijkans onmerkbaar zweeft over zijn wezen

de zachte lach der goedaardigheid, terwijl het een en ander veredeld wordt door weigevoede,

regelmatige en rustige trekken, die onze verbeelding wel iets van de klassieke

vormen der Grieksche hoofden herroepen".

Bowring 1829,16: "lts expression is that of hundreds of English faces, particularly of

the same period, tinged, however, with a gloominess very unlike his poetry, but probably

the result of indisposition."

J.H. Halbertsma s.j. (nei 1862?) (250 Hs., PBF): "Het geschilderde portret geeft u

ronde welgevoede, ronde trekken" (sjoch foar de kontekst de folsleine passaazje by 2,

Ynterpretaasje).

Kalma 1938,189: "Mathijs Harings moat dy eigenskip yn de dichter [selsirony] forstien

hawwe do't hy syn portret skildere; de mûle sprekt net fan wilskrêft, mar hja liket

to glimkjen út hjarsels, biskieden en ynnimmend. Fen de eagen dêrfoaroer is wis

dat hja skrieme kinne, like goed as glimkje en strielje fan blidens".

Gosses 1940,137 (neffens foto yn Kalma 1938): "dat dimmene, stille, fromme

antlit".

J.J. Kalma 1963,9: "Syn petret fan 1637 lit in man sjen, dy't net botte wilskrêftich is,

immen dy't hwat spotsk glimkje kin om de dwaesheden fan it libben, mar ek skrieme,

net ien, dy't syn plak foun hat en it libben treast is".

Brouwer 1966a, 7: "Het hoge voorhoofd; de lange smalle neus; de ernstige, onderzoekende,

en haast melancholieke ogen. De mond verraadt de gevoeligheid en de kwetsbaarheid

van de geportretteerde, en het geheel geeft de indruk van een

aristocraat".

Brouwer 1967,46-47: "Dat portret sil faeks hwat idéalisearre wêze, mar moat dochs

wol de dichter yn syn wezen troffen hawwe: it is in langwizich gesicht, mei in hege

foarholle, kleare eagen dy't jin lyk en hast ûndersykjend oansjogge, in lange smelle

noas, in gefoelige mûle; in fyn en ynnimmend gesicht, dat tsjûget fan yntellekt en artistisiteit

en dat hwat aristokratysks oer him hat. In earnstich gesicht ek, suver hwat

to earnstich foar in man fan syn jierren; in man mei reserves, hwat introvert. Ien mei

it folk, mar der ek útkippend; mei in iepen each foar it karakteristike yn libben en

434 wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!