03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

esp. nov. 1984 en 8-7-1986). Men soe oars ferwachtsje dat GJ skreaun hat op in massaal fersprate

ôfbylding, lykas in print.

386. Feitsma 1974,563 rekkenet it fers om de oey-stavering yn rigel 20,12 ta de iere teksten, dat wol

sizze dat it foar likernôch 1653 skreaun wêze sil. Nei de ynhâld koe it wolris op in feest by in fredessluting

makke wêze, want yn 19,14 hjit it dat "nu" de oarloch oer is. Op in feestlik barren

wiist ûnder mear de útnoeging fan de harder om mei te dwaan (20,10-13). De frede dy't dan bedoeld

wêze kin, sil dy fan 1648 wol wêze. Om de tiid fan it jier komt dat wol út, want dy waard, ek

yn Fryslân, op 5-6-1648 NS fierd (Andreae 1898,453), doe't de greiden dus yn bloei stien hawwe

sille en it fee buten run (20,12-16; cf. Visser 1988d,62, dy't oan in foarjiersfeest tinkt).

Op de Frede fan Munster waarden gans gedichten skreaun. In bekende samling is Olyfkrans der

vreede (Amsterdam 1649). Ut Fryslân binne my guodden bekend fan H. Neuhusius en T. Gutberleth

yn it Latyn, en fan E. van Bouricius yn it Nederlânsk, wylst ek Joannes Baccamude en

Willem Ipes Velsen neffens de betellingsordonnânsjes fan de Steaten (RAF) elk ien

skreaun hawwe.

387. Yn de brieven oan Gabbema (de âldste is foar 't neist dy fan 19-11-1654; sj. 4.7.2.5) wurde dy teksten

net neamd, al is tekst 51 allinne mar oerlevere troch Gabbema syn útjefte fan de FR yn

1681. Feitsma 1979,528 datearret tekst 51 tusken de Juniana (dy't se op 1650 stelt) en de psalmen

fan 1654. De Juniana binne mooglik fan 1646 (4.7.2.4), mar dochs liket Feitsma har datearring

yn it begjin fan de jierren fyftich wierskynlik. Ynhâld en styl fan de rigels 358,27-35 litte 'nammentlik

sterk tinke oan de psalmen 15 en 91, dy't ik op 1653 datearje (5.3.45.3). De ynhâldlike

oerienkomst sit yn de help yn uterste need (104,14-17), de styloerienkomst yn it brûken fan deselde

gearstalling "holp-myld" (358,29 en 146,12 en 20) en deselde wurden ("schuwlsluwppjende";

358,34; "dat oer schuwll' leag-loer't,/ Dat slijppjend' sluwpt"; 145,11-12). Justjes

fierderop stiet yn 359,24 "ruwn-inckele trouwhertigheite" (foar it frânske "la fidélité"), dat oerienkomt

mei "ruwn, inckel" út deselde psalm 15 (103,17). Der liket dus ferbân te wezen tusken

guodden fan de earste psalmberimingen en dizze tekst. Op earderûntstean as de psalmen 15 en

91 soe it wurd "ghe witten" (359,18) tsjutte kinne, dat yn 'e psalmen "mey-witten" is, ek yn sokken

dy't nei alle gedachten foar psalm 91 skreaun binne: Agurs Bea (128,1) en psalm 9

(142,8).

Tusken tekst 51 en de Juniana yn liket tekst 24 (Paris forlittende Enone) datearre wurde te moatten,

want hoewol't dy mei de teksten 51 en 52 (Suwnerlingeforhanlinge) en de psalmen gans fan

de fernijingen yn taal- en staveringsferskynsels dielt dy't Feitsma 1974,179-246 ûndersiket, ferskilt

er dêrfan yn syn oerienkomsten mei de Juniana yn staveringen as -leas (foar jonger -leai)

en lju(e)cht (foar jonger Ijeacht; Feitsma 1974,242 en 306-307). Ik soe dêrom tekst 24 op likernôch

1650 (tusken 1647 en 1651) en tekst 51 op likernôch 1652 (tusken 1651 en 1653) datearje

wolle.

388. It âldst bekende adelsbewiis fan de Vegelins is in wapenbrief út 1507 (Nederlands Adelsboek 46

(1953) 13; ferlykje de korrespondinsje fan de redakteur fan it Ned. Adelsboek mei drs. J. Visser

fan it RAF fan 2-8 en 1-9-1953, yn Gen 510. RAF).

389. Kerling 1985,36 jout it bewiis dat 1591 it bertejier fan Junius is en net 1589, sa't faak opjûn

wurdt.

390. Junius brûkte dy skûlnamme wol mear. Op 'e KB is teminsten in anonym hânskrift Flagitium

Batavum (133 M 108), dat oan de hân fan skriuwen te sjen sûnder mis fan him is. De auteur

neamt him Nadabus Agmonius, wat ek nochris yn goud op it efterplat stimpele is. It boekje, dat

oer de striid tusken Maurits en Oldenbarnevelt giet, bestiet út twa parten: it iene tsjin Maurits, it

oare foar him.

In ferklearring fan de skûlnamme jout M. Tydeman yn in brief oan E. Wassenbergh fan 28-2-

1804 (Hs 1326.PBF): "Waarom noemde Franc. Junius zig Nadabus Agmonius, bl. 185 [fan Wassenbergh

1802] zijn vader had die naam gebruikt in 1588 ... waarom? Om zijn Fransche

naam in het Hebreeuwsch uit te drukken. Naamlyk Nadab beteekent vry: Franc: Francois:

Franciscus en Agmonius beteekent van eene bies: om zijn Fransche naam Du Jon, nemende

als was hij du Jone: de Junco: van den Bieze. Dit dunkt my waarschynlyk".

391. Op 'en nij útjûn troch Feitsma 1956b,96-97.

392. In argumint foar uterlik 1654 dat Siebs net neamt, is de datearring fan it foarwurd fan de Observationes

op 1-2-1655, doe't it hiele boek dus al printe west hawwe sil.

547

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!