03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

hie op 17-11-1654 yn Brunsvelt syn album skreaun. Op 29-5-1656 frege GJ him de groetenis oan

Brunsvelt (werom?) te dwaan (336,30). Dat is de iennichste kear dat Brunsvelt yn 'e brieven

neamd wurdt.

440. Yn Haringhouk syn útjefte fan Th. Taylor, Christi Overwinninge OverdeDraeck (1656), troch himsels

oerset, stiet in drompelfers fan S.B., dat foar Brunsvelt stean sil. De opdracht fan Haringhouk

is tekene op 17-1-1656, mar omt it fers (mei op 'e efterkant it portret fan Thaylor) net yn

alle eksimplaren foarkomt, soe it letter tafoege wêze kinne. Ik fûn it yn it eks. fan 'e VU, 3 C 411;

it sit net yn dat fan 'e PBF.

441. De dielnimmers oan dy byienkomst, dy't ferklearre hienen "dat sij't hielden met Brunsvelt en

Brakel (als of die alleen regt godsalige en ijverige Predikanten waren)" waard ek fan sein dat se

"veeltijts getoont hebben, datse weinig lust ende liefde hebben tot de openbare Catechisatien,

dewelke onder t' houden derselver dikwils geheel agter blijven, ende om ende door de Stad gaan

wandelen, ja waar van eenige getragt hebben zoo veel in haar was twist te rokkenen tusschen

onse Dienaren" (Hannelingen tsjerkerie Snits, argyfnr. 3 N H tsjerke Snits; mei tank oan S. ten

Hoeve foar de meidieling).

442. De befynlikens mei in sterk aksint fan leafde foar Jezus dy't Brunsvelt eigen is, blykt út

rigels as dizzen:

Nu giet Jesus in mijn hert

't Aanminnigh aanblik van zijn gloryrijke oogen.

En ik uit wedermin van zijne trouw bewoogen,

Blaak in een volle gloet van Jesus liefdevlam.

Ik tel hier Davids Volk en 't zaat van Abraham,

(Zoo talleloos als stof en sterren) de gemeente

Der eerstgeboorenen; hier prijk ik in gesteente

En gloorend'gout, en prael in mellikwit gewaat,-,

Door Jesus bloedtbron en zijn stroomen afgebaadt.

In eksimplaar fan De Liiksprake Van een Doode tot de Lewendige (Ljouwert, Hendrik Rintjes

1663) dêr't dit fragmint út komt, is op 'e UB te Gent (M 3979).

443. ASF 4429 (1646). Coops wie yn 1653 troud mei Rinske Abbes Hanenburgh. Dat wie grif in suster

fan de frou fan Phoceas Siersma, de broer fan Haringhouk syn frou. Hy waard advokaat te

Ljouwert (yn dy funksje stie er GJ yn 1660-1661 by yn syn proses tsjin de Bolserter magistraat)

en letter ek lid fan 'e froedskip dèr. Syn widdo troude yn 1680 mei Nicolaas Broersma, ek advokaat

te Ljouwert (meidieling W. Dolk). De biblioteken fan Coops en Broersma waarden yn 1686

te Ljouwert ferkocht (Opr. Haerl. Courant 18-7-1686). It drompelfers út 1659 stiet foar A Hildersam,

I^eere van vasten. De neamde latynske fersen binne eksimplaren fan op 'e PBF.

444. Romein; GAB 447; id. Al, 31-12-1665. It fers stiet yn: E. Reynolds, Israels gebedt.

445. Yn 1653 liet Meelcke Lasis Menno Symons syn Uyt-gangh: ofte bekeeringe by Philippus Sioerts

Boenia printsje (Tamminga 1962). By syn trouwen yn 1664 hjitte er "jongman", sa't Feitsma

1967b mei gans oare libbensbysûnderheden meidielt, sûnder dat it har slagge is om út te finen

wêr't er berne is of fan wa't er ien wie. Yn Bolsert wennen wol Lasen, dy't om 'e leeftyd syn heit

wêze koenen. Tamminga 1962,57 hat in küper Laes Jacobs (1614) neamd, ik soe ek wize wolle op

de skipper Laes Haytses, 32 jier âld yn 1641. broer fan Johannes Haytses, ek skipper, 40 jier (yn

prosesstikken Jan Harmens en Hans Pijters, Bols H 7). In Haytse Lases, ek skipper te Bolsert,

ferlear yn 1643 syn frou Doed Hanse dr., en hie in bern Doede yn it sande jier. Hy hie jild liend

fan Gerryt Laeses te Minnertsgea (Bols Q 7,22-8-1643; RAF). Om 'e leeftyd kin Haytse Lases, yn

1686 kastlein te Amsterdam, hast net deselde wêze (Beyma thoe Kingma 1820, RAF; meidieling

fan drs. S. van Tuinen te Hattum). In oare mooglikheid wiisde prof. Feitsma my op. Ik helje oan

wat se yn in brief fan 27-5-1989 skriuwt: "A de Vries (It Stimlân 18 yn Dronryp yn 1978) jûg my

út Wymbritseradiel Q2 un pear Laas x Aelcke († fwar 10-6-1606 yn Sânfirden); bern: de swannen

Schölte en Rienck, en de dochters Eelck en Renck. Eelck trouwde mei Meelcke Sickes. Un

soan Laas Meelckes ha ik net fûn, dy soe don de bern Meelcke, Eelck en Trijntie hôn ha moatte.

Meelcke Lasis (berne ± 1630?) bestie dus yn olie gefollen. Un Meltke Sic kis fon Wólsum wurdt

yn 1644 bwarger yn Bolsert. Yn Wymbritseradiel X9, f. 161,23-5-1654 is sprake fon Melcke Sic-

wumkes.nl

553

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!