03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

iolds, Israels Gebedt (Bolswardt 1660). Yn syn biblioteek sieten "veele schone en voortreffelycke

engelsche autheuren" (Amsterdamsche Courant 11-10-1695).

346. Op in liening fan 400 c.g. tegearre mei syn sweager (1654, Bols R16,258, RAF) en in bedrach fan

96-12 út ca. 1658 by Elsevier yn Amsterdam (Van Eeghen) nei, binne Haringhouk syn skulden

féstlein yn de hypoteekboeken fan 1673 en 1674 (Bols C C 15, RAF). De âldste skuld dêre is út

1662 (200 c.g.), dan guodden út 1666 (500 gg.) en 1668 (1000 c.g.) en fierders frijwat út de jierren

1670 en 1671. Ds. Reen, dy't him it measte liende (mear as 2000 gûne, ek de 1000 c.g. op 1-6-1668)

waard yn 1681 de skuld foldien, mar oare skulden, mei elkoar hast 2000 c.g., bleaune

iepenstean.

347. Noch te neamen is Jan Lubberts Ostel, omdat dy nei GJ syn dea fâd oer Antie Arjens waard, al

is fan kontakt mei GJ neat bekend. Ostel wenne sûnt oktober 1662 as weeshûsfâd te Bolsert

(DTB 147, RAF) en waard yn it lést fan 1666 skoalmaster te Kimswert (skoalmastersoantekens

H. Sannes, FA).

348. Syn bertedatum ha 'k ôflaat út syn horoskoop út 1607 (yn 9056 HsKK, PBF). De boeken dy't

syn soan Renatus yn 1626 te Frjentsjer ferkeapje liet, soenen wolris (in part fan) de biblioteek

fan syn heit west hawwe kinne (Frj HH, RAF).

349. Frederik Stellingwerf (Bolsert ca. 1590 - Snits 1622) wie in soan fan de Bolserter notaris, dy't

sûnt 1601 ek sekretaris fan Hinnaarderadiel wie, Pieter Andries (Bols CC1,66; id. VI,40, RAF;

ASF 921 (1606); Resolúsjeboek Hinn 1589-1611, GA Littenseradiel, Wommels). Frederik festige

himyn 1612as advokaat te Bolsert (C 129, GAL). Sjoch oer him S. Galama 1956,85 en Van Berkel

1985,426-427.

350. Foar G. Aeltius, Querela Pacis dat is Vreden-clacht (Leeuwarden 1612).

351. Geestdorp, op 31-5-1626 ynskreaun as studint te Frjentsjer, wie yn datselde jier troud mei

Rinckjen Tiedes van Dam, suster fan ds. Daniel van Dam. Nei syn stúdzje yn 'e teology waard

er nei klassikale eksamens talitten as kandidaat-dûmny op 1-2-1629. Hy waard dûmny yn

Idaerd. wannear krekt is net bekend. Op 30-6-1631 stie er dêr yn alle gefallen al. De krekte datum

fan syn ferstjerren is net bekend. Halbertsma 1827,364 en oaren nei him jouwe 25 july 1646

op, dat op 'e grêfstien stean soe, mar R.S. Roarda (Copieën elders 6204 = Roarda 10,42, RAF)

hat krekt it begjin fan it grêfskrift net léze kinnen en al op 22 juny 1646 waard yn it stjerhûs de

akte opmakke (ld J 7. RAF). Sjoch foar mear biografyske bysùnderheden Breuker

1980d,43-44.

352. De ynhâld fan dizze noat is as op himsels steande ynventarisaasje fan materiaal ùnder de Bylagen

opnommen (10.1).

353. Roarda 10, 42 = Copieën elders 6204, RAF

354. Begjin 1643 wie Rippertus Sixti om redenen dy't net neamd wurde yn 'e magistraatsresolúsje

en dêr't ik fierders ek net om socht haw, foar trije wike út syn tsjinst set. Hy wegere oant trije kear

ta foar de tsjerkerie te ferskinen, "t'elkens voor antwoort gegeuen dat de kerkenraed soo iong

waeren om bij hem te komen als hij bij de kerkenraed etc". Dêroer sprieken út namme fan de

tsjerkerie Wiglius Cornelius en ds. Joh. Vomelius de magistraat oan (M 3, 5-5-1643, GAL). Fonteyne

krige spul mei Vomelius, dy't syn buorman wie, doe't er yn 1648 by de ferbouwing fan syn

hûs útstekkende listen oant foar Vomelius syn hûs meitsje liet (Def. Sentbk 29-8-1648, GAL;

Hof WW 39,13-3-1649, RAF). It giftige kwatryn dat er doe op syn gevel oanbrocht, moat wol op

Vomelius slein hawwe (Breuker 1980c,182; Sibylle van Griethuysen befrissele it yn de Heimische

Troost-Borne fan 1651), lykas ek in strofe yn in drompelfers fan sines foar it boek Verdedinge

van de weerdicheydt des H. predick-ampts fan ds. Ph. Koëller, dat er yn 1653 útjoech:

Maer, wee! oock ijder Predikant,

Die, huych'lend, leydt een laster-leven!

Werdt hy verachtlijck aen-gherant?

Hy heefier oorsaeck toe-ghegeven:

Wel hem! die nae haer woorden doet

Maer, voor haer Wercken sich behoet.

355. Couperus hat twa lofdichten yn Brakels Het geestelijck leven (twadde útjefte, 1649), dêr't er him

yn priizget boppe ien dy't wol moai skriuwt, mar der net neffens libbet. Dat wie yn 1675 ek syn

wumkes.nl

543

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!