03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

de oantekens op dy teksten Feitsma 1955,1650E,I,J,K,L,M,N,O,P,Q,R en S (allegearre neitiid útjûn

yn Feitsma 1956b).

402. GJ neamt yn in brief oan Gabbema "Doayter" Hylpersk (328,17), dêr't Hilarides krityk op hat

(3.2.1.1.1.3,81.1985.49). It wurd "wale" (yn "wale-bed") brùkt GJ yn Blye-Mie (138,6).

403. It sitaat fan Galama stiet yn in fers fan himyn Uytgelesene EngeischeBoet-predikatien 111(1661).

In selde opfetting oer it Ingelsk hie ek Johan van Nijenborgh: "Maer 't Engels is gemengt van

alles / Van Duits en Frans en Vries en Wals" (yn syn Hof-Stede (Groningen 1659, UBG). De opjefte

út ca. 1525 stiet yn in frysk kronykje, útjùn troch Meijering 1986,129 en oanhelle troch

Bremmer 1989: "genti anglice moderne mixtum est idioma nam ex teutonico phrisonico gallico

et et (1. ex) alijs qwibusdam linguis consarcinatum". Bremmer merkt oars op dat "this analysis

... is one which has a curious modern ring to it".

GJ syn eigen útlittingen oer ingelsk-fryske betrekkingen slane op stamoerienkomst tusken

Friezen en Ingelsken (teksten 9 en 77 (461,62)), en dy wurdt ek al yn âldfryske kroniken neamd

(Meijering 1978, 10; Bremmer 1989). Taaloerienkomst tusken Ingelsk en Frysk neamt Ubbo

Emmius yn 1596, oanhelle troch Feitsma 1978c,6, mar Melis Stoke ek al (L. ten Kate, Aenleiding

• • • Amsterdam 1733,41). Bremmer 1989 jout in oersjoch fan fynplakken, dêr't ek dat fan

likernôch 1525 by is.

404. Yn syn eigen Het Hooghe-Lied SALOMONS (Ljouwert ca. 1659) hat er oan fierders ûnbekende

teksten fan GJ \XBruyds-Lied (69; 434-436) en mei farianten Op S.A. Gabbema HægeliedSalomons

(32; 73) en Agurs Bea (46.6; 128-130) oerlevere, yn syn edysje fan 'e Friesche Rymlerye (Ljouwert

1681) farianten fan de teksten 2 (2a; 278-279), 27 (27a;342), 39 (39a; 366) en 40 (yn 48.17; 336) en

as nije teksten de nûmers 48 oant 52 (324-398).

405. Neffens oantekens fan W. Eekhoff út net mear bewarre stikken wenne Abbe Gabbema yn 1645

te Leiden of Oegstgeest, yn 1647 en 1648 te Utrecht en stoar erop 27-11-1651 (oant. MJ. van Lennep

op Gabbema, GAL). Hy waard begroeven yn Fryslân (brief G. van Zijll 22-2-1652 NS oan

S.A Gabbema, yn 9056 Hs, PBF).

406. Neffens syn fers foar Anna Agnes barones thoe Schwartzenbergh en Hohenlansbergh {Het

Hooghe-Lied) kaam er werom "met lief', mar wa't dat west hat is ûnbekend. Der is wol tocht oan

Claudia Leonora van Arckell. Sjoch oer de famylje: Van Lennep 1973, 80. Syn testamint sit yn

OBW 861, GAL. It hôf, kocht yn 1651 (DD 8, 279 GAL), lei tusken Nije Easterstrjitte en

Nije Muntstrjitte.

Syn biblioteek is net bewarre bleaun, mar waard fuort nei syn dea te Ljouwert ferkocht. Dy bestie

út "meest historische en miscellanea boecken mitsgaders goet getal antique medalien" (advertinsje

yn Oprechte Haerl. Courant 9-9-1688 en Amsterdamsche Courant 23-9-1688). Der wie in

katalogus fan, mar dêr is gjin eksimplaar fan bekend. Buten de ferkeap waarden syn brieve- en

hânskriftesamlingen holden. De famyljebrieven, mei oare persoanlike famyljestikken, wurde

bewarre yn it OBW-argyf op it GAL (ynventarisearre troch Van Lennep 1973). De gekarde brieven

dêrút binne oan 'e PBF oerdroegen en beskreaun yn Catalogus (1930). De hânskriften

waarden, by oerdracht oan de folgjende lânskipsskiedskriuwer, yn 1690 ynvintarisearre (Hs

368, PBF) en binne - ik tink hast sunt de dea fan J.F.M. Herbell {Catalogus ... 1819) - fersille.

Der binne guodden op 'e PBF (Catalogus (1930) Voorbericht, op it RAF (VROA 34 (1911) 405

e.f.) en yn 'e Grinzer Universiteitsbiblioteek (H. Brugmans, Catalogus Codicum manu scriptorum

... (1898) Addenda et Corrigenda)). In skiednis fan de kolleksje, dy't Gabbema foar in

grut part sels by elkoar brocht liket te hawwen, ûntbrekt.

407. Eekhoff 1867 jout al skulden fan Gabbema út 'e studintetiid op. In spesiflkaasje út 'e jierren

1662-1664 mei de nammen fan de lju mei wa't er dronk, yn OBW 859, GAL; oare registraasjes yn

TT 66, GAL (1673), TT 74 en 75, GAL (1681), Civ. Sent. 17-5-1681 en 30-5-1682, RAF (by Rombertus

Salverda op 'e Doele). Yn maaie 1681 is er syn suster Walckien 1200 c.g. oan kost en ynwenning

skuldich (TT 29-5-1681, GAL). Yn in net-datearre brief fan foar 1662 skreau Walckien

oan har suster Geertruit: "wat ons Symmen aengaet bedroeft mij seer om te hoeren wenste dat

gy daer wat meer geselscap aen hadt" (OBW 856, GAL). Sjoch fierders Breuker 1982b,37 oer

tydlik ynwenjen om 1664 hinne by de stuolmakker-rimer Claes Pieters Hoeckstra.

408. Foar it troch Halbertsma oanhelle oardiel fan Hoynck van Papendrecht (1743), dy't syn útwreide

werútjefte fan 'e brieven fan Viglius dermei ferantwurde, stiet yn de achttjinde ieu de

wumkes.nl

549

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!