03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

sels van w mr. Gijsbert cum uxore die Antie Arjans sijn besproocken" (ynvintaris GJ,

Bols Q 16, 8-10-1666, RAF). Foar't neist wie it ek ien fan de "ses schilderijen aande

wand soo cleijn als groot" yn de griene keamer, of ien fan de "neegen schilderijen soo

cleijn als groot" yn 'e bûnte keamer of fan de "vijff schilderijen" yn't foarhûs, dy't

neamd wurde yn it stjerhûs te Burchwert fan 'e widdo fan Adr. Grons, Yttje Buwalda.

Dêr wie doe noch de hiele boedel fan har skoanmem, Antie Arjens (1755;

Wûnsdl P3, omsl.31, RAF; Halbertsma 1827, 350). By Rinse Koopmans hong it op

syn simmerferbliuw op Boppebuorren te Koudum (Lijst ,.. Friesche Oudheden

[1827? e.f.], nr. 100; argyf FG, FM). Mei tuskenkomst fan G.T.N. Suringar, skoansoan

fan Koopmans, skonk A.J. Cnoop Koopmans, pakesizzer fan deselde, ityn 1857 oan

it Friesch Genootschap. Dy syn heit, WJ. Cnoop Koopmans (1800-1849), hie it al

oan it FG tatocht, mar "bij gebrek van een geschikt lokaal tot plaatsing" wie it noch

net oerdroegen (not. 24-12-1857, argyf FG, FM; 30ste Verslag van het FG, 1857-

1858).

De groep fan trije dêr't it yn 1666 by heard hawwe moat, sil fierders bestien hawwe út

it portret dat tagelyk mei dat fan GJ yn 1857 troch de famylje Cnoop Koopmans oan

it FG skonken waard en dat lang oansjoen is foar de byltenis fan Sijcke Salves, de

frou fan GJ, en in tredden dêr't ik aansen op kom. Earst moat besocht wurde de identiteit

fan de frouljusfïguer op it twadde fêst te stellen. Dat wurdt foar it earst ca. 1827

neamd, doe't it yn it besit wie fan G. Koopmans te Bolsert, in broer fan Rinse Koopmans.

It hjit dan: "Zeer waarschynlyk het Portret van Syke Salvus egtgenote van

Gysbert Jacobs" (Lijst ... Friesche oudheden, nr. 112, argyf FG, FM). Neffens de

ynvintariskaart (nr. 580) is it yn oaljeferve op paneel (70,5x55 sm.) it portret fan in

frou oant hast healwei it lichem nei lofts. Se is yn it swart klaaid mei twa fertikale

bannen mei in blommepatroan oer't boarst en by de oanset fan de mouwen is in ferheging

mei toskrâne. De kraach is run, plat en wyt, de wite kap op 'e holle hat stive

nei foaren útsteande kleppen. Yn 'e rjochterboppehoeke fan 'e griisswarte eftergrûn

stiet: Ætat: 35/Ao 1628. It skilderij sit yn in swartferve ekenhouten list mei fergulde

bys yn 'e deikant. Neffens deselde kaart waard it foar 1922 restaurearre troch De

Wild út Den Haach, en mear wurdt dêr net fan sein, ek net dat it yn 1936 nochris

barde (108ste verslag FG (1936) 14). Op grûn fan 'e leeftyd fersmyt Van Loon 1892 de

opfetting dat it om it portret fan Sijcke Salves gean soe, mar hy lit him net út oer de

fraach wa't it dan wol is en oaren nei him hawwe dat likemin dien. Ik tink dat it

Sijcke har mem, Aelcke Lenarts Flasmar is, sûnt 1621 skoansuster fan Matthijs Harings,

deselde dy't GJ syn portret yn 1637 skildere. Aelcke har âlden trouden om 1590

hinne (Van der Meer 1964a,41-42). Hja ferfear mei dochter en skoansoan yn 1637 nei

Bolsert en wenne grif by har yn. Sij moat it wêze, foar wa't GJ yn 1654 in grêf foar in

folwoeksenenien betelle (4.2.5.1).

As dizze identifikaasje doocht, dan hat it tredde portret fêst Sijcke Salves west. It sil

as pendant fan GJ sines ek wol yn 1637 troch Matthijs Harings, har omke, makke

wêze. Sij waard dat jiers tweintich en miskien stie se der wol sa jeuchlik op dat har

mem, dy't minder yn jierren mei GJ skeelde as sij, letter foar GJ syn frou oansjoen

wurde koe. It hat alle káns dat it portret yn 1755 noch yn 'e famyljeboedel siet, omdat

dêr alles fan Antie Arjens foar't neist noch by elkoar wie. It kin dêrom best nochris

foar't ljocht komme. It is te ferwachtsjen dat der "Ætat: 19 (of 20)/Ao 1637" op

stiet.

wumkes.nl

433

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!