03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

'y' Dordtske Synoade as kearpuntyn de godstsjinstich-politike machtsstriid ferwiis ik nei Breuker

"\ 1984c,418 en de der yn noat 27 oanhelle stúdzje fan W.Th.M. Frijhoff yn BMGN 98 (1983)

* Sjoch ek 4.3.7.2.

378. Ik haw opkomst en ferrin yn it brúken fan Radbod yn poëzy net krekt neigongen. Yn Gutberleth

syn Poëmata (1667) wurdt er neamd op de bledsiden 48, 66, 82, 89, 95, 104, 233, 248

259 en 262.

379. It sitaat en de meidielingen oer Den Bosch/Breda en de Eastyndyske Kompanjy komme út it

deiboek fan Willem Freark oer 1643, it earste dat bewarre is (KH; transkripsje drs. J. Visser).

Neier ûndersyk nei opkomst en sprieding fan de anti-hollânske mentaliteit yn Fryslân yn 'e

Unytiid is tige winsklik. Ek oer de ferhâlding fan oare gewesten foar Hollân oer is my gjin

stúdzje bekend. In inkelde opmerking stiet by Boogman 1962,96 oer de frustraasje fan in Gelderske

ealman om 1650 hinne en by Groenveld 1984, 60 e.f. Beide stúdzjes binne fan belang

foar it algemiene ramt.

380. It spotdicht is meidield troch J. Dirks, FVA 1861,44-45. Hy hat it oernommen út Extract uyt den

Heeren-Feenster Almanak op 'tJare 1651. It iennichst bekende eksimplaar fan dy almenak (yn A

3315,1651; PBF) sit it net mear yn. Fonteyne waard der op 22-11-1650 troch Deputearre Steaten

mei 100 ryksdaalders om beboete, mar dat kin wolris trochstutsen kaart west hawwe, nedich om

it politike gesicht te reden yn de algemiene anti-stimming tsjin de Prins buten de provinsje, sels

oant yn Seelân ta; dy wie úntstien nei syn dea op 6-11-1650 NS en it bekend wurden fan syn

plannen om yn oerlis mei Mazarin tûzenen frânske soldaten nei ús lân te heljen. Oanfierd

troch Willem Freark, dy't neffens Kernkamp 1943,120 syn neef oanset hie ta it ynnimmen fan

Amsterdam, wie Fryslân de earste dy't oanstie op amnesty foar de helpers en riejouwers fan 'e

Prins. Ik ùntlien dy bysûnderheden oan Haagsch Winkel-Praatje, in pamflet dat útjûn waard

"Tot Leeuwarden, By Glaude Fonteyne, Ordinaris Drukker van de Vriessche Almanack /1651".

It is in petear tusken in Sieu, in Hollanner, in Grinslanner en in Fries, dúdlik bedoeld om de

miening yn Fryslân te beynfloedzjen: de Fries beheint him ta it stellen fan sokke fragen, dat de

oaren har anti-prinslike opfettingen fan alle kanten taljochtsje kinne. De ferwizing nei de almenak

(oars stiet der yn it ympressum altyd wat oars, lykas "Boeck-Drucker der Staten van

Frieslandt") en de ferkearde sta vering fan Fonteyne syn foarnamme wize neffens my wol út, dat

it adres fingearre is. Groenveld 1967 neamt it pamflet net en giet ek net yn op de ferhâlding

fan 'e gewesten foar Hollân/Amsterdam oer.

381. Neffens Sluijter 1981,62. Buten Nederlân waard it tema net folie brûkt, in bewiis namste mear

dat it in politike bedoeling hie. Sjoch foar in ynternasjonaal oersjoch fan tapassingen yn 'e

skilderkeunst Pigler 1956 II, 166.

382. Alhiel wis dat it Philip Ernst wie, en net syn soan Hessel, dy't Huygens in eksimplaar fan 'e FR

stjoerde, is it net. Sjoch 3.2.1.1.1.2 (68.1985.10).

383. Faaks hat Gabbema it famke fuort by him thús hynsteriden sjoen. Hy wenne yn 'e Nije Easterstrjitte,

hja by de Oksekop. Har âlden en de famylje Glinstra-Bouricius wienen buorlju, teminsten

yn 1677 (Gen. Jb. 1966, 92).

384. Doe publisearre Nyenborgh in drompelfers foar Sibylle van Griethuysen yn har Hemelsche

Troost-Borne. Brouwer 1941,57, dy't tinkt dat se elkoar earst yn 1654 kinnen leard hawwe, moat

dit fers ûntkommen wêze. Tekst 65 (414-415) moat it gedicht wêze dat GJ op 12-12-1656 oan

Gabbema stjoert (338,4-8). Dat komt net allinne om de tiid út (it waard yn 1657 publisearre),

mar ek omdat de ynhâld fan it fers mei titelblêd en foaral ek titelprint (dy't fierhinne de wurden

fan it titelblêd nochris jout) fan Nyenborgh 1657 oerienkomt. De PBF hat in eksimplaar fan it

earste katern fan de folio-útjefte út 1656 fan dat boek (Pc 1417), dêr't titelprint en titelblêd

op steane.

385. Tekst 63 (411) sil fan likernôch 1651 wêze, as it gedicht teminsten úntstien is, doe't de jonge prins

noch in poppe wie. It Iconographisch Bureau yn Den Haach hat tsien ôfbyldingen fan Willem

III (berne op 14-11-1650 NS) as bem fan likernôch rwa oant seis jier dokumintearre. As poppe

komt er dêr net mear op foar, al hâldt syn mem him noch al heal en heal yn 'e earmen op in

skilderij fan (Willem?) van Honthorst út 1652 (ôfbylde yn de útstallingskatalogus De

stadhouder-koning, nr. 53). Aldere portretten binne net bekend, ek net op it Keninklik Húsargyf

of by it Projekt Boekillustratie Noordelijke Nederlanden (RUL) (meidielingen fan 4-6-1986,

546

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!