It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar
It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar
It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar
Create successful ePaper yourself
Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.
MArtia bella silent, non poscunt castra Wilhelmum,

Non hostem quo cum congrediatur habet.

Albertinae igitur bellum movet Me Diones

Praelia conferto & corpore miscet amans.

Non tarnen ulla cadunt confossa cadavera, nulli

Vita perit: surgunt corpora, vita datur.

Quumque duettantum Victoria poscat arena

Unus ut excedat, motdeat alter humum:

Hek redeunt plures; animus numero ardet adaucto

Utrique: & referunt gaudia nota domum.

Sic victor Guilielmus adest, spoliisque superbit

Ostentans instar Conjugis ipse suae.

Deerat adhuc, Jovae mystes bona verba ut ovanti

Diceret: hoc Feico praestitit Oedsonius.

454. Feico Oedsonius, sûnt 1635 dûmny te Ljouwert, lokwinske Gabbema yn 1649 mei in briefen in

(latynsk) fers doe't dy te Grins disputearre (yn 9056 Hs, PBF). Datseide die ek Tobias Gufberleth,

fan 1638 oant syn dea oan 'e latynske skoalle te Ljouwert ferbûn, earst as konrektor en

sûnt 1652 as rektor. Yn syn Poëmata (bis. 157) stiet in fers foar Oedsonius, datearre op 9-2-1644,

en noch ien sûnder datum (bis. 295). Op Gabbema komme der hiel wat fersen yn foar, mar GJ

wurdt net neamd. Likemin skynt dy yn syn album skreaun te hawwen, want dan hie W. Eekhoff,

dy't it sjoen hat, dat grif wol earne buorkundich makke. De "lijst van al de Namen en datums bij

zijn Levensschets in de Portefeuille der Stad", dy't Eekhoff neffens Van Rappard 1865, 109

makke hat, is op it GAL net te finen.

455. Catalogus librorum Feiconis Oedtsoni . . . ejusdumque filiorum ... Odolphi Feicama Icti,

& ... Gerardi Feicama Medici ... Leovardiae (1681); eks. Q 2206, BN Parys (mei tank oan dr.

B. van Selm te Leiden, dy't my op it bestean fan de katalogus wiisde).

456. It ûntbrekken fan oare houliksdichten op in promovearre brêgeman út 'e jierren 1654-1660 yn it

apparaat-J.J. Kalma fan printingen út Fryslân foar 1816 (FA) jout de trochslach. Dat apparaat

is fansels net folslein, want der is gans weiwurden, foaral oan planodrakken lykas dit ek ien is,

mar it iene argumint fersterket it oare en faaks mei Snits as plak fan útjefte ek meirekkene

wurde. De titel is: Slooter Bvrger Praatie Geholden op de Ordinaris Courantier-Beurs in de wanderinghe

de Bree-bregge, en dat over het ghewenste Houwlijck Van ... Dr. Henricus Mamminga

. .. Midtsgaders . . . Juffr. Wytske van Hoppers ... Op heden den 26. September 1658

door den Houwlijcks-bandt bevestight (PI 711, 95; PBF).

457. Halbertsma skreau: "Tot dus verre had GISBERT in zijne eenzaamheid gewroet in een onderwerp,

hetwelk sommigen voor onbelangrijk, anderen voor bespottelijk, de meesten voor onmogelijk

hielden: behalve JUNIUS had ook geen geleerde van enigen naam zich met hem bemoeid.

En ziet. daar zocht GABBEMA hem in zijne vergetelheid op ... ".

458. Sj. noat 384.

459. Sj. noat 385.

460. De ynhâld fan dizze noat is as op himsels steande ynvintarisaasje fan materiaal yn de Bylagen

opnommen (10.4).

461. Yn Tot de Iong-frovwen van Friesland (ed. Brouwer (1966) 20-21; ek 39-40).

462. Epkema 1824,424 hellet in foarbyld fan "slecht en recht" út Marnix oan, Dijkstra 1853,285 ferwiist

op gesach fan J.W. de Crane as earste nei Job 1: 1. Wadman 1967,64 tinkt oan ûntliening

oan Spieghel, Wumkes 1952, 115 oan it liet op Frans van Boolsweert út it Offer des Heeren. It

WNT jout noch wer oare fynplakken. Ekyn it Dútsk wie de útdrukking algemien. Opitz bygelyks

brûkte dy yn syn lof fan it lânlibben Zlatna (1623). It oanhelle gedicht op it symbolum hat

Junius - en fan him Gabbema wer - optekene as eigen taljochting fan GJ op "Riucht en

sliucht" yn de sprekwurden fan Burmania (ed. 1641, útjûn troch Feitsma 1956a). Yn de gearspraak

îanAnsck en Houck, bekend fan in útjefte út 1639, mar sa'n tritich jier earder ûntstien,

hjit it fan Booske Rieme (út Dait ohlde Freescke hardergesong ... ) dat hy "sliucht in riucht sijn

Liaef wol saan Jier lang" frijde (Brouwer/Hellinga 1935, 25).

De tsjinstridichheid mei wurk en wezen û.m. by Wadman 1967,64-65.

wumkes.nl

555