03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

nen Harlingen ..." (yn: Oudaan, Poëzy (Amsterdam 1712) III471-473, eks. UBL 1173 Gil;

mei tank oan ir. G.L. Meesters foar de ferwizing); Dullaart sines stiet yn syn oersetting fan H. de

Perefixe, Historie van Hendrik de Groote (Harlingen 1680). Galama syn lof op GJ, te finen yn syn

drompelfers yn Uytgelesene Engelsche Boet-predikatien III (Bolsward 1661), is al meidield troch

Halbertsma 1827, 385. Halbertsma jout op it oanhelle plak ek it grêfskrift. Ik haw it oanhelle,

sa't Hendrik Rintjes it yn syn brief fan 29-4-1678 oan syn freon dr. Anthonius van Dale te Haarlem

fêstlein hat. Dy seit derby dat it fan Galama sels is (I 47b, UB UvA).

421. Fan Galama steane drompelfersen yn dizze útjeften, allegearre fan Fonteyne:

- Adr. Hasius, Konincklycke Leyd-Ster (1650);

- Sibylle van Griefhuysen en S.F. Eydelshemius, Hemelsche Troost-Bome (1651);

- D.I. Couper, Trom ps Af-geschoten Vlagge (1654; eks. 3179 H 7, KB).

422. Itbertejier 1630 fan Hendrik Rintjes jout Halbertsma 1827,378, dy't it út in han te kening hat (grif

ûnder de autograaf fan it gedicht foar Elisabeth Verniers, dy't Halbertsma yn besit hân hat neffens

syn eigendomsstimpel; no yn 512 Hs; PBF). It stjerjier blykt út in lykdicht fan A. Tymens op

Hendrik Rintjes, Zielen-sucht aan God (Leeuwarden 1698; yn 2534 TL; PBF).

423. It earste teken dat Hendrik Rintjes sels printe of printsje soe is fan 18-1-1655 yn syn albumfers

foar Sixtus Brunsvelt: "Zo hoop ik haast dat mijne pars zal gaan/ Tot onzen voordeel" (Album

Brunsvelt, Ltk 2174; UBL). Sjoch fierdere 10.3 op 1655.

424. Brief fan Hendrik Rintjes oan Anthonie van Dale te Haarlem fan 29-4-1678, dèr't er it ferstjerren

fan har freon Galama op 18-4-1678 yn meidielt (I 47b, UB UvA).

425. Oft it album noch bestiet, is net bekend. It wurdt net neamd yn Heesakkers/Thomassen

1986.

426. Klioos Kraam is samle troch Hendrik Rintjes, sa't er sels yn syn opdracht oan Gabbema skriuwt:

"Zo't wetteliik zy dit miin bedrijf, te weeten, dat deez' keur my toe komt ... ". Ik haw wol tocht

dat Gabbema it net-ûndertekene "Vertoog", dat de ynlieding op 'e blomlêzing is, skreaun hat,

mar dat is dochs fêst net sa. De stavering fan opdracht en "Vertoog", mei ferdûbeling fan konsonant

nei koarte lüden ("vergunnd", "will") en de dübele "ii" ynstee fan "ij" ("-Hik"; "tiid"; "griipen"),

is deselde as yn syn gedicht yn 'e bondel, mar oars as de stavering yn Gabbema syn bydragen.

Prof. Feitsma wiisde my op de oerienkomst mei Leupenius 1653.

427. Sjoch 10.3 op 1656.

428. Fan G Jacobs waard opnommen Gadeloos Bruylofislied. Psalm XLV(blss. 566-568). Fierders stie

der út Fryslân allinne noch wurkyn fan Gabbema en Hendrik Rintjes en mooglik wie ek de my

fierder ûnbekende A Leeuw in Fries, dy't in fers oan de rie fan de stêd Ljouwert bydroech.

429. Boogaard: oantekening E. Wassenbergh yn 81.1985.42. II51; Sweerts: Alle de gedichten (1697) 67-

68.

430. Galama liet Sweerts "verscheide friessche Verssen" léze {Alle de Gedichten (1697) 197).

431. Buten Sweerts dienen yn 1656 net, maryn 1657 al mei P. Dubbels, David Questiers, Catharina

Questiers, W. Schellincks en Francois Snellincx, allegearre meiwurkers oan de neamde Knipzang

(1654), in initiatyf fan Sweerts nei alle gedachten (Minderaa 1964). Bruno en Sweerts kinne

al yn 1654 gjin ûnbekenden foar elkoar west hawwe, want beide hienen se doe, lykas de measte

oaren dy't oan 'e Knipzang meiwurken, fersen yn De (koddige) Olipodrigo I, II (sjoch oer dy bondels,

AD. de Vries 1883, dy't Schellincks besprekt).

432. Galama syn drompelfersen steane yn: A Hildersam, Leere Van Vasten (1659), en yn: Uytgelesene

Engelsche Boet-Predikatien III (1661). Sjoch foar de skiednis fan Haringhouk syn printerij

noat 344.

433. Boogaard hat drompelfersen foar de nûmers (ik folgje Eggermont 1977) 1.1 (1657); 2.1 (1659); 6

(1659), 13 (1660) en 3 (1661) fan Haringhouk (Dat binne de boeken dy't yn 2.5.3 ûnder de nûmers

66, 68, 70, 72 en 76 neamd wurde). Foar Galama makke er ien yn Puick van Leiyen en Rosen

(1661). Boogaard sels hie dêr ek fersen yn, ûnder mear in stamboekfers foar D. van Steenbergen

út Inkhuzen, dat wol net printe west hawwe sil en dus wol net buten himsels om yn 'e blomlêzing

bedarre wêze kin.

434. It bertejier fan Wieringa is net bekend. Omdat er yn 1644 troude en yn 1646 foar 't earst as skoalmaster

yn Harns neamd wurdt, haw ik it mei it each ek op syn stjerjier (1704) op 1620 steld.

Sjoch foar de troudatum Thijssen-Schoute 1939,1 en foar de oanstelling as skoalmaster (sunt

1659 as subkonrektor fan 'e latynske skoalle) en it stjerjier GAH 329, 342 en 383.

551

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!